Op see in skip mei tûzenen stielen doazen yn read oranje, blau en swart yn giel, griis en grien. Op de side yn grutte letters MSC. Achterop de namme fan Zoe*, in famke mei twa goudfisken yn in kristallen…
Op it mêd fan iterij woll’ se graach wat nijs betinke. Elk jier komt der wol wat by om te iten of te drinken. Mar dit is dochs wol wat gek: hâlde s’ ús no foar it lapke? Mei wat…
Alle dagen rint er mei de hûn by ús foar de finsters del nee, dat sis ik net goed hy rint op ‘e dyk en ik sjoch him troch it rút fan it kajút dêr’t ik oan myn buro…
der wie ris in Doede dy’t swart op wyt sei ‘wie ‘k mar in ko dan tocht ik net sa djip nei’ no, dêr ha ik oars wol wat fragen by: hat in bolle net al te folle…
ûnder de sinne flechtet in jonge de holle fol gouden geheimen it wapperjend kleed as wjukken in teare toerswel yn ‘e waarme wyn yn in frjemd lân hellet immen de trekker oer sjit sulveren dreamen oan barrels wjuklam lizze klean…
De hear en de bear dy stiene by in mar de bear socht nei mear en de hear nei in kar De bear seach de hear en rûn op him ta hy hie gjin gewear en de hear alsa De…
knoppen yn beammen laitsje har temjitte in ein fljocht op titelroazen bloeie goudgiel tulpen yn oranjeread sjonge fan it iere foarjier ûnder it reiden himeldak snobbet in fûgel fan syn lêste winteriten de tiidwizer fertelt fan de maitiidsinne op kommendewei…
immen hat him deljûn yn de koetsjekralen tunen it is de wyn, as in lekken tin en wyt fannacht wie er in stoarm dy’t oer de seeën song en foarmen yn de wolken blaasde roerlings oer de krunen jage fan…
‘k Waard berne yn in mesterij mei withoefolle oare biggen. It ljocht wie keunst, it foer wie keunst. Natuer? Dy joech ús stank en miggen. In wrâld fan izer en beton foar my en foar myn lotgenoaten. Myn rôze lichem…
‘k Lis yn ‘t gers, tichtby de roazen, ‘k tink oan dy, myn leave hûn. Djip ûnder my leist begroeven, op dyn tekken, yn ‘e grûn. As wy by de tafel sieten, leidest meastal by myn stoel, want wy wisten…
Der is yn myn túntsje in smûk aardich plakje, dêr mei ik graach wêze, beskûle yn ‘t grien. Mei boppe myn holle, in ticht blêdedakje en deun neist myn lisstoel in kikkert fan stien. Ik foel ris yn sliep en…
foar de tinzen dy’t nachts by my krûpe soe ik de doarren slute wolle want op’e grins fan sliepen slûpe slangen troch kieren en sisterje mei spjalten tonge: oer de skonken mei bosken hier moast dy no net ris skeare…
Alle libben hat in sin oan de ein en by ‘t begjin. Sels al hat men op in jûn, in neefke op ‘e keamer fûn, dat jin nitelet en pjokt, sadat men sa’n bist ferflokt. Earst is dêr in sacht…
Hoe’t ik siferje, ienris, twaris, ik kom altyd op itselde slútstik, der bliuwt gjin duit mear om te fertarren. It feest is dien, de wyn blaast al om noard. Fereale op dizze bleke tún is der ien fûgel dy’t net…