immen hat him deljûn yn de koetsjekralen tunen
it is de wyn, as in lekken
tin en wyt
fannacht wie er in stoarm
dy’t oer de seeën song
en foarmen yn de wolken blaasde
roerlings oer de krunen jage
fan bosken frjemd en fier
immen hat him deljûn yn de stêd
it is de sinne, lyts en read
as in cherrytomaatsje
beskieden strykt it ljocht oer de balkonnen
út keukens, swiet, kringelje stimmen en
elektryske gedichten en
ferskes út blik
immen hat him deljûn op it balkon
mei in bisteboek op skoat
en tinkt wat is dat moai
twa jonge, reade katten
op in sliepperige klinkertstrjitte
te djoeien yn it ljocht
flonkerjend as goudfisken
net earder publisearre