A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Broers

troch: Berber Spliethoff

Broers… ik begryp der faak gjin jota fan!
Nim no ús Tseard,
dizze wike 16 wurden.
No… as ik 16 waard,
wist ik it wol!
Dan woe ik in stoere brommer ha
en in ‘coole’ learen jas.
Mei in famke efterop
en dan in bêste straal gas!
Skeure mei myn maten,
troch de hiele stêd.
Jûns nei de disko,
dat like my wol fet!
Mar wat freget er foar syn jierdei?
In boek en in nije tas.
Je soene ‘m dochs fergrieme,
in sultsje earste klas!
Dan myn broer fan 20.
Ik woe dat ik 20 wie!
Soe ‘k in wrâldreis meitsje,
tegearre mei myn freondinne.
Reizgje nei Austraalje, Afrika,
Alaska miskien.
‘k Die mei oan hûneracen
en ‘k wun fan eltsenien!
Jûns sjonge bij it karnpfjoer
rnei wolven op ‘e loer.
De heechste berch beklimme,
dat like my wol stoer.
Mar menear, dy wennet
noch bij Heit en Memmy thús.
Leit langût yn ‘e stoel.
Kin it wurd ‘famkes’ net iens spelle!
Begripe jim no wat ik bedoel!?
Út: argyf FeRsefariaasje