dizze wei bringt my dêr’t wy wiene dochs nea wer wêze sille bylden dy’t foar ’t geasteseach ferskine minge har mei toarnbeiblom en simmer de feart leit stil, ferlitten nimmen saait stientsjes en telt de kringen dyn sylboat heal…
soene de deaden op it hôf, ûnder brike stiennen tusken de keale wylgen harkje kinne nei ús stimmen? soene se skrikke fan de ferwiten dy’t wy inoar om de earen slingerje wy, hittepetitten, gelykhellers en betterwitters sa’t we…
de beam stiet bryk yn ‘e westewyn stoer yn ‘e bocht bewarret hy in geheim hy wit mear as in oar en hâldt him stil bonkige bast hâldt de kaart tsjin it boarst yn wyt en griis is dêr…
klompfol geitesokkefuotten waarm yn kanvfas fytstas stutsen wilens heitebûsehannen traapje Leechlânswei bylâns gazelle sjongt it heechste lied klompfol geitesokkefuotten dûnsje útlitten laam by hikkedaam laket hynstesturtestrik breedút fan ear oant ear gazelle sjongt it heechste lied …
Ik sjoch dyn heale laits en fiel de stien dyn hert is net in lispuzel dy’t ik efkes foar dy ynelkoar set De teepot dy’t ik fan beppe krige foel okkerdeis yn diggels nei it lymjen miste ik in hoekje…
Beselskippe troch skeane streken slachrein boazet hjerst oan ta winter troch neakene beamkrunen daveret treinlûd it bluisterich waar jout ûnrêst yn ‘t liif de tinzen tsjuster as de swarte kat op buorman’s hiem juster skynde de sinne in sân foar…
der brûzet in fûns troch it lân flinterspinnen spanne gouden tiden oer iepenloftspullen en terpebylden yn bûter swimme fisken grinzen oer meidwaan wol ik tusken dûnsjende kij op wolken boartsjend klauterje ik yn beammen dy’t yn ‘e loft…
(Op it Joadske hôf) As jonge beam seach ik se kommen stille froulju yn ’t swart strak, mei sêft rûzende rokken en houterich, mannen mei huodden Ik wie jong en boarte mei har lokken ferwaaide har hier en aaide ûndogensk….
Oan it plusen kleed, alhiel fersliten, sit pake boppe syn klykje ryskipkerry. In inkelde lepfol hellet triljend de mûle, it measte rûgele der earder al by troch. Unferwachts fersjit lâns blomkebehang it koekoekswicht en docht ketting ratteljen, pake de…
It is in toanielstik tink ik in film of in oefening foar as der rampen komme ik sjoch huzen sûnder finsters en doarren sûnder dakken sûnder muorren selfs gebouwen mei ferlerne tuorren en brêgen op it liif yn…
in rêchsek leit ferlitten op it plein de rits as mûle dy’t om siken wrot in raffelich papier rydbosket yn ‘e wyn yn ‘e skoalle sweevje spoaren fan kûgels dy’t troch de gongen fluiten en reade rûntes lutsen op…
op slach wie ik wei fan dyn fluwielen kaft flamjend read dêr op de heechste plank yn ‘e midden rymden ús titels romantysk kaft tsjin kaft wy lienden ús letters wy setten ús sinnen wy joegen ús wurden se…
Ik moffelje myn hânnen djip yn de bûsen fan myn jas. Hy hoecht net te witten…… Hy hoecht net te sjen dat ik…. Hy núndert in wize dy’t ik net ken. Syn grize eagen nimme my hoeden op. Hy…
snoei de tûken by it tredde each blaas de bûnte blêden op in bult lit it ljocht wer streame oant it oan ‘e woartels rikt en bou de klyster in gloednij kleaster sadat er sjongt oant yn de lette jûn…
