By pake baarnde in kearske,
jûns yn ‘e skimer stuts er it oan.
It stie de hiele nacht te skinen,
hy dwêste ’t yn de iere moarn.
Sa’n leaf kearske hat wat noegjends,
flûnkerjend sprekt it syn eigen taal.
Doe’t ik pake dêr ris nei frege
fertelde hy my it ferhaal.
‘Dy lytse kears is in beaken,
in weiwizer yn de neare nacht.
Net samar in gesellich ljochtsje,
nee, bern, dat kearske stiet op wacht.
Dat kearske is foar jim beppe,
jierrenlang wiene we lokkich troud.
Doe’t se stoar, sette ik it kearske,
sy wie yn ’t tsjuster sa benaud…
Ik sei: ”k Lit in ljochtsje brâne,
dan fynsto samar it paad werom.
Altyd sil ik hjir op dy wachtsje,
hoechst mar te roppen of ik kom!’
Stom, altyd noch ha ‘k de hope
dat op in nacht ris de skille giet
en dat myn alderleafste Froukje
hjir by my op de stoepe stiet.’
Der baarnt in kears op syn kiste,
ferljochtet it antlit troch it rút.
Pake sil syn Frouk no wol fine,
aanst blaas ik it kearske út…
net earder publisearre