A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Bûtensteander

troch: Carla van der Zwaag

Fier fan hûs
wenje ik
tusken iken en boeken
yn it nullebosk,
dêr’dt de kjeld
it masterskip fiert,
dêr’t woartels tusken
bemoaze stiennen húzje
en trochbûgde tûken
farske snie heine.


Ik ierdzje wol
mar myn tinzen
binne yn myn heitelân.


As op in midsiuwske pynbank
fiel ik my ôfgryslik fjouwerdield.
Ik doch krekt oft ik it net fernim.
Mar der binne oaren
Dy’t dat net talitte.