Bisto ek sa fiis fan sprútsjes?
Hurde stikjes yn ‘e snert?
Lytse klútsjes yn ‘e joghurt,
fan oliven, grien en fet?
Hast in griis fan deade miggen,
‘t luchtje dat dyn tante brûkt?
Folle pampers fan dyn broerke,
heit dy’t mem oan tafel krûpt?
Hasto ek it mier oan tuten,
dat dyn wang der fiis fan plakt?
Kâlde fingers fan dyn pake,
master dy’t in snotsje hat?
Moatst neat ha fan grouwe pûkels,
fette minsken op it strân?
En om sa mar read te wurden,
fynsto dêr ek fet neat oan?
En de grutste argewaasje?
As mem seit: It giet wol oer
foardatst in âld wyfke* bist, bern.
No, wurdsto dan ek sa poer?
(*of mantsje)