Fan ’t maitiid op in sneontemoarn, ’t wie noch mar amper ljocht, doe hat in frachtwein by ús thús in minykraantsje brocht. In fiver mei Japanske Koi, dat like heit wol wat. En dêrom groef er yn ’e tún…
Alle libben hat in sin oan ‘e ein en by ’t begjin. Sels al hat men op in jûn in neefke op ‘e keamer fûn, dat jin nitelet en pjokt, sadat men sa’n bist ferflokt. Earst is dêr in sacht…
By buorman yn it pikehok dêr kenne se gjin rêst en frede it is dêr altyd o sa drok elk falt de oare yn ‘e rede De hinnen lizze echt gjin aaien want ja, de nêstkast is sa goar wyfkes…
Ik ha sa’n wille mei ús hûntsje Blessy hân seach him gean efter in hazze yn it lân of hoe’t er bytiden mei in bêste giselgong blaffend in fytser oan ‘e bange bokse hong En op in dei hiene wy…
Us Moarke wurdt aanst al achttjin, dat is in hege leeftyd foar in kat. Mar oft er ‘t hellet, doar ik net te sizzen: dat bist mankearret nochal wat! Hy kin net sa goed mear rinne, syn achterste poat wol…
Us Bijke is in hûn, hiel bysûnder. Ik soe hast sprekke kinne fan in hûnewûnder. Hûnen as ús Bijke bin’ der net in soad. Us Bijke, ik sil ‘t jim sizze, is tige snoad. Undogens is er, mar ek hiel…
Der wie ris in wyt hynder en dat hie ien grutte winsk: hy woe och sa graach oan it wurk by in moaie jonge prins. Dus pleatste er in advertinsje yn it blêd ‘Vorsten’, ‘t is gjin grap: ‘Wyt hynder…
Sjoch, dêr rinne grou en rûn menear Bakker en syn hûn. Menear Bakker kuiert deftich en syn hûn woef-waft ferheftich. Menear Bakker en syn hûn, elke moarn en elke jûn. Hoe komt dy menear sa rûn? Wel, hy snobbet elke…
De koekoek leit, dat witt’ jim fêst, Syn aaien yn in oarmans nêst. In oar briedt út, in oar bringt grut, Dat let fansels de koekoek neat. Ien moat de swierste ein dochs tille. In oar de soargen, wy de…
Hat jim kat in wyt puntsje oan it eintsje fan syn sturt, frege buorman. Hy lake net. It wie in gleone simmerdei, ik fielde hoe’t it yn myn boarst begûn te friezen, hearde it bûnzjen fan myn hert. Hy leit…
hark hearst dat hearst dy lûdsjes sjoch sjochst dat sjochst dy kopkes moatst net ferwege moatst hiel stil wêze moatst hiel goed sjen ja sa krekt sjochst se wol dy kopkes hearst se wol dy lûdsjes seis binne it seis…
Us heit en mem binn’ mei fakânsje. En no ha ‘k in kat, twa kninen en in hûn. Sels in geit rint yn ‘e keamer; ik bin in ‘oppassintrale’ begûn! Dy hûn is as in keal sa grut, mar hy…
Us heit sei: ‘Ik wol in pear hinnen. Dat liket my geweldich ta.’ Us mem fûn ‘t plan ek net ûnaardich: dan soene we farske aaikes ha. Se hellen rôlen gaas en planken: in nachthok mei in grutte ren. Getsjoen…
In wite haai yn d’ oseaan sei op in dei: it is gjin dwaan sa smoarch wurdt hjir it wetter; ik hâld myn fel mar amper skjin en ek de smaak is fiis en min en net in greintsje better….
Wy hawwe thús in kavia dy heart der hielendal by, sa’n fleurich piipjend bistje en ‘t meast is er fan my. As ik út skoalle kom dan is faak ús mem der net. Se is oan’t wurk, mar ik ha…