ik socht strofen yn strjitten en yn stegen sammele sinnen by de singel fandele frazen yn ‘e frjemdte en faker noch ticht by hûs plôke hjir en dêr wat wurden út ‘e berm by de opfeart klotsten de rigels by…
In hûs in pleister oer de skrammen dy’t skrine ûnderweis. In hûs in wrâld om te boartsjen te sykjen en soms te finen. In hûs sa faak in finzenis in doelwyt in needlot. In hûs in nachtlike flecht oer ferbaarnde…
Stram fan oeren sitte yn de izeren fûgel troch de loft lit er him meiglydzje op de rolbaan tusken reizgers. Achter it stjoer siket er in paad de stêd út, jachtet oer fiifbaanswegen. Krijt sicht op lytsere diken, moat wachtsje…
Ljocht en libben is nearne. Mei in tsjuster each loert de keamer. Stuollen swije, houten ribben hâlde de siken yn en wachtsje. Se wolle fan it plak en dûnsje oer de grize triedden fan de jûn. Under de tafel azemt…
Strak falt de stilte as in strutsen lekken stiselwyt oer alle lûd en libben hinne. Hjoed hat de winterfrou it bêd ferskjinne en mins en bist bewuolle yn har tekken. Se sjongt it swarte fjild yn winterslomme en tsjoent de…
ûndergrûnsk yn in metropoal jaget in wjirm troch tsjustere hoalen it liif fol figueren fan ‘e perronnen ûnderweis oeral hinne as wer werom it skriele neonljocht falt kâld oer in man sûnder mouwen de neakene skouders beljochtsje de raffelrânen fan…
ik wol yn ien kear oer de muorre, sûnder earst op in ljedder wankeljend de knokkels fan myn hannen wyt te knipen (witsto wol dat ik dy elke dei neisjoch fanút myn souderraam heech as de fûgels) mar de muorre…
soms wurd ik wekker nachts ‘t is juffer Goedekoop mei har griis fûgelkopke op in swartblomme hobbesek neist myn bêd se seit it is net bard gjin gas gjin fjoer se streaket mei har koarte tomme myn famkeshân dát wie…
Dêr’t ús pake en beppe altyd wenne ha dêrnei haw ik langstme oan ‘e ein fan ‘t libben ta Giest mei de sânreed lâns de beide brechjes oer? Hiel stil no net prate hark, hearsto de natoer? De wylp en…
Oer de nijstêd fan de dagen rinne wy inoar foarby heine hjir en dêr gesichten witte net fan dy of my Iepen boek yn sletten eagen wurge gong op klinkersein wiffe sang op sneon en snein yn gesichten mei ferhalen….
Alle nachten sjoch ik myn freondinne dy’t ûnsichtber is foar oaren, sjochst allinne mar har moaie eagen dy’t bewege. Nee, se is net swart, se is gjin Surinaamse of in Afrikaanse, nee, se is gjin negerinne. Sjochst allinne mar har…
Somtiden, mar eins hiel faak winskje ik sipressen op it sigerige bolwurk, in katedraal mei gouden ljocht en strakblauwe loften boppe âlde platanen. Mar earder binne it seedampen en stive pûsters út it westen wei dy’t my huverje litte yn…
foar Sanne dy’t net swijt do kenst se wol, grif: sy mei har fetfoute air, hy mei syn te goedkeape bril en dy docht krekt wat te populêr. en sy, ik wit net wêr’t it oan leit, omdat se te…
Ik skriuw dyn namme op it beferzen rút dyn namme is tichtby, mar do, do bist sa fier fuort Dan ferdwynt dyn namme troch de izige kjeld Ik skriuw dyn namme yn it sân, de sinne sakket yn it kâlde…
Lit harren harren hynders, nimmen nimt ús de swannen ôf. It boechbyld op ús hûs sil nea yn ierde smoare. Lit harren harren hearskjen, nimmen nimt ús de frijheid ôf. Unstjerlik binn’ de dieden fan wa’t foar ús rjochten stoaren….
