Hy went der noait oan, oan dy wyn út it westen, mar hy moat nei de stêd om syn langstme te dwêsten. Hy knypt yn it stjoer, en sjocht op ‘e tsjerketoer. It is freed, njoggen oere, merk yn it…
Lyts smel jonkje út It Heidenskip, byt ferlegen op ‘e ûnderlip’. Senuweftich wibelje bleate skonken, in optearde handoek kreas dernjonken. Fierderop tsjin de houten skâns, ja, it is syn earste kâns, stiet wachtsjend in lytse aluminium stok, sil er al…
Ik moat altyd nei skoalle fytse. Twa oeren op in dei. Bah! Us heit en mem dogge oft it neat is. Se sizze: ‘Och dat falt allegearre wol ta.’ Alle dagen fytse. Ek troch rein, hagel, snie en hurde wyn….
Ik stie fannacht op ‘e PC en keatste sis mar izersterk. By d’ opslach sloech ik sels foar bêst, wie efterynse yn it perk. ‘Kom mar ris op jong’, raasde ik en spuide wakker yn ‘e hân. Se sykje no…
In hûs in pleister oer de skrammen dy’t skrine ûnderweis. In hûs in wrâld om te boartsjen te sykjen en soms te finen. In hûs sa faak in finzenis in doelwyt in needlot. In hûs in nachtlike flecht oer ferbaarnde…
Twa kear yn ‘e wike is it raak. Dan hawwe wy les fan De Vries. Biology, ik griis derfan. Dy lessen fyn ik dochs sa ôfgryslik fiis. Dy man dy fynt fan alles út. By de meast ûnskuldige ûnderwerpen keart…
Marijke hat in pûkel, in pûkel op it kin. Se sjocht it yn ‘e spegel en krijt in freeslik sin. Se wol net iens nei skoalle. Dêr laitsje se har út, want wa hat no sa’n dinges, sa’n pûkel op…
Marchje appte Bouke. Bouke appte Sjoerd. En doe krige ik it berjochtsje ûnder eagen. Ik fielde my fuort beroerd. Eangstich seach ik de klasse troch. Please stjoer Froukje gjin berjocht. Mar Froukje seach it al en knikte wakker. Shit, wa…
By syn ferstjerren, 24 maart 2016 Cruijff is dea. Dat kin net. Hy sit yn myn lea. As ik de bylden weromsjoch fiel ik syn frêle macht kommen yn myn skonken. De fersnelling mei de bal, ynhâlde, even, dan it…
Yn ‘e bus ûnderweis nei skoalle ride wy alle dagen by it lytse brune krúske del it stiet yn ‘e berm fan de autowei by it krúspunt mei in dyk fan doarp nei doarp seach er net út by ‘t…
hearste hoe’t de lamkes skrieme yn it tsjuster fan it hok hearste hoe’t de krieën krasse de meldijen fan har lot sjochste hoe’t de iken swiere lokjend, slomjend yn it wâld sjochst hoe’t tiid mei stive skonken strof’let troch dy…
Ljocht en libben is nearne. Mei in tsjuster each loert de keamer. Stuollen swije, houten ribben hâlde de siken yn en wachtsje. Se wolle fan it plak en dûnsje oer de grize triedden fan de jûn. Under de tafel azemt…
ûndergrûnsk yn in metropoal jaget in wjirm troch tsjustere hoalen it liif fol figueren fan ‘e perronnen ûnderweis oeral hinne as wer werom it skriele neonljocht falt kâld oer in man sûnder mouwen de neakene skouders beljochtsje de raffelrânen fan…
Us mem hat wer wat by de ein sy hat it lêsten tsjin ús sein de spikerbroek sit har te stiif in fetrôle plakt har op it liif Sy sil op spinning en dieet en yn ‘e keuken giet it…
Oer de nijstêd fan de dagen rinne wy inoar foarby heine hjir en dêr gesichten witte net fan dy of my Iepen boek yn sletten eagen wurge gong op klinkersein wiffe sang op sneon en snein yn gesichten mei ferhalen….
