Besjoch ek gedichten fan:

A: learlingen ût de earste klasse tmbû B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
Besjoch ek gedichten fan:

Kâld

Winter is op kommen.Ik fiel it oan ’e luchtEn oan ’e wurden dy’t ik skriuw.Alles wurdt klearder: de strjitteIs oan ’e ein ta te sjen.

lês it hiele gedicht

Bûtensteander

Fier fan hûs wenje ik tusken iken en boekenyn it nullebosk,dêr’dt de kjeld it masterskip fiert,dêr’t woartels tusken bemoaze stiennen húzjeen trochbûgde tûken farske snie

lês it hiele gedicht

Gong is alles

As ik wekker wurdstiet myn holle al oan.As in kearnsintrale,as de BrandweerIt giet los! Sûnder ferbânfljocht fan alles foarby.Net by te hâlden.Myn gedachten giselje,oer hjoed,

lês it hiele gedicht

Kamp

Ik lis plat op it liif,sssst, súntsjes!Bewapenemei bûsen folkrûp ik stadich foarút. Pas op!bewaker op de gong.de Jong,fluch, lied him ôfbrûk munysje. Drave!!Kom gaude hoeke

lês it hiele gedicht

Nije jas

Us mem hat in jas foar my kocht.Wyn- en wetterticht.Hy is knalgiel.It is werklik gjin gesicht. ‘Hearlik waarm foar op de fyts,dêr bisto wol oan

lês it hiele gedicht

Krêft

Spierkrêft kin in protte tille, fan ‘e grûn oant himelheech. Mar de krêft ferliest dy wille as ’t yn’t libben dûnker wurdt en dreech. Wat

lês it hiele gedicht

Filmkes

Youtuber wol ik graach wurde,hokker skoalle leart my dat?Lit dat hûswurk mar gewurde‘k meitsje films, sa moai as wat!Wat foar content sil ik meitsje?Hoe skript

lês it hiele gedicht

Rein

Waait it? Falt der in drip rein?Dan moat ik myn reinpak oan.Mem is seker fan har saak.Sa’n pak is ommers hiel gewoan. ‘Nee mem, it

lês it hiele gedicht

Bang

As ik jûns allinnich thús bin dan wurd ik wolris bang dat in dief hjir komme kin ik stek dan grutte kearsen oan dy baarne

lês it hiele gedicht

Neven

Alle libben hat in sinoan ‘e ein en by ’t begjin.Sels al hat men op in jûnin neefke op ‘e keamer fûn,dat jin nitelet en

lês it hiele gedicht

Beppe en ik

’t Ljocht is griis, de sinne kâld. Fannacht is se stoarn, ús beppe. Juster wie se noch oan ’t skreppen yn ‘e tún, tachtich jier

lês it hiele gedicht

Siik

Ik bin noait siik.En dat fyn ik mar neat.Nea in lyts grypke of snipferkâlden.Nea yt ik ris wat ferkeards.   Myn suske is sa faak

lês it hiele gedicht

Swimme

Marchje appte Bouke.Bouke appte Sjoerd.En doe krige ik it berjochtsje ûnder eagen.Ik fielde my fuort beroerd.   Eangstich seach ik de klasse troch.Please stjoer Froukje

lês it hiele gedicht

Fytse

Ik moat altyd nei skoalle fytse.Twa oeren op in dei. Bah!Us heit en mem dogge oft it neat is.Se sizze: ‘Och dat falt allegearre wol

lês it hiele gedicht

Pûkels

Marijke hat in pûkel,in pûkel op it kin.Se sjocht it yn ‘e spegelen krijt in freeslik sin.Se wol net iens nei skoalle.Dêr laitsje se har

lês it hiele gedicht

ADHD

Us heit en mem hawwe my teste littenen no is it dus definityf.Ik haw ADHD.Ik bin no dus ‘drok’ en net mear ‘aktyf’. Us mem

lês it hiele gedicht

Sin oan

Sin oan lekker op fakânsje,reizgje yn it bûtenlân.Sin oan oare minsken moetsje,sin oan sinne, bergen, strân.   Sin oan nije aventoeren,sin oan wille en fertier.Sin

lês it hiele gedicht

Siik

Ik kin werklik hast net prate,ik haw sa’n seare kiel.Al dagen lis ik hjir op bêd,net ien snapt wat ik fiel.   Mem bellet ûnder

lês it hiele gedicht

Flecht

It lân ûntflechtsje op wyld aventoer?Wat dochsto asto net mear feilich bist,do nimst dyn leafste mei, dyn bern. Do witstdyn eigen hûs dêr bliuwt gjin

lês it hiele gedicht

Ingels

Us mem seit: ‘Der binne ingels.’Echt wier, en se leaut it ek.‘Ingels liede dy troch ’t libben.’Mem, tink ik, praat net sa gek. En dan

lês it hiele gedicht

Wat in ezel

Us buorman oan it Kealledykjehie lêstendeis in ezel kocht,mar it bist bleau dwers en net te brûken,wat ús buorman ek besocht. Sa tocht it bistje

lês it hiele gedicht

Ut iten

Mem skoarde ’n nije opdrachtby in hiele grutte klant.En dêrom ieten wy lêst’yn in stjerrerestaurant.   Ik hie der bêst wol sin oan,ite kin ‘k

lês it hiele gedicht

Bril

Ik moat in bril.Ik kom der net mear ûnderút.Ik kin roppe en raze marmem bliuwt by har beslút.   ‘Mei ik dan teminsten linzen,Sa as

lês it hiele gedicht

Myn hier

Us beppe rint der soms wat by,ferfromm’le en ferlept.Mar hat se by de kapper west,dan fielt se har wer opperbest.Us beppe seit fan: permanintdat is

lês it hiele gedicht

Talint

Fjouwer wie ik, doe koe ‘k fytse.‘k Hie myn nocht fan it gerin.Fleurich fleach ik oer de stoepe.‘Sjoch ris memmy wat ik kin?’   Doe

lês it hiele gedicht

Sechtsjin!

