A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Aurora

troch: Arjan Hut

Wy sieten op in houten bankje oan it kanaal.
De nacht kaam mei in skip
en skolpere as in âlde dream oan ús foarby.
Oan de wynkant stie: Aurora Borealis.

Stjerren ûnstienen en fergienen yn it tsjuster.
Ik sei: It universum is sa ûnhuerich grut en fier
en dochs ha ik dy sjoen.
De stêd dove syn ljochten.
Fjoerflinters by miljoenen wisken út de beammen.

As in trouwe hûn helle ik de hoarizon
en lei dy foar dyn fuotten del.
Do giest te fier, lakesto. Somtiden giesto fierste fier.
Wy sloegen de earms om mekoar hinne.
Sa tichteby as wy wienen. Sa ljocht en sa lyts.

net earder publisearre