A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Beskûl

troch: Jelle Bangma

Yn ’t lange gers, it rêstplak fan alear,
ferskûle tusken hege griene weagen…
Foar elk dy’t oer de wide greide eage
wiest wei, want do bestiest gewoan net mear.

De blauwe loft luts alle dreamen gear.
Allinne wolken dy’t dy lizzen seagen,
knypeagjend nei de fiere lannen teagen,
foarmen mei dy in stil ienriedich pear.

Gjin gers sa heech of silst dy no ferriede,
de blauwe dream sil ta yllúzje liede.
Wannear kaam yn dy feiligens in kear?

Doarmjend troch wrâlden dy’t de eangsten fiede,
sikest nei plakjes dy ’t beskerming biede:
It hege gers, dat rêstplak fan alear.