A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Beppe

troch: Elske Kampen

Juster yn ‘e iere moarn,
ik wie noch net fan ’t bêd.
Ynienen gie de tillefoan en
ús mem dy gûlde sêft.
Myn beppe wie ferstoarn,
samar yn har sliep dy nacht.
Us heit dy gûlde net, mar hy
stie stil en bleek by it rút.

Hjoed seach ik even by har,
foar my wie dat de earste kear.
Men seit, it liket krekt as sliept sy
mar myn beppe wie it net mear.
Beppe like noch deselde,
mar dochs wie se frjemd foar my.
Altyd hie se sa’n leaf holtsje,
altyd lake se sa blij.

Blommen stiene yn har hûs,
roazen, swiet en wyt.
Mar fan beppe’s grientesop
bin ik de rook foar altyd kwyt.
Ik tocht, as ik no op har wimpers blaas
mei lytse wolkjes wyn.
Dat se dan skrikt en gappet,
har eagen iependocht miskien.

Doe moast ik hiel bot gûle,
dat hie ik noch net dien.
Dêrnei haw ik noch in skoftke
by har kiste stien.
Wer thús haw ik in kearske baarnd
en yn it ljocht seach ik har gean.
Beppe lake krekt as oars,
yn myn dream bliuwt sy bestean.

út: Dit is it gedicht/Dit is het gedicht, 2012