It baarnt yn ‘e fierte
wy kinne net helpe
wy sjogge hoe’t pleatsen
platlizze en minsken gûle
Wy hâlde ús muorren wiet
hoopje dat de wyn net draait
mar as de wyn malket
rinne de fjoeren
As ús pleats baarnt
sil ek buormans spul baarne
en dy syn buorman en dy sines
oan de doarpsrâne ta sil alles baarne
Wy fiele de gleone gloede
sjogge it fjoerspoek kommen
mei de hannen yn de bûse
is der gjin ûntkommen
De wetterslangen lizze opskoattele
nimmen kin by de kaai
foar úttraapjen
binne te min fuotten
As it spul plat leit meie wy hoopje
dat wy it wer opbouwe kinne
mar wy witte yn ’t foar
dat der foarearst gjin stiennen binne
út: FeRsefariaasje, 2001