A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

bûten komme

troch: Kate Schlingemann

ik wol yn ien kear
oer de muorre, sûnder earst
op in ljedder wankeljend de knokkels
fan myn hannen wyt te knipen
(witsto wol dat ik dy elke dei
neisjoch fanút myn souderraam
heech as de fûgels)
mar de muorre
rint oeral tuskentroch, ik woe
dat ik twa wjukken hie, de wyn yn ‘e rêch
ik soe fleane, sile, myn earmen wiid
ljocht as in plomke
delkomme op dyn skouder, myn kopke
tsjin dyn wang
myn hiele snavel ferdwine litte
yn dyn krollebosken
oant ik mei beide fuotten
stevich op ‘e grûn, sûnder de knokkels
fan myn teannen wyt te knipen, mysels
fêsthâlde kin, bûten bin
net earder publisearre