troch: Auck Peanstra
Us beppe hat in sykte, Se skarrelet mei in griper Us bepp’ is aktiviste, Hjoed seach ‘k har wer rinnen, Se wol my ek bekeare. Ik tocht: no moat it wêze! ‘Hee, beppe, ‘k wol dy sizze, (net earder publisearre)
of, no ja, ‘t is mear in kwaal.
Us beppe siket blikjes!
Net te leauwen. Abnormaal!
en in sek by berms del.
Dy ôffal, dat is harres.
Komt sels ek wol op bestel!
se tinkt o sa om ‘t miljeu.
Foar har gjin plestiktassen,
buorkerijen fynt se sneu.
de skrik sloech my om it hert,
– hoewol’t ik my wat skamje –
ik die krekt of koe ‘k har net!
‘Do kinst wol in kearke mei.
Tegearre, dat giet hurder,
Dan sett’ we mear út de wei.’
Sizze hoe’t ik deroer tink.
Ik socht om goede wurden
en sykhelle eefkes flink:
‘t is goed dat beppe soks docht.
Mar… ik haw eins wol leaver
dat net ien dy dêrby sjocht!’