A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Bang

troch: Elske Kampen

Soms bin ik wolris bang dat
nei in lange nacht hjir alles
oars is foar de grap, allinnich
ik dan net mear snap wat
oaren wol begripe.


Dat stiennen sels net rinne
mar sitten bliuwe yn it paad.
Dat fytsen ride en net remje
as ien trapet en dat elkenien
net foar mar nei in mopke laket.


Dat toarst altyd foar drinken
komt en honger foar it iten.
Dat minsken gûle by fertriet,
sels beukers dat al witte.
En dat swart-wyt dat fljocht
gjin kealtsje is mar ljip.


Soms bin ik wolris bang dat
nei in lange nacht hjir alles
oars is foar de grap, allinnich
ik dan net mear snap wat
oaren wol begripe.