Hy went der noait oan, oan dy wyn út it westen,
mar hy moat nei de stêd om syn langstme te dwêsten.
Hy knypt yn it stjoer, en sjocht op ‘e tsjerketoer.
It is freed, njoggen oere, merk yn it sintrum,
de fyts komt op slot, de tas hâldt er by him.
Hy stiet eefkes stil,
wat is it hjir leech en kil.
Mar thús, op ‘e merk yn Surulere,
dêr’t tûzenen libje, laitsje en leavje,
dêr dûnset it libben as muzyk op dy ta,
de kleurige lûden fan Afrika.
En soms stiet it ynienen stil de hiele sêne;
Bob Marley sjongt! Dan slacht de wjerljocht yn,
gûnzet de reggae troch de liven as fjoer,
dûnset yn kleuren de merk fan Surulere oer.
Hjir is alles griis, oant syn Leger des Heils jas.
Hy stoppet de okra fier fuort yn ‘e fytstas,
bliuwt dan by de kream
fan twaddehâns cd ’s stean;
Bob Marley! Foar in knaak kin er Surulere
de lûden fan thús; fan Afrika heare!
Dan flokt ien him út:
Hee, wat dochsto hjir? Sjoch út!
De fuotten swier fan langstme traapje stadich troch Ljouwert.
Hy wol nei Surulere ta wat earder wat gauwer,
mar it is moai wis
dat dat lykas selsmoard is.
Hy libbet no yn frijheid, hoecht net mear te swijen,
mar wat is no frijheid fan fjouwer by trije?
In bêd, in tv
en waarmte fan in cd?
út: argyf FeRsefariaasje