A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Biology

troch: Berber Spliethoff

Twa kear yn ‘e wike is it raak.
Dan hawwe wy les fan De Vries.
Biology, ik griis derfan.
Dy lessen fyn ik dochs sa ôfgryslik fiis.

 

Dy man dy fynt fan alles út.
By de meast ûnskuldige ûnderwerpen keart my de mage om.
Altyd betinkt dy man wol fize dingen.
Wier, hy docht it der neffens my om.

 

Untlede fan kikkertspoaten,
mûzen of in grouwe spin.
Herten, magen of nieren.
Freeslik, wat hy net allegearre betinke kin.

 

‘Och dy plaatsjes sizze neat,’ seit De Vries.
‘Fiele, rûke, hearre dat is it wêr’t it om giet.
Dan ferjitsto nea mear hoe’t it sit.
Dat is wichtiger as wat yn dy boeken stiet.’

 

Lêsten moasten we in each ûntlede.
Sjit ik dêr dus freeslik út.
Woep, flats, splash dêr gie it each.
Spatte samar tsjin it rút.

 

Ik siet ûnder de spetters.
It each dat stoarre my ferstuivere oan.
Ik koe noch krekt de wc helje.
Echt, ik stel my wier net oan.

 

Moarn gean ik nei de rektor.
Ik lit biology falle, sûnder mis.
Ik lear leaver in taal, doch wis- of ierdrykskunde
want biology is it fiiste wat der is.

 

net earder publisearre