Somtiden, mar eins hiel faak winskje ik sipressen op it sigerige bolwurk, in katedraal mei gouden ljocht en strakblauwe loften boppe âlde platanen. Mar earder binne it seedampen en stive pûsters út it westen wei dy’t my huverje litte yn…
foar Sanne dy’t net swijt do kenst se wol, grif: sy mei har fetfoute air, hy mei syn te goedkeape bril en dy docht krekt wat te populêr. en sy, ik wit net wêr’t it oan leit, omdat se te…
Doe’t de earste nachtfroast kaam en âlde blêden nei ûnd’ren toarken út it wurge hout, de gerzen glâns ferlearen, kleur oannamen fan de iere wintermoarn, doe seach ik dy. Sa stil asto dêr stiest, hast sûnder wêzen, hie ik dy…
Tink net datsto de wrâld yn moatst om de fijân te ferslaan of de geasten te ferdriuwen om’t sy it binne dy’t dyn libben besmodzje en oan grús slaan Tink net datsto de himel bebidde en befreegje kinst om help,…
Alle nachten sjoch ik myn freondinne dy’t ûnsichtber is foar oaren, sjochst allinne mar har moaie eagen dy’t bewege. Nee, se is net swart, se is gjin Surinaamse of in Afrikaanse, nee, se is gjin negerinne. Sjochst allinne mar har…
It is hjir stil ik moat de lûden sels betinke de roffel fan har fuotten op de trep har stim dy’t foar har út draaft en boppe is foardat har wurden komme of nee de rêst: it spatten fan it…
Mei myn suster kin ik prate foar de klasse bin ik sprekker ik kin ek roppe raze balte mar ‘kommunisearje’ bekt net lekker Wat skeelt der oan dat wurd bin ik foar de betsjutting bang falle de klanken te hurd…
Ik skriuw dyn namme op it beferzen rút dyn namme is tichtby, mar do, do bist sa fier fuort Dan ferdwynt dyn namme troch de izige kjeld Ik skriuw dyn namme yn it sân, de sinne sakket yn it kâlde…
Wy keazen foar de lange skimer om wei te wurden foar geweld besochten doe de tsjust’re hoalen om’t yn it ljocht gjin libben telt. Wy hawwe ús fertroud op leagen op hannelers fan minsken hopen wy ha foar ús libben…
No’t er omheech fljocht yn syn raket, de astronaut rjochtstreeks de himel yn, is er benijd as hy dêr ek ien treffe sil. Miskien it mantsje fan de moanne of in ingel yn it gouden ljocht of mooglik syn pake…
knoppen yn beammen laitsje har temjitte in ein fljocht op titelroazen bloeie goudgiel tulpen yn oranjeread sjonge fan it iere foarjier ûnder it reiden himeldak snobbet in fûgel fan syn lêste winteriten de tiidwizer fertelt fan de maitiidsinne op kommendewei…
Us heit en mem hawwe my teste litten en no is it dus definityf. Ik haw ADHD. Ik bin no dus ‘drok’ en net mear ‘aktyf’. Us mem folget no in kursus oer ADHD. Se docht oft ik efterlik bin….
