Ik hie miskien wat hiel oars sizze moatten
mar de learaar frege ‘wat fynsto it moaiste wurd?’
it gong gewoan even te hurd
en ik sei ‘bikiny’
o se moatte allegear laitsje
en myn wangen steane yn ’e brân
en alle froulju (no ja, hast allegear) lizze dûbel
myn maat dy snikt ‘wêr sitst mei dyn ferstân!’
as bin ik ien of oare famkesgek
dy’t de hiele tiid fan bikini’s dreamt
oer swimpakjes fantasearret ûnder de les
mar nee, nee, nee, sa sit it net!
it hat neat te krijen mei healbleate liven,
ek net mei simmer, strân of wetter
dus ik sis tsjin dy gnizende âldwiven
‘trije kear in ‘i’ deryn, da’s myn favorite letter!’
‘sa moai, in pealtsje en in stipke,’ sis ik ek
dus elkenien leit noch helte hurder slop
‘do mei dyn moai pealtsje mei stip!’
kâld is it swit op myn fjoerreade kop
ik wit, der is mar ien manier om mysels
út dit mâle fjoer te rêden, en ik tink en ik tink
en rop dan, sûnder twivel, út folle boarst
myn nije favorite wurd: ‘knakwoarst!’