A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Bril

troch: Berber Spliethoff

Ik moat in bril.
Ik kom der net mear ûnderút.
Ik kin roppe en raze mar
mem bliuwt by har beslút.

 

‘Mei ik dan teminsten linzen,
Sa as elk normaal mins.
Ah mem, please,
dat is mijn grutste winsk.’

 

‘Derfoar bisto noch fierstente jong.
Kom set dy bril ris op dyn noas.
Sit er goed by de earen?
Och leave, sjoch dochs net sa boas.’

 

Brilleholle!
Ûlekop!
Wier,
ik set dy stomme bril net op!

 

‘Hy stiet dy prachtich!’ ropt mem grutsk.
‘Do likest der suver wizer troch!’
Fantastysk: wizer,
krije wy dat ek noch.

 

Mar de brilleman kaam mei in goed idee.
Ik krige der ek in sinnebril by.
Ja, fansels, in sinnebril,
dat past hielendal bij my!

 

No sit ik mei in sinnebril op yn ‘e klasse.
en elk dy hâldt him stil.
Want sis no sels,
wa hat der no sa’n coole bril.

 

net earder publisearre

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.