Sin oan lekker op fakânsje, reizgje yn it bûtenlân. Sin oan oare minsken moetsje, sin oan sinne, bergen, strân. Sin oan nije aventoeren, sin oan wille en fertier. Sin oan hearlik lekker neat dwaan, witst noch wol fan ferline jier…?…
Ik kin werklik hast net prate, ik haw sa’n seare kiel. Al dagen lis ik hjir op bêd, net ien snapt wat ik fiel. Mem bellet ûnder mei freondinnen, dat duorret al in heale dei. Se laket lûd en hat…
Ik bin gek mei myn mobyltsje moarns betiid set ik him oan, hy kin fan alles, in juwieltsje foto’s en dan fansels de tillefoan. ‘k Haw him krigen op myn jierdei en it is myn moaiste kado. Us heit, dy…
It lân ûntflechtsje op wyld aventoer? Wat dochsto asto net mear feilich bist, do nimst dyn leafste mei, dyn bern. Do witst dyn eigen hûs dêr bliuwt gjin spaan fan oer. Sy gongen bergen oer, te geande foet, belânen mei-inoar…
En yn de skulpen kin ‘k de see noch hearre. It rûzen fan de weagen op it strân. De blauwe loft tsjin grien-griis achterlân. De waarme dagen, boatsjes yn de haven. Blinkend wyt mei read’ of blauwe bies. Se kamen…
Der stiet in famke by de bushalte. Ferdreaun, flechtling, allinne. Wêr komt sy wei? Wêr giet sy hinne? Wêr wie sy lokkich? Wêr fielde sy har thús? Wat liet sy efter? Wa dreau har fan hûs? Wat soe sy oars…
‘t Is koade read, ‘t is koade read, der waaie auto’s yn ‘e sleat. Der komt elk oere in sjoernaal, sok waar, dat is dochs net normaal. It friest, it snijt en der falt rein, der rydt gjin bus mear…
Lit harren harren hynders, nimmen nimt ús de swannen ôf. It boechbyld op ús hûs sil nea yn ierde smoare. Lit harren harren hearskjen, nimmen nimt ús de frijheid ôf. Unstjerlik binn’ de dieden fan wa’t foar ús rjochten stoaren….
Wat no? Moat ik mysels moed ynsprekke, opslach fleurich wurde? Moat ik ynienen glimkje, sizze: doch net sa healwiis? sizze: ik leau it is tiid foar in slokje? Stil as iis wiest, iis dat der besletten by leit, kâld, stiif,…
Sy is it flinterflugge famke, dat lykas streamend wetter oer de diken draaft. Har fuotten meitsje weachjes yn it sân. Blau mei sulvertriedden is har spikerjas, ljocht as farske molke har lang hier en sterk en bûchsum yn ‘e wyn…
In plestikpûde mei wat klean en sa, doe binne wy begûn te rinnen. Der waard net folle sein, de spanning rûn mei op en like it te winnen. Fan wurgens wist ik net mear wêr’t ik wie, ús omke glimke,…
Earne yn it wetter… It lân jout har oer, leit langút ûnder de skiere dei dy’t hast al wei is en no mei dampe fuotten hoeden oer de griene fjilden slûpt. Wiid iepen gapje de djippe puollen. Wynhannen bûge it…
hy sit foar my it rjochter skouder heger as it lofter de rêch bûgjend as er it giele t-shirt oan hat sjoch ik de rêchbonke by de swarte trui net dan is de rêch in kessentsje dat sykhellet teminsten as…
Ik woe dat ik in chip hie Sa ‘n kraaltsje achter it ear fan hûnderttûzen gigabite en miskien noch wol mear. By toetsen en tentamens hie ik grif alle fragen goed en oer it swiere eineksamen siet ik langer net…
Ik wie der wier wol wis fan, dat ik mysels hiel aardich ken. Dat gjin mins my samar ompraat, dat ik wol sterk en stevich bin. Mar dizze lêste simmer wie ik sân fakânsjewiken lang, elke dei in bytsje skiterich…
Us mem seit: ‘Der binne ingels.’ Echt wier, en se leaut it ek. ‘Ingels liede dy troch ‘t libben.’ Mem, tink ik, praat net sa gek. En dan komt se mei bewizen: doe en doe, en sa en sa. ‘In…
It waaide dat it rikke, minsken no, dat wie my wat. Yn elts gefal lei fan ‘e moarn de wylch fan buorman plat. De tûken troch de glêzen en de stamme troch it dak. De grientekas oan flarden en de…
