Auto’s dat binn’ eins ûnnutte dingen,
dat stiet hast as in hûs sa fêst foar my.
Gau ferbiede moatte se dy kringen,
allegearre op ‘e izerbult dermei,
dy miljeufersmoargers sûnder ein,
hja binne haadoarsaak fan ‘e soere rein.
Us klasselearaar hat it sels ferteld.
Wol ferdoarje, no ha ‘k it noch net hân,
myn âld fyts stiet wer mei in lege bân.
No moat ik fansels nei skoalle rinne.
“Bringt ús heit my gau mei d’ auto hinne?”
Mei útlitgassen wurdt de wrâld ferjûn,
de loft sit barstensfol mei CO-twa.
Benzinedampen binne net sa sûn,
sa kinne wy net nei de takomst ta.
It oazongat wurdt grutter mei de dei,
’t moat feroarje, dêr kin’ wy net foarwei,
oars rint it mei de ierde hurd nei d’ ein.
Och kremenikes, dat moat ik wer ha,
sil ik efkes fluch nei myn freondinne
en no is ’t waar sa min, it reint mar ta.
“Soe heit my mei d’ auto bringe kinne?”
Foar ús heit is ’t no wat lestich sa,
mar letter wol ik sels in weintsje ha.
Dy learaar kin ’t wol moai fertelle,
hy hat it rydbewiis nea helle.