A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Beppe en ik

troch: Harmen Wind

’t Ljocht is griis, de sinne kâld.
Fannacht is se stoarn, ús beppe.
Juster wie se noch oan ’t skreppen
yn ‘e tún, tachtich jier âld.
Beppe dy’t my ferskes learde
en dy’t mei my spultsjes die,
altyd wat te snobjen hie
en om myn rapporten bearde.
Op in jûn, krekt dizze wike,
liet mem my in foto sjen
dêr’t ús beppe op stie as bern.
Ik seach hoe ’t se op my like:
Sy wie doe ek tolve jier
en se hie myn noas, myn eagen.
Ik wie wis dat se har pleagen
mei har wite, rjochte hier.
En no, dizze nije moarn
moat ik oan dy foto tinke,
stiet dat fanke dêr te winken,
‘k sjoch har yn de spegel oan.
Hjoed wol ik opnij begjinne,
want ús beppe is net wei.
‘k Draach dat famke yn my mei,
en sy lit my net allinne.
(út: Poëzij op ‘e planken, 2007)