Us mem hat de smaak wer ris te pakken Bytiden is sy wier net goed Sy stiet de hiele dei te bakken Want wy bin’ oan de superfood Pakjes en pûdsjes binne ferline tiid Alles moat dus bio, fresh en…
Us buorman oan it Kealledykje hie lêstendeis in ezel kocht, mar it bist bleau dwers en net te brûken, wat ús buorman ek besocht. Sa tocht it bistje op in moarntiid: ‘Yn dizze stâl bliuw ik net mear, ik nim…
Do pakst syn hân en witst dit is ferkeard. Litst gau los en sjochst om dy hinne. Kust feilich. Sêft bringt hy syn hân nei de wûnen yn dyn gesicht. ‘Twa jonges heart net!’ hearst se roppen en de klap…
foar Amnesty International Juan Valdez, hear Presidint, is al salang ferdwûn. Syn frou speurt no al fjouwer jier. Se hat him nòch net fûn. Soldaten hellen him fan hûs ‘O, hy is sà werom. Gjin soargen, frou, moarn komt er…
In pûstige súdwester mei sa no en dan in tichte stower as maat docht foar de safolste kear in wraam op ‘e reiden. Bestive en ferware yn ‘e rin fan ‘e tiid tidigje dy op ‘e lêste linigens. Fansels draaie…
Wêrom in swijsum lânskip oan ‘e muorre hingje dat oars net freget as nei juster en dêrfoar, de fjoerflinter bewarret as fossyl? Myn each swalket troch de rûchte, raffelrânen stikelje de friesloft. Ik preau in tear tegearre fan mimerjen yn…
Op ‘e slypskiif fan ‘e tiid kuierje ik de reed del, it wettertoerdoarp oan ‘e linkerhân. Ruilferkavele de spoarhoekjes, de sleatten ticht, it spoar net mear de line yn it lân. Yn ‘e beammen it swarte koepeltsje fan ‘e grutte…
In neare jûn, de huzen keare swittend binnenstbûten, de stimmen yn ‘e tunen boazje oan. De loft is swier fan rein. Hy rint sa stadich as er kin, want op syn lippen wol er de earste drippen fiele. By ‘t…
It bliuwt my hiel myn libben by, de dei doe’t op dit stee in grutske heit my plante as bertebeam, – it stie sels yn ‘e krante -; mar heit en soan, se binn’ al tiden wei. No priizje minsken…
Heit rydt stadich oer de oprit, nee, de klep koe lang net ticht. Mem komt fleurich fan ‘e fliering: goudfersielsel, o sa sjyk! Heit dy mjit dan mei de tomstôk, ja, der moat in hiel stik ôf. Wy begjinne út…
Doe kamen de soldaten, de himel kleure rea. In tongerslach sloech oer de wrâld en dêrnei kaam de dea. En doe ‘t op ‘t lêst de stilte foel, doe wie der neat mear oer. De loft wie griis, it lân…
ik soe dy in tút jaan midden yn ‘e winkel fan AH soe ik myn slach slaan by de tomaten do wiest noch fier fuort mar ik seach dy stadichoan tichteby kommen efter de winkelkarre wiest de yochert al foarby…
Yn Surhústerfeansterheide Wenje noflik mei har beiden Jeltsje Styp en Jantsje Stobbe, Sliepe yn in âlde tobbe, Sitte op ‘e tafel en iten fan ‘e stoel En alle minsken sizze: ‘O, wat is it dêr in boel!’ De tsjettel stiet…
dêr steane se de man de frou hy grut en bonkich sy lytser smel de mouwen fan it grize fest hingje har oer de fingerseinen op klompen is sy lykas hy te rom it toutsje om ‘e mul hâldt de…
‘ien piltsje hindert neat’, seit hy ‘kom, drink der mar wat by’ sy sweeft as in fearke op ‘e wyn boartet yn de sânbak lykas lang ferlyn streket Pûke oer de wiete snút wol swimme, docht alles út yn ‘t…
Asto ris útfanhûzje wolst nei it hûs fan tante Jant al wol jim mem it noch sa graach doch it asjebleaft net, want elk wit der fan yn Pompegea en ast it leaust of net it gûnzet fan geroften dêr…
Elkenien dy moat wat ‘wurde’, mar ik wit it werklik net. En ik moat no wier hast kieze, want oars is ‘t foar my te let. Mem seit: do kinst alles wurde: dokter, dûmny, direkteur… Do hast wier genôch talinten:…
Ik moat in bril. Ik kom der net mear ûnderút. Ik kin roppe en raze mar mem bliuwt by har beslút. ‘Mei ik dan teminsten linzen, Sa as elk normaal mins. Ah mem, please, dat is mijn grutste winsk.’ ‘Derfoar…
