troch: Jouke Douwe de Vries
Ik wenje yn de kast Dan stean ik yn it kier Soms slûp ik troch de keamer, En asto einliks sliepst, Mei in gjalp wurdsto soms wekker Ik wenje yn de kast Dan lis ik hjir hiel iensum
dy’t op dyn keamer stiet.
En ik kom earst ta libben
as jûns it ljocht útgiet.
en blaas nei it gerdyn.
Meitsje ik in lûdsje,
hâldsto dyn azem yn.
krûp ik ûnder it bêd.
Hear ik dy hastich hymjen,
gromje ik hiel sêft.
dan flústerje ik yn dyn ear.
Hiele aaklike ferhalen,
switst oer hiel dyn lea.
en ropst om heit en mem.
Knip! Giet dan it ljocht oan:
en fuort dat ik dan bin.
dy’t op dyn keamer stiet.
En soms bin ik hiel benaud
as ik by ljochtskyndei hjir sit.
eangstich om my hinne te sjen.
Want ik bestean allinne,
omdatsto leaust dat ik der bin.