It is hjir stil ik moat de lûden sels betinke de roffel fan har fuotten op de trep har stim dy’t foar har út draaft en boppe is foardat har wurden komme of nee de rêst: it spatten fan it…
Do hâldst it libben fêst dyn tiid is, tinksto, noch net om lêsto in frjemde taal yn al dy grimels op ‘t plafond stiet dêr in boadskip faaks dêr’t ik net efter kom Datst oeren, dagen, wikenlang alhiel gjin wurd…
yn stille tochten tsjin sinleas geweld hat er by fakkelljochten tûzenen minsken teld hy sjocht se rinnen ken de eangsten wit fan harren ûnmacht yn it kinnen hy makket it alle kearen mei skonken dy’t skeuvelje mûlen dy’t swije in…
Op ‘e slypskiif fan ‘e tiid kuierje ik de reed del, it wettertoerdoarp oan ‘e linkerhân. Ruilferkavele de spoarhoekjes, de sleatten ticht, it spoar net mear de line yn it lân. Yn ‘e beammen it swarte koepeltsje fan ‘e grutte…
gjin foksen dy’t har snipten op ‘e stôk net in wezeling dy’t har fleach nei de strôt mar it libben sels en wy dy’t wachten op in wûnder domwei wachten op ‘e tsjeaf yn ‘e nacht op it strie ûnder…
Do pakst syn hân en witst dit is ferkeard. Litst gau los en sjochst om dy hinne. Kust feilich. Sêft bringt hy syn hân nei de wûnen yn dyn gesicht. ‘Twa jonges heart net!’ hearst se roppen en de klap…
In pûstige súdwester mei sa no en dan in tichte stower as maat docht foar de safolste kear in wraam op ‘e reiden. Bestive en ferware yn ‘e rin fan ‘e tiid tidigje dy op ‘e lêste linigens. Fansels draaie…
foar Amnesty International Juan Valdez, hear Presidint, is al salang ferdwûn. Syn frou speurt no al fjouwer jier. Se hat him nòch net fûn. Soldaten hellen him fan hûs ‘O, hy is sà werom. Gjin soargen, frou, moarn komt er…
Wêrom in swijsum lânskip oan ‘e muorre hingje dat oars net freget as nei juster en dêrfoar, de fjoerflinter bewarret as fossyl? Myn each swalket troch de rûchte, raffelrânen stikelje de friesloft. Ik preau in tear tegearre fan mimerjen yn…
Wat no? Moat ik mysels moed ynsprekke, opslach fleurich wurde? Moat ik ynienen glimkje, sizze: doch net sa healwiis? sizze: ik leau it is tiid foar in slokje? Stil as iis wiest, iis dat der besletten by leit, kâld, stiif,…
dêr steane se de man de frou hy grut en bonkich sy lytser smel de mouwen fan it grize fest hingje har oer de fingerseinen op klompen is sy lykas hy te rom it toutsje om ‘e mul hâldt de…
Ik miende wier dat ik ferlegen jierren lyn al fuortdien hie. Kreas opteard yn in doaze yn myn kleankast set. Winterskuon der boppe op en flokjes stof. Sa wie ferlegen moai út it sicht en bleau dy doaze foar altyd…
Wy sieten op in houten bankje oan it kanaal. De nacht kaam mei in skip en skolpere as in âlde dream oan ús foarby. Oan de wynkant stie: Aurora Borealis. Stjerren ûnstienen en fergienen yn it tsjuster. Ik sei: It…
´k Hear noch de see yn ‘t rûzjen fan ‘e beammen en as ik myn skulpen droegje ien foar ien priuw ik it sâlt sjoch foar myn eagen wylde weagen rôljen in fiskersskipke wrakselet, wylst oan de einder hast de…
gûl no mar net wês stil stil hearst de wyn wêr komt er wei wêr giet er hinne ierde de tiden fan it jier fine har yn fûgelnêsten yn aaien werom waarm fiel mar moanne wetter it sâlte wetter fan…
Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun, mei hjerstich tried fan reachfyn goud. Ik ha de tonge fan dyn tinzen preaun, en foar dy in himel boud. Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun, mei inket, ynlik read,…
Ik sit wer oan see. It is leech wetter. Skjipperstront plakt oan myn broek. Yn ‘e fierte lizze de pakes en beppes op it tsjerkhôf. Prikkedaam is it wurd dat yn myn kop al fiif minuten wei is. It waait…
In neare jûn, de huzen keare swittend binnenstbûten, de stimmen yn ‘e tunen boazje oan. De loft is swier fan rein. Hy rint sa stadich as er kin, want op syn lippen wol er de earste drippen fiele. By ‘t…