Us beppe rint der soms wat by, ferfromm’le en ferlept. Mar hat se by de kapper west, dan fielt se har wer opperbest. Us beppe seit fan: permanint dat is in bêst resept. Us Maarten hie in matsje want dat…
Miskien wolsto my net leauwe, fynst my eins mar wat in siel, mar der is neat sa gefaarlik as in grut en âld kastiel. Alderearst de takelbrêge, oer it wetter fan de feart. Ast dy boppe-op dyn kop krijst, komt…
Oarloch is: foar alles bang, noait net witte foar hoelang de soldaten yn ‘e strijitte fjochtsje en op alles sjitte. ‘t Kin net skele yn hokker taal, oarloch is in wreed ferhaal. Oarloch dy’t de wrâld ferskuort, is foar ús…
Ik sit wer oan see. It is leech wetter. Skjipperstront plakt oan myn broek. Yn ‘e fierte lizze de pakes en beppes op it tsjerkhôf. Prikkedaam is it wurd dat yn myn kop al fiif minuten wei is. It waait…
gûl no mar net wês stil stil hearst de wyn wêr komt er wei wêr giet er hinne ierde de tiden fan it jier fine har yn fûgelnêsten yn aaien werom waarm fiel mar moanne wetter it sâlte wetter fan…
Wy sieten op in houten bankje oan it kanaal. De nacht kaam mei in skip en skolpere as in âlde dream oan ús foarby. Oan de wynkant stie: Aurora Borealis. Stjerren ûnstienen en fergienen yn it tsjuster. Ik sei: It…
Ik miende wier dat ik ferlegen jierren lyn al fuortdien hie. Kreas opteard yn in doaze yn myn kleankast set. Winterskuon der boppe op en flokjes stof. Sa wie ferlegen moai út it sicht en bleau dy doaze foar altyd…
Mem skoarde ‘n nije opdracht by in hiele grutte klant. En dêrom ieten wy lêst’ yn in stjerrerestaurant. Ik hie der bêst wol sin oan, ite kin ‘k de hiele dei. ‘k Bin gek op spare-ribs en patat en iis…
Help, ús heit sit yn de ww! Alle dagen is er thús. En om’t er neat mear te dwaan hat bemuoit er him dus mei ús! ‘Hee, wêr silsto no wer hinne? Soesto dat no echt wol dwaan?’ Húswurk: ‘Soest…
Der is in wrâld neist ús wrâld de earste wrâld Yn dy wrâld leit in lân grôtfol kofjekopjes kofjekannen kofjefilters seefkes ljochtsjes In grôtfol lân mei apparatuer foar espresso kappesino en kofje-gewoan ‘t Is it lân fan kofjetsjok en kofjeskoft…
Ik bin de simmer kwyt, wêr is er keard? Ynienen wie er samar oan ‘e ein, wylst wy tegearre alle dagen seagen hoe’t sinnestrielen spatten út ‘e feart. No slacht tsjin ‘t rút de treasteleaze rein. De simmer hie ús…
Miskien wolsto my net leauwe, fynsto my in bange knyn, mar der is neat sa gefaarlik, as in dei mei hurde wyn. Hurde wyn, neat as ellende, hege golven op ‘e see. Fiskers yn te lytse boatsjes, sitte sa yn…
Fredige dei, sa wûnder ljocht, Stil feest fan snie en sinne, Hoe wurde myn tinzen sêftkes brocht Nei de blide tiid fan foarhinne; Lyk sinn’ en snie de keale wrâld, Sa siere dream en dize De teare bylden, jierren âld,…
Oer de earste sleat, en dan in groppe fierder, Dêr waait in ljurk út ‘t dauwich miedlân op. Syn tûfe, as de helmplom fan in ridder, Stiet triljend op syn lytse fûgelkop. It griene lân, dêr’t bûnte bisten rinne, De…
L’Aubisque, Le Galibier. Jawis. Mar dy’t myn berchetappe op ‘e seedyk fan Harns nei Surch, mei bolderige wyn en pûsters as in orkaan, ferlytset ta in traapke fan ‘e mollebultkategory, ik sil him lek stompe litte op basaltblokken fan smeulske…
Ik wit wol, snein is yn prinsipe krekt sa lekker frij as sneon mar sneins dan fielt it krekt as wol dat frije net en krûpt der swier en dreech in skyldpod oer my hinne. Snein fielt as wachtsje op…
it tuorke fan de tsjerke stekt troch de beammen net dy tsjerke fan de mummys net elke oare tsjerke dy’t sprekken lije mei gewoan in tsjerke mei in steal beammen der giet in paadsje hinne mar ik kin der net…
