troch: Tsjêbbe Hettinga
Tusken de griene kliffen, dêr’t de hege see Mar, is it tij fan tiid ferrûn, en troch de bern (út: Hjir, nu. 5/1987)
De oester fan ‘e woeste kust útslikket,
Smite derten bern wite stiennen yn it
Blauwe wetter, rynsk, as winsken fan
Nea te sinken yn ‘e altyd winkende dea.
Boartsjend op it ferbreedzjend strân, besongen,
En binne de niis yn sinne en wetter smiten
Stiennen, lykas harren plûmp, fergetten
En droech en deadsk, dan ropt de leafde fan in do, in ik.