dat it net oars wurdt as ik om dy sykje as de blêden oan ‘e beammen risselje en in wolk in tel foar de sinne skoot dat ik sêft fan leafde blommen yn dyn hier befrisselje en sis: ik ha…
Fredige dei, sa wûnder ljocht, Stil feest fan snie en sinne, Hoe wurde myn tinzen sêftkes brocht Nei de blide tiid fan foarhinne; Lyk sinn’ en snie de keale wrâld, Sa siere dream en dize De teare bylden, jierren âld,…
Oer de earste sleat, en dan in groppe fierder, Dêr waait in ljurk út ‘t dauwich miedlân op. Syn tûfe, as de helmplom fan in ridder, Stiet triljend op syn lytse fûgelkop. It griene lân, dêr’t bûnte bisten rinne, De…
L’Aubisque, Le Galibier. Jawis. Mar dy’t myn berchetappe op ‘e seedyk fan Harns nei Surch, mei bolderige wyn en pûsters as in orkaan, ferlytset ta in traapke fan ‘e mollebultkategory, ik sil him lek stompe litte op basaltblokken fan smeulske…
Ik wit wol, snein is yn prinsipe krekt sa lekker frij as sneon mar sneins dan fielt it krekt as wol dat frije net en krûpt der swier en dreech in skyldpod oer my hinne. Snein fielt as wachtsje op…
Wetter, stien en sân lizze yn de palm fan myn hân koe ik mar: swimme yn de stien drinke fan it sân en sliepe op it wetter mar foar alles is in tiid en plak want slim te begripen de…
hjir leit de see, breed spegeljend ûntwyk foar wa’t de jûn bekrûpt; foar wa’t allinne is, is de seedyk dêr’t jûn op jûn de sinne him fersûpt yn blakstil wetter of yn foarse weagen en tusken dyk en kym sykje…
Wês net bang, do meist opnij begjinne, mei wisberette faasje of yn ‘t blinelân. Wolst de regels folgje, alles sels wol kinne, litst de stipe los of grypst krekt nei in hân. Wês net bang foar al te grutte dreamen,…
Hikspeallen skampjend jei ik oer Mûntsjeleane – swarte ekers, dêr’t seefûgels boppe fleane yn in djip trekkerspoar troch de nije gebieten. Itselde ljocht. Deselde sâlte, lûde lieten. Hjir haw ik yn skoalfakânsjes ierappels socht, it goud selsstjoerend nei de skuorre…
ik bin it wetter benim my net de yllúzje as stoarmen my swypkje te’n lêsten in wâl te finen want ik slach tsjin de dyk klim by basalt omheech wurd ik de djipte ynskuord ik bliuw mysels bats sear tusken…
Noch earder as it iere grien, sil tusken swarte tûken wite huningmûltsjes bloeie, de nije maitiidsloft behappe, har fêstbite yn it hout en dan as losse bernetosken oer de hiemen falle. Noch waarmer as ea ferhalen sizze kinne, sil skielk…
Nea wer seach ik hy dy’t my makke. Hy sette stil en liet my los en sei net hoe’t ik wie en neamde net myn namme. Sei neat oer kleur, oer aard en foarm, oer wa’t ik bin. Syn eigen…
Freonlik de heuvels by Vaison la Romaine, net heger as by ús de dyk, en op it kastiel, as yn ús eigen keninkryk, in ljocht by nacht, om wat net doocht te kearen. Sa sacht dit dodzjen op it balkon….
72 jierren hawwe fan har antlit in print etst yn in noch net beskreaune styl op ‘e eftergrûn geve yn ‘t sâlt bebiten streekjes fan ‘e skol skar en skylfisk dy’t hja yn ‘e rin fan ‘e jierren útsutele hat…
De see wie blau en helder as in spegel De sinne blonk, it wie in waarme dei En sokke dagen lis ik yn ‘e regel Op ‘t strân te slomjen en myn hûntsje mei. Mar diz’ kear net, no syld’…
De skonken binne net mear fan dysels. Wis, se ha dy holpen om fan ‘t bêd te kommen, en binne mei dy troch it keammerke strampele, datst earst de kleden iepen lûke koest. Mar hastich ha se doe de stoel…
de iene hân yn ‘e bûse fan har heite kroltsjejas de oare yn har memme fingermof rinne se nije kûltsjes yn ‘e snie dy’t knerp seit efter de tsjerkefinsters flústerje tûzen ljochtsjes kom mar kom mar en wer en wer…
Novimber Der leit in dize oer it gea yn novimber. Dampich lizze leech de wolken, lânreek dy’t de bou ferswijt. Drippen oan ‘e wynbrauwen, it burd is wiet- in kuier. Bitelân is ‘t hjir, ik fiel de trekkerspoaren oan ‘e…