We brochten radyskes bij ús heit en mem. Earste radyskes út ‘e kas. Se bearden der wakker fan. Op it teemeubel stie in kaart fan kunde, dy’t ’50 jier’, sei heit, ‘nee, 55 jier,’ sei mem, troud wienen. Se helle…
sa rizich stie er dêr de âlde beam bewoartele yn de grûn in bytsje skean de rêch ôfkeard tsjin ‘e westewyn skodholjend wachtsjend op sinneskyn yn ‘e tûken ferskûle in libben fol fleur dat soe er bringe mei blêden yn…
Ik hie dy by de warming-up al sjoen en tocht: foar dy sil ik troch alles hinne, foar dy haw ik myn swit oant no ta jûn. myn sprongen sille hjoed dyn eagen winne. Mar doesto op ús fak ta…
Soms bin ik wolris bang dat nei in lange nacht hjir alles oars is foar de grap, allinnich ik dan net mear snap wat oaren wol begripe. Dat stiennen sels net rinne mar sitten bliuwe yn it paad. Dat fytsen…
Wetter, stien en sân lizze yn de palm fan myn hân koe ik mar: swimme yn de stien drinke fan it sân en sliepe op it wetter mar foar alles is in tiid en plak want slim te begripen de…
Freonlik de heuvels by Vaison la Romaine, net heger as by ús de dyk, en op it kastiel, as yn ús eigen keninkryk, in ljocht by nacht, om wat net doocht te kearen. Sa sacht dit dodzjen op it balkon….
It baarnt yn ‘e fierte wy kinne net helpe wy sjogge hoe’t pleatsen platlizze en minsken gûle Wy hâlde ús muorren wiet hoopje dat de wyn net draait mar as de wyn malket rinne de fjoeren As ús pleats baarnt…
winter op ‘e Sweach it iis dat kreaket yn ‘e sleatten makket dea en libben relatyf op ‘e hoeke by it fytspaad njonken it âld djip sit yn ‘e rûchte sûnder snie ik sike jerk de kop mei snaffel yn…
Moat ik dan wat wurde letter, want is hjoed dan al foarby? Wat bin ik no wat letter net is, bin ik noch neat of noch te frij? Wat moat der by en wat kin better, wat is goed en…
It helpt net om slûzen ticht te laskjen, it wetter giet op en del wannear’t ik dat wol. It helpt net om fleanrûtes op te heffen, de fûgel komt altyd wêr’t er wêze wol. It helpt net om alle beammen…
Noch earder as it iere grien, sil tusken swarte tûken wite huningmûltsjes bloeie, de nije maitiidsloft behappe, har fêstbite yn it hout en dan as losse bernetosken oer de hiemen falle. Noch waarmer as ea ferhalen sizze kinne, sil skielk…
ik bin it wetter benim my net de yllúzje as stoarmen my swypkje te’n lêsten in wâl te finen want ik slach tsjin de dyk klim by basalt omheech wurd ik de djipte ynskuord ik bliuw mysels bats sear tusken…
Lyklama is dea, wat slim, tocht ik doe’t ik it hearde, dat earme mantsje nea sille wy him mear fytsen sjen of kuierjen mar doe’t ik der wat langer oer neitocht, tocht ik: elk hat syn tiid hjir op ierde,…
Wy heukerje de kraach omheech en rinne stapke foar stapke yn in lange slinger achter de kiste. Ik mei de blommen drage. ‘t Is droech wurden om my hinne, sakrekt spielden wy sawat de tsjerke út. Te folle bargetriennen fan…
ik haw in pake dy’t net leaut dat se op ‘e moanne west ha dy’t de televyzje útset as der mannen mei in wite kape fan ‘e Ku Klux Klan op binne, in pake dy’t seit: ‘dêr sit in kopke…
Fjouwer wie ik, doe koe ‘k fytse. ‘k Hie myn nocht fan it gerin. Fleurich fleach ik oer de stoepe. ‘Sjoch ris memmy wat ik kin?’ Doe ‘t ik fiif wie woe ik swimme. No, dat ha ‘k doe ek…
In grutte krobbe wenne ûnder in stobbe mar dat wie him net nei ‘t sin want sa’n hûs wie him te min Hy gie op reis en elts húske ûnderweis beseach er wol mei sân pear eagen dy pastorije wie…
Se sochten earst alle beide om in lege doaze. Hy seach ‘m earst mar ús mem mocht ‘m ha. Dêrnei stie er tafallich gewoan efter mem by de kassa. It wie drok, se moasten der leau ‘k frij lang wachtsje….
