A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Ballet

troch: Berber Spliethoff

De minsken freegje my sa faak:
‘Wat soesto letter wurde wolle?’
Dan helje ik stoer myn skouders op en sis:
‘Wit ik folle.’
‘Do kinst alles wol wurde,’ beare se dan,
‘dokter, rjochter of jurist.
Do kinst ommers sa goed leare,
dat slagget dy beslist.’
Mar ik wol net leare,
ik lit my moai net twinge!
Ik haatsje oeren lang studearjen,
ik wol bewege, dûnsje, swinge.
Ik wol by ’t ynternasjonaal ballet.
Ik wol nei Praach, London en Parys.
Elk dy klapt foar my:
bys, bys, bys…
Ik wol de loft troch swiere,
de haadrol yn Romeo en Julia.
huppeljend op myn spytsen
dûnsje ik nei de takomst ta.
Mar dûnsje dat is net ‘fet’.
Wa wol der no op ballet?
Dus freegest my: ‘Wat soesto wurde wolle?’
Dan sis ik stoer: ‘Wit ik folle!’
(net earder publisearre)