Us mem dy blogt.
Se blogt en blogt omraak.
Om’t se sels neat belibbet,
binne wy de sjaak!
Switplakken, ekseem,
in sjenante falpartij.
Wa’t ik tute yn in gekke bui.
Alles komt op de blog foarby.
‘Hoe sjenanter hoe ynteressanter!’
ropt ús mem de hiele dei.
En dan it alderslimste;
elkenien lêst mei.
Mar sûnt koart bin ik flogger.
Ik filmje mem yn elke situaasje.
Rydt mem tsjin buormans auto oan?
Meitsje ik daliks in reportaazje.
Leit mem snoarkjend op in kessen?
Dan meitsje ik in prachtich shot.
Mem siik? Dat wurdt in ynterview:
‘Fertel ris mem? Fielst dy no ek rot?’
‘Hoe sjenanter hoe ynteressanter!
’ rop ik de hiele tiid.
Us mem dy blogt net mear.
Mission complete!