jeu, sjoch hjir myn nije blitse scooter, yn ‘e moaiste kleuren: read en wyt hy hat in hiel geve lûde toeter gjin seefûgel dy’t it doart en skyt op myn scooter jei ik troch de strjitte buorfrou Sytske springt hurd…
Yn it doarpke dêr’t ik wenje binn’ in protte minsken ûngewoan, der binne fansels ek wol oaren, mar de measten mankearret dochs wat oan. Nim bygelyks Gerrit Hupke, dy man dy giet dûnsjend oer de dyk. Soest tinke: wat in…
Op myn luchtbêd sjoch ik him kommen. Dûnkere eagen, kroljend hier. Krêftich swimt er nei my ta. Ik doch krekt as ynteressearret er my gjin sier. ‘What’s your name and where are you from?’ Gááp……..wat orgineel. Leaflik laitsje ik werom….
altyd bin ik te berikken bin standby en daalk online altyd wol ‘k der foar dy wêze -keep up with friends, wherever- mar do… do bist soms sa fier safoll’ freonen dy’t my folgje ‘k ha der hjoed wer njoggen…
Hikspeallen skampjend jei ik oer Mûntsjeleane – swarte ekers, dêr’t seefûgels boppe fleane yn in djip trekkerspoar troch de nije gebieten. Itselde ljocht. Deselde sâlte, lûde lieten. Hjir haw ik yn skoalfakânsjes ierappels socht, it goud selsstjoerend nei de skuorre…
Wês net bang, do meist opnij begjinne, mei wisberette faasje of yn ‘t blinelân. Wolst de regels folgje, alles sels wol kinne, litst de stipe los of grypst krekt nei in hân. Wês net bang foar al te grutte dreamen,…
hjir leit de see, breed spegeljend ûntwyk foar wa’t de jûn bekrûpt; foar wa’t allinne is, is de seedyk dêr’t jûn op jûn de sinne him fersûpt yn blakstil wetter of yn foarse weagen en tusken dyk en kym sykje…
Us beppe hat in sykte, of, no ja, ‘t is mear in kwaal. Us beppe siket blikjes! Net te leauwen. Abnormaal! Se skarrelet mei in griper en in sek by berms del. Dy ôffal, dat is harres. Komt sels ek…
Der lei oer d ‘âlde stêd in bleke skyn de deis doe’t hja weromkaam út it easten mar nimmen wachte dêr om har te treasten it plak te wizen wêr’t se wenne hien’. It hûs – wie dit it hûs…
Ik hear de minsken wol praten. Ik sjoch de minsken wol sjen. Se rabje oer út heit en se rabje oer ús mem. Minsken fregen my ek wol: Hoe giet it no by jim? Foar dy is ‘t ek wat…
De dei hat kleuren fan blau en pears it reid stiet giel as strie tsjin ‘t doarp it iis leit as in flier like griis en glêd as ruostfrij stiel mei fine naden laske fannacht ha wy it skuorren heard…
72 jierren hawwe fan har antlit in print etst yn in noch net beskreaune styl op ‘e eftergrûn geve yn ‘t sâlt bebiten streekjes fan ‘e skol skar en skylfisk dy’t hja yn ‘e rin fan ‘e jierren útsutele hat…
De see wie blau en helder as in spegel De sinne blonk, it wie in waarme dei En sokke dagen lis ik yn ‘e regel Op ‘t strân te slomjen en myn hûntsje mei. Mar diz’ kear net, no syld’…
De skonken binne net mear fan dysels. Wis, se ha dy holpen om fan ‘t bêd te kommen, en binne mei dy troch it keammerke strampele, datst earst de kleden iepen lûke koest. Mar hastich ha se doe de stoel…
