A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

By pake en beppe

troch: Janneke Spoelstra

Troch it sydrút
sjoch ik pake sitten
mei syn âlde holle
op syn âlde hân.
De earmtakke
op ‘e leuning
fan ‘e stoel.
Syn knipperke
nei it waarmiten
fan tolve oere.
Beppe sit te
puzeljen yn har
stean-op stoel.
As se de sketdoar
hearre, skuorre se
beide de holle op
en wiuwe nei my.
Ik stap nei binnen.
Wylst pake him
de sliep út ‘e eagen
faget, seit er:
‘Sa’n hazzesliepke
docht jin sa goed!
No fiel ik my wer
fiifentweintich.’
‘En dan bin ik’,
laket beppe, ‘wer
ienentweintich, seker?’
Ik sis: ‘Wat haw ik
in jonge pake en beppe.’
net earder publisearre