A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Besite

troch: Berber Spliethoff

Krije wy besite,
Dan sjoch ik dêr as in berch tsjinoan.
Want wat ik ek besykje,
nea dogge ús heit en mem gewoan.


Mem docht dan oerdreaun.
Se stroffelt op har hege hakken om,
wappert mei har lange hierren.
O man, dizze jûn is noch lang net om.


Heit slacht elts op it skouder
en fiert it heechste wurd.
Hy skoddet fan it laitsjen
en hat iten yn syn burd.


En hat ús mem in slokje op
dan gibelt se der fan.
Se knippert mei har teisters
en flirt mei eltse man.


Dan giet de muzyk oan.
Heit soarget foar fertier.
Hy sil efkes in showtsje jaan
en giet los op de dûnsflier.


Dan krûp ik mar gau op bêd
en soargje dat ik dizze jûn gau ferjit.
Control-alt-delete.
Ik hoopje dat net ien dit moarn noch wit.


net earder publisearre

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.