Trettjin is it ûngelok,
ho, in swarte kat!
Net ûnder dy ljedder troch,
oars dan bart der wat!
Sân dat is in moai getal,
hoefizers op ’t stek.
Diggels bringe frijwat lok,
klaverfjouwer ek.
Houten hannen krijst fan slaan,
kofje jout read hier.
Lige? Fuort in lange noas,
is it ûnsin of is ’t wier?
Oer it tegelpaad nei hûs
brûkst de tredde nea.
Nei tsien stappen hinkelje,
want oars giesto dea.
Op ’e trep nei boppen ta
litst de fyfde frij.
En fersinst dy al in kear,
dan moatst op ’e nij.
Is it wier of seisto faaks:
‘k leau it foar gjin stoer!
Is it bygeloof of net.
Hoe tinksto deroer?