jeu, sjoch hjir myn nije blitse scooter,yn ‘e moaiste kleuren: read en wythy hat in hiel geve lûde toetergjin seefûgel dy’t it doart en skyt

lês it hiele gedicht

De stjerren

Hast wolris nei de stjerren sjoen,soesto se telle kinne?Moatst mar ris riede op in jûnhoefolle it der binne.   Hast wolris neitocht hoe’t it sit,sa’n

lês it hiele gedicht

Sportyf

‘k Mei hiel graach yn ’t swimbad lizzeen ik swim ek bêst wol hurd.Mar sa’n startblok en dan dûke?Kram’le nee, dan bin ‘k sa’n tut.

lês it hiele gedicht

Ballet

De minsken freegje my sa faak:‘Wat soesto letter wurde wolle?’Dan helje ik stoer myn skouders op en sis:‘Wit ik folle.’ ‘Do kinst alles wol wurde,’

lês it hiele gedicht

Skuorrekoar

harkhearst dathearst dy lûdsjes sjochsjochst datsjochst dy kopkes moatst net ferwegemoatst hiel stil wêzemoatst hiel goed sjen   jasakrekt sjochst se wol dy kopkeshearst se

lês it hiele gedicht

Pyro-Jantsje

Jantsje mei graach fjurkestokeen sy docht dat dan ek faak!Nimt wat tûkjes en wat houtsjes,fjoer derby: it baarnt omraak!   As lyts famke lytse brantsjes,oaljelampke,

lês it hiele gedicht

Drumme

Ik wol sa graach in drumstel hamei basedrum, bekkens, tromme.It liket my geweldich ta,soe it der oait fan komme? Ik bin pas yn myn elemintmei

lês it hiele gedicht

Fragen

Hoe kin de ierde om ‘e sinne draaieal ieuwen lang en sûnder rêst?Hoe sweeft de moanne om ús hinneof hâldt in grutte hân ús fêst?

lês it hiele gedicht

Op reis

Wy geane, sei ús heit, nei Frankryk mei fakânsjedêr is it altyd sinnich en moai waar,ús mem lei dêr tsjin yn: dêrfoar hast’ gjin garânsjemar

lês it hiele gedicht

Striptease

Wy hawwe nije achterbuorljuno sûnt in wike as achten dy feroaring op ‘e buerthat my danich yn ‘e macht.Want witste, dy nije buorlju hain spetter

lês it hiele gedicht

Tom-tomtom

Moatsto hjoed noch erges wêze, giesto gauris op ‘en paad, hast dyn nocht fan áltyd lêze, brûk dan net in wegekaart. Kaarten binne foar de

lês it hiele gedicht

Oars

Ik bin net krekt as alle oaren.Ropt ien : ‘Foarút’, dan tink ik: ‘Ho’.Ik sjoch yn griis wol hûndert kleuren,en wol net moarn, mar hjoed

lês it hiele gedicht

it ballontsje

der dûnset in ballontsjetroch de strjitte, flinterlichtin toutsje oan syn kontsjeen in laits op it gesicht. hy hat in protte wille,rollebollet oer ’t trotwaar.de wyn

lês it hiele gedicht

Broers

Broers… ik begryp der faak gjin jota fan!Nim no ús Tseard,dizze wike 16 wurden.No… as ik 16 waard,wist ik it wol!Dan woe ik in stoere

lês it hiele gedicht

Swimles

Doe’t ik by de sleat siet,seach ik in kikkert hieltydtsjin de kant oan swimmen.   Ik woe him in hân jaan,of, as er dat doarde,de

lês it hiele gedicht

Nachtrit

In stille nacht. It lampeljocht bleek en kâldstrykt ûnmeilydsum lâns in hûs, in beam enin âlde pleats mei dingen net te neamen,sa rydt ús auto

lês it hiele gedicht

Benaud

Ik wenje yn de kastdy’t op dyn keamer stiet.En ik kom earst ta libbenas jûns it ljocht útgiet.   Dan stean ik yn it kieren

lês it hiele gedicht

Tattoo

Ik bin as teen-ager net min:ik ha ferkearing, mei Jan-Geart,ik praat Ingelsk en ik smooken rin mei de nâle bleat… Sa gean ‘k mei Iris

lês it hiele gedicht

Sprútses

Oeren sit ik al oan tafel,mei seis sprútsjes op myn board.Ik wol se dêr graach lizze litte,mar ús mem seit: ‘Ite! ’t Moat!’ Seis fan

lês it hiele gedicht

Fytse

Wat in drokte hjoed yn Boalsert,it is twadde Pinksterdei.Fytse lâns de alve stêden.Geart en Gjalt dy dogge mei.   En dat dogg’ se op in

lês it hiele gedicht

Myn wrâld

Ik wit in hiel moai paadsjeik kin it fineoaren netit ropt allinne mykom, seit it, komhjir achter leit in lange leanedêr’t rigen beammendreame, dreame… Ik

lês it hiele gedicht