troch: Sigrid Kingma
As ik jûns allinnich thús bin dan wurd ik wolris bang dat in dief hjir komme kin ik stek dan grutte kearsen oan dy baarne lekker lang Mar as ik om my hinne sjoch dan wurd ik alwer kjel wêr’t ik ek bin, wat ik ek doch oeral kinne spinnen sitte dy’t krûpe oer myn fel En as de tonger raast, o nee dan bin ik sa benaud ik set in pot kamilletee en krûp ûnder in tekkentsje dan fielt it wer fertroud Doar op slot, kearskes oan in tekken oer, de tee is set ik sit hjir smûk en sa gewoan wat makket my noch bang? Ik wit it earlik net.