A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Allerbêste

troch: Jelle Bangma

‘k Haw in freon, myn allerbêste
en dat is al sûnt groep seis.
Alles diene wy tegearre,
altyd, ivich ûnderweis.


Nee, wy praten net oer ‘freonskip’,
ja, wy wiene der gewoan.
Fytsten elke dei nei skoalle,
fluitsjend op deselde toan.


Mar doe kaam de Cito-skoare
en dy wie lang net gelyk,
selde skoalle koest ferjitte,
swijend rieden w’ oer de dyk.


‘k Sit no op dy nije skoalle,
’t is wol aardich, dêr net fan,
mar ik mis myn allerbêste,
‘k seach ‘m fytsen mei Henk-Jan…