troch: Joke van Leeuwen
Der wiene ris dames, der wiene ris hearen, Se wisten sa’n soad en ek sûnder mankearen, Se tearden it nijs en se tearden reklames Se seine: Wat moai (út: FeRsefariaasje – 60 jier Ferstival, 2002)
dy wiene beneamd om my dingen te learen,
earst oer alle lannen en doe oer de seeën,
dêrnei oer de reuzen en oer de Pygmeeën.
mar net om fan kranten in boatsje te tearen.
Och, seine dy dames.
Och, seine dy hearen.
Jou ús mar wat kranten
om boatsjes te tearen.
mei kreas klaaide hearen en healbleate dames.
Se tearden berjochten oer droech en oer damp,
oer fuotbal en keatsen, oer oarloch en ramp.
Mar ‘t slagge dy dames, mar ‘t slagge dy hearen
net ien kear fan kranten in boatsje te tearen.
om safolle te witten!
Mar boatsjes, dy boatsjes,
dat is ús ferjitten.