A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Bitterswiet

troch: Tiny Mulder

bitterswiet bitterswiet
priuwt dit lytse leafdeliet
sil dyn ear ’t wol ienris heine
as de fine drippen ’t reine
reine litte oan dyn blinen
silst it hearre as de winen
flaikjend om dy hinne strune
harkest?
hark yn alle tunen
strykt de wyn op ’t spinnetried
bitterswiet dit leafdeliet
wurden?
wurden hat it net
’t ienlik en ûnrêstich hert
kloppet sêfter kloppet hjitter
bitter swiet en swiet en bitter
lústret lichter as de amme
lettertekens fan dyn namme
leafste hâld de siken yn
priuw de rein en hear de wyn
fiel de drippen hein dit liet
bitterswiet bitterswiet

(Ut: Bitterswiet. Samle fersen, 2001)