troch: Yttje Cnossen
de beam stiet bryk yn ‘e westewyn stoer yn ‘e bocht bewarret hy in geheim hy wit mear as in oar en hâldt him stil bonkige bast hâldt de kaart tsjin it boarst yn wyt en griis is dêr dy jonge dy ‘t laket yn waar en wyn eltse kear as wy der del fytse de skoaltas op ‘e pakjedrager it tillefoantsje yn ‘e hân de jonge glimket en docht der it swijen ta like âld as wy is hy ferstienne yn in momint wurden ta fossyl oan in brike beam de bast skansearre troch de klap ûnder de beam lizze blommen love en RIP in namme derby en in datum de jonge laket syn wite tosken bleat en stoareaget by ús del nearne nei