Wy heukerje de
kraach omheech
en rinne stapke foar stapke
yn in lange slinger
achter de kiste.
Ik mei de blommen drage.
’t Is droech wurden
om my hinne,
sakrekt spielden wy
sawat de tsjerke út.
Te folle bargetriennen
fan sokken as
Evelyn en tante. Noait
nei beppe omsjoen.
De dragers yn it swart
dogge wat se dwaan moatte
en dûmny likegoed.
It wie in âld minske,
aanst kofje mei in gefulde koek.
Ik knyp twa roazen fyn,
sorry beppe.
Beppe yn ‘e stoel by ’t rút,
de hân omheech,
bliid dat ik kaam,
skarrele mei kopkes,
glimke, tee mei koekjes.
‘Do witst net heal
hoe wiis ik mei dy bin.’
Ik lis de blommen del.
Jûn sil ik wol gûle.
út: FeRsefariaasje, 2003