A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Bebiten yn it sâlt

troch: Hein Jaap Hilarides

Op ‘e slypskiif fan ‘e tiid kuierje ik de reed del,
it wettertoerdoarp oan ‘e linkerhân.


Ruilferkavele de spoarhoekjes, de sleatten ticht,
it spoar net mear de line yn it lân.


Yn ‘e beammen it swarte koepeltsje fan ‘e grutte tsjerke.
Op ‘e klok sjoch ik net: it bealgjen yn it fjild is dien.


De pearse dôvenettel en wyt piipkrûd
bloeie yn ‘e wâl fan in drûge sleat.


Op ‘e skuorde boaiem in stikkene skaal
fan in eine-aai sleept út it nêst.


In pear roeken, tsjûgen fan dit skrokke foarjier,
dûke boppe de klaai fan ljocht skraal.


In wite ein fleugelslaat stil op, set de kant út
fan it doarp ûnder de hege wytblauwe loft.


Lange ierappelrêgen, griis opstrutsen seeklaai,
lizze rjocht as in baklat, mei koarte gearen der op út.


Giel as in ferkleurd oantinken, beslipe troch sinne en wyn,
fonket koalsied oan ‘e hoarizon.


De grûn jout al iuwen goud, it doarp keningkeatsers
fan minsken bebiten yn it sâlt.


net earder publisearre

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.