A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Beppe

troch: Marleen van Veenen

Do bist net mear
dy dagen binne oer
dat ik nei dy gie
út fan hûs
mei myn suskes
en myn broer
taartsjes helje by de bakker
de bakker by de toer
we krigen elk in helte
oars wie it te djoer


Do bist net mear
dy dagen binne dien
fan boartsjen yn de grutte tún
fan klimme yn it grien
fan guozzeboerd en teltsjebeammen
Jan Klaassen en Katrien
fan tinten meitsje fan it waskrek
wat kleden en in stien


Do bist net mear
dy dagen binne wei
ús mem sei
beppe is ferstoarn
‘t wie juster
oerdei
hjoed meist har sjen
wolst dat
‘t is goed
kom mar mei my mei
ik stie dêr mar
ik hearde neat
hearde neat fan wat se sei


Hjoed haw’ we har begroeven
blommen op har houten liif
ik stie der by te gûlen
hiel stil
as in stôk sa stiif
wêr bisto beppe
sei ik sêft
ik kin dy net mear fine
Omke Hessel hie in ferhaal
oer eartiids
oer it ferline


Do bist net mear
dy dagen binne oer
mar op myn keamer hinget no
in poster fan in fjoertoer
dy hong by dy yn ’t keukentsje
mar ik
ik mocht him haw’
en alle kearen as ik dat sjoch
gean myn tinzen nei dy ta


Do bist net mear
mar eins dochs wol
do bist der altyd by
earne op myn skouder sitsto
en praat ik noch mei dy.