A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Bist der altyd

troch: Benny Holtrop

nachts
fan út myn waarme bêd
fiel ik dy omrinnen
troch de went
fan myn lea
hear ik dy yn petear
mei myn gedachten
en wit ik dy
oanienwei ûnderweis
oer de núnderpaadsjes
nei myn hert

deis
achtslein troch
de sinne heech
yn de beammen
nimst my mei
nei it foarlân fan
in nij seizoen dat
wy skepen ha
om tegearre
te ûntkommen
oan froast, oan iis,
en neaken stilswijen
want it op ‘e taast
omsykjen bliuwe
en troch de lange
tsjustere ridden fan
it ferline krûpe
dat ûntregele ús
it sykheljen

mar noosto der bist
bloeie de dagen
trillet de kime
fan langst
en rinne wy
net mear fuort
foar in roppige bui wetter