A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Brief oan de presidint

troch: Tiny Mulder

foar Amnesty International
Juan Valdez, hear Presidint,
is al salang ferdwûn.
Syn frou speurt no al fjouwer jier.
Se hat him nòch net fûn.
Soldaten hellen him fan hûs
‘O, hy is sà werom.
Gjin soargen, frou, moarn komt er wer.’
Juan kaam nea werom.
Se frege op it plysjeburo
en oan de generaal:
‘Wêr sit myn man, wat finzenis?
It andert is bretaal:
‘Wy witte fan gjin man fan dy.
Do bist ús slim ta lêst
en sangerst nochris oan ús doar,
dan sett’ wy dy ek fêst.’
No pleagje jo soldaten har.
Nachts komme se te sjen;
se skuorre alles oer de kop
en slaan har en de bern.
Valdez wie tsjin de diktatuer;
dat hat er lûdop steld.
My tinkt dat wie de man syn rjocht.
Hy brûkte nea geweld.
En no fersykj’ ik jo beleefd,
op grûn fan minskerjocht,
om frijheid, daliks, foar Valdez.
Às er noch libje mocht.
út: argyf FeRstival