Yn ‘e kûveuze fan ‘e tiid, as in gladiator yn ‘e aow, fjochtet pake tsjin ‘e ynfaazje fan ‘e eksoaten. Mei broeikaskobben op ‘e siele wiist er syn pakesizzer it paad fan no nei doe: ‘Hjir wie de bulterige seize,…
Wa’t op it eilân Amelân it skeane paad lâns giet, sjocht dat dêr tichteby it strân in âlde tinkstien stiet. De letters binne hjoeddedei hast amper mear te lêzen, mar elkenien op ‘t eilân wit wat oft dêr op dy…
der binne fan dy dingen net te fangen yn dyn hân fier op in ôfstân bewege se en by eltse stap wat tichterby wurde se wei noch nyskes mocht ik skûlje ûnder ien en itselde dak wy praten en wy…
Ek dizze nacht slacht wurch, ferrêde in side fan it libben om. De bisten ha de honger sêde en keare nei de stâl werom. Sa hjir en dêr sjongt no in fûgel syn suv’re sangen. ‘t Ljocht wurdt nij. Djip…
Wat sil dit stee? Sels dit eigenste hoekje skuorre hat gjin weet fan dyn hân, doesto hjir noch wieste. Ek al lykje kopketten, helters en singels har ferhongen te hawwen oan de rongen yn ‘e muorre. Mar sa’t de bankskroef…
(foar Anneke Bron) Ik ha in oare helte it is myn saksofoan. Hy keart my binnestbûten ik lit him myn wêzen sjen. Stadichoan is hy mei my fergroeid. Syn holten waarden hoalen yn myn lea syn iepeningen teisters nei de…
Shakira sjongt foar my de pine, by donkerread behang en sigaret. Hjir boppe leit myn rêchsek klear om foar altyd fuort te gean. De Barbie ûnder it bêd is dea, der is yn my gjin boartsjen mear. Myn mobyltsje swijt…
komme mûzefergifpantsjes út ‘e hoalen, mei lêste keutels skiten of earste fan in nije pleach fiert houtwjirm heechtijdagen sloop in âlde muorre graaf de dampe flier út goai de groppe ticht mar lit it bûthúspaad bliuwe glêdsliten gieltsjes boaiem ûnder…
Wie it dyn mûle dy’t it die? Dyn laits? Begear fan fonkeltosken yn dat noegjend libbensread, gebeart fan langstme en geniet, de tsjoen dy’t dyn gesicht op slach ferljochte? Wie it dyn waarmte dy’t it die? Dyn rook? In soele…
Tusken de griene kliffen, dêr’t de hege see De oester fan ‘e woeste kust útslikket, Smite derten bern wite stiennen yn it Blauwe wetter, rynsk, as winsken fan Nea te sinken yn ‘e altyd winkende dea. Mar, is it tij…
it strân leit as in skierwyt fel papier yn it lêste ljocht de tekening fan hjoed wie mar in út ‘e losse hân opsetten skets wêr binne se bedarre de bliere bern de mei de eagen ticht net mear ferlegen…
sa fredich wie it doe, dy waarme dei doe’t ik siet by dy mei achter ús dat hege tichte reid, der is gjin wei werom seistû en foar ús lei it wetter in akwarel fan jûntiidssinne en letter naamdestû myn…
‘k Wol dizze jûn myn grinzen ris ferlizze aanst stek ik ôf, al is ‘t ek neare nacht. Hoe moat dat no? Moat ik it thús net sizze? Ik ha de moed net. ‘t Komt te ûnferwachts. By ‘t túnpaad…
bitterswiet bitterswiet priuwt dit lytse leafdeliet sil dyn ear ‘t wol ienris heine as de fine drippen ‘t reine reine litte oan dyn blinen silst it hearre as de winen flaikjend om dy hinne strune harkest? hark yn alle tunen…
Op ‘e Ivige Leane wurdt it altyd better, men krijt der hâld oan ‘t fiere grien: De pleats is sichtber, tsien minuten letter fytst men gerûs fan popelieren yn. It ljocht stiet stil en skimerich yn de skuorre. De rook…
foar H Stil lei it grien dêr oer de lege lannen fan kleur fersketten, ‘t jonge gers kroep wei wreed waard it libben skept en brutsen lam stiene wy te sjen sa macht’leas wiene wy dy dei. De fammen gûlden…
hjir leit de see, breed spegeljend ûntwyk foar wa’t de jûn bekrûpt; foar wa’t allinne is, is de seedyk dêr’t jûn op jûn de sinne him fersûpt yn blakstil wetter of yn foarse weagen en tusken dyk en kym sykje…
