A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

By de boadskippen

troch: Jurjen van der Meer

Se sochten earst alle beide
om in lege doaze.
Hy seach ‘m earst
mar ús mem mocht ‘m ha.

Dêrnei stie er tafallich
gewoan efter mem by de kassa.
It wie drok,
se moasten der leau ‘k
frij lang wachtsje.

Bûten, op it parkearplak,
hat er de doaze
ek noch efter yn ús auto tild.
Dêr hat mem syn nûmer krigen.


Juster ha wy om nije klean west.
Foar mem en foar my.

No is se yn ‘e badkeamer.
Se tuttet har op.
Ast stil bist
kinst har sjongen hearre.
Mem bliid.
Ik bliid.


Se advertearje der noait mei
mar mem
helle har nije freon
gewoan by de Aldi.

 

út: FeRsefariaasje, 2007

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.