A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Bokkepraat op geitepaad

troch: Ytsje Hettinga

Dêr rinne wy dan tegearre lâns kastielen mei
iepen lûken om ús lûd te fangen. Brêgen
nûgje ús en sânpaden freegje om ús
fuotprinten. Treurwylgen hingje rûngear
oer de fiver mar binne net yn mineur
se laitsje nei it wetter dat werom glimket.


De bok oan it tsjoar soe lykas ús ferdivedaasje
ha wolle. Dûnsjend de wrâld temjitte mei
inkeld in rêchsek fol wetter en in pet
op de hoarnen tsjin de sinne en om stikem
nei geiten te gluorkjen om it willefeest te fieren.



Hiene we de sinnebril op hoe soene wy dan
de kleuren fan hynsteblommen op wearde
skatte en it ljocht bedjipje fan reinbôgestrielen
yn fonteinen mei de hope dat der nea gjin
ein komt oan de stream en de kuier
fan twa minskebern mei praat dêr’t
gjin tou oan fêst te knoopjen is.