De wintersinne sakket al geandewei en set de westerkym yn reade gloede. In rider sjit oer ‘t iis mei lange, wisse streken, de jûnloft yn ‘e mjitte. It lege ljocht skept him in skekkend skaad dat him ûnskiedber folget, mar…
Der hat in tiid west sa leare ús de fossile fynsten dat de kontininten fan Grienlân oant Fjoerlân befolke wiene mei reuzereptilen, dinosauriërs, roppige, út har krêft groeide meunsters dy’t wat de ierde opjoech oan beam en plant kealfrieten en…
De bus rydt as in keamer troch de nacht, de wei is rjocht, de dyk leit einleas fêst, lofts de bedimme see, nea yn ‘e rêst, ús útsicht yn it sêfte moanneljacht. Fóar my de jonge krekt noch skearde nekken…
Giesto op reis? Dan giest om wat te finen: in faach besef faaks earst, mar geandewei begjint it garjen. Meastal lytse dingen: in ûnbekende beam, in blom, in fûgellûd, in taal, en njonkelytsen kleuret de sûnt de bernetiid ferblikte keunst…
dy simmers wachte ik fergees op lûden út de swanneblom kroep de sleatswal nei de hikke ta troch gatten yn it ramtwurk fan hout en spikers ferwide him de wrâld seach it hea my oan troch kowefinsters troch gatten fûgellûden…
neisimmerske ljochtspegelingen libellen kruse myn paad kleurich as yn sudliker streken op ‘e rûge tafel ûnder eachweid jout de luchtige siel har del boade fan lichtens en boartlikheid readkleurich it lange liif ik trochsjoch har reachfine wjukken as in mear…
koe dit mar it gedicht wêze dat as in stielen boarstel bjint en krast oer âlde koarsten behang fan muorren skuort it griis beton har geef en neaken liif werom jout fan it waarme hout de ferve skrabet oant eigen…
Doopje dyn pinsiel yn wetter en begjin mei it blau, it sulverblau fan de see dat de sinne heint, mar likegoed donker en driigjend wurde kin as de stoarmwyn oer de weagen raast en feroaret yn manljus-blau, it blau fan…
mangele tusken elemintêre rivalen heechskouderet de dyk, yn duorjend omtinken ferslingere oan kearen en hâlden. see driuwt sâlt yn stiennen pûsten. fan minsken opsmiten basalten barriêre hoedet droech tsjin oanstoarmjend wiet. syn skeppers út ‘e hân rûn bôget er op…
‘t Wurdt hjerstich oer it fjild de wrâld bestillet ta in frjemde dize pleatsen steane der fersille hinne âld en skier en oan de loft hinget in giele sinne in grouwe spinne gluorket nei har bút mar jûns dan fjurket…
hjir stean ik yn it felle ljocht in frjemde dichter hat foar my betocht wat ik hjir sizze kin mar mient hy it goed as wie ‘t in freon hie hy myn byld foar eagen wylst er syn wurden skreau…
der waait in winterwyn om myn bêd grypt my yn gips en stive lekkens in skerpe skjirre knipt myn kontoeren út kreakjend iis stekt yn myn tekkens oan ‘e loft wetterwolken en in kloft grize guozzen mei beferzen bekken beskite…
Leafde is in taal want do moatst wurden fine foar ien dy’t by dy past, oars as dy, mar krekt dêrom, net ien yn ‘t algemien mar de útsûndering, net de offisjele spraak, mar lûden út it persoanlik alfabet, taal…
nachts fan út myn waarme bêd fiel ik dy omrinnen troch de went fan myn lea hear ik dy yn petear mei myn gedachten en wit ik dy oanienwei ûnderweis oer de núnderpaadsjes nei myn hert deis achtslein troch de…
de dize dûnset oer de greiden leit in ljochte tekken oer it gea in reager dikert tusken reiden muskusrotten hoffenje har de lea reidhintsjes hoedzje harren jongen in snoek leit ûnferweechlik hast foar dea karrekiten hâlde in wedstriid priissjongen jûnssinne…
yn ‘e winkelstrjitte krûpst my oan noas tsjin noas each yn each hân yn hân sweve wy op in eilân yn de minskesee de mannichte makket in hage wy sjogge fage gesichten hannen klappe mûlen sjonge earst sêft dan in…
It wie winter en se sei ‘nee’. De jonge hie in nuete krie, dy’t middeis op him wachte. Woe se him sjen? Se sei ‘nee’ en wist net wêrom. Yn har dreamen wienen gjin jonges mei in krie of mei…