Alle moarnen om sân oere
stean ik lang ûnder de dûs
lit it wetter oer myn wangen rinne
yn gedachten bin ik fier fan hûs
‘k Dream dan fan de gekste dingen
‘k tink dat ik yn Spanje bin
of in lân, noch helte fierder
dêr’t it hearlik waarm wêze kin
Dêr op it strân, rin ik allinne
sûnder dat ús heit of mem der is
want as ien fan har der by wie
kaam myn dream net út, dat ’s wis
Dan komt Bouwe út ‘e heechste klasse
as in stipke oan de hoarizon, fan fier
stadich dizze kant út rinnen
witst wol, dat is dy jonge mei dat swarte hier
Mar as hy my mei syn brune eagen
allemachtich leaf oansjocht
en krekt sizze sil: ‘Hallo ju,
wat hat dy hjir samar brocht?’
draait ús heit de waarme kraan ticht
ropt fan ûnderen: ‘Komst der ek ris ûnderwei!
Der binne mear dy’t dûse moatte,
do hoechst net de hiele dei!’
Us heit en dy moasten ris witte
dat ik sljocht op Bouwe bin
Yn in sucht bin ik ûnderweis nei skoalle
dêr’t ik him miskien, ja hiel miskien, wer treffe kin
net earder publisearre