Novimber Der leit in dize oer it gea yn novimber. Dampich lizze leech de wolken, lânreek dy’t de bou ferswijt. Drippen oan ‘e wynbrauwen, it burd is wiet- in kuier. Bitelân is ‘t hjir, ik fiel de trekkerspoaren oan ‘e…
Dit lân, ik haw it heard it gûlen fan de noardewyn, it skuorren fan it iis, bekende stimmen yn de nacht. Dit lân, ik haw it sjoen it wylde wetter fan de mar, de wolken dy’t op reuzen lykje, de…
Op it mêd fan iterij woll’ se graach wat nijs betinke. Elk jier komt der wol wat by om te iten of te drinken. Mar dit is dochs wol wat gek: hâlde s’ ús no foar it lapke? Mei wat…
hark hearst dat hearst dy lûdsjes sjoch sjochst dat sjochst dy kopkes moatst net ferwege moatst hiel stil wêze moatst hiel goed sjen ja sa krekt sjochst se wol dy kopkes hearst se wol dy lûdsjes seis binne it seis…
Der is in prachtich moai gedicht, ik kin it hielendal út ‘e holle. Ik wit it mei de eagen ticht, wat soe ‘k it hjir graach bringe wolle. Al myn gefoel kin ‘k der yn kwyt, it rint sa moai,…
‘k Mei hiel graach yn ‘t swimbad lizze en ik swim ek bêst wol hurd. Mar sa’n startblok en dan dûke? Kram’le nee, dan bin ‘k sa’n tut. ‘k Mocht ek hiel graach hynderride, yn ‘e bak en moai yn…
De minsken freegje my sa faak: ‘Wat soesto letter wurde wolle?’ Dan helje ik stoer myn skouders op en sis: ‘Wit ik folle.’ ‘Do kinst alles wol wurde,’ beare se dan, ‘dokter, rjochter of jurist. Do kinst ommers sa goed…
Tink dy ris yn op in dei yn ‘e simmer sitsto yn in boatsje dat driuwt op ‘e poel. Merkels en eintsjes dy boartsje om dy hinne, de sinne is waarm en it wetter is koel. Dan troch in twirre…
Hast wolris nei de stjerren sjoen, soesto se telle kinne? Moatst mar ris riede op in jûn hoefolle it der binne. Hast wolris neitocht hoe’t it sit, sa’n stjer dat is in sinne, mei allerhande soarten fan planeten deromhinne. Moatst…
Mei ús gimmestyklokaal is alles mis: it is der te kâld of kinst der wol rane, it stjonkt der nei omkeswit en bokkepis allinnich de behearder mei oan de ramen. Oeral sweeft biezemtúch, plúster en hier, hjir fynst in pleister,…
it strân leit as in skierwyt fel papier yn it lêste ljocht de tekening fan hjoed wie mar in út ‘e losse hân opsetten skets wêr binne se bedarre de bliere bern de mei de eagen ticht net mear ferlegen…
Us hûs sjocht der ferlitten út, mei de gerdinen der foar wei. It wurdt al leger efter it rút, sa fielt it ek yn my. Ik rin temûk de keamer yn, dêr’t it hieltyd rommer wurdt. En yn myn búk…
ik ha in skuor har man hat my dochs mei de oaren yn it hok set útstel fan eksekúsje begjin april noch even dan meie wy wer mar sy sil my oan diggels slaan oer in pear wike sil ik…
om Fryslân op syn moaist te sjen kladderje ik op sneinske skuon yn myn nijste streekjespak by de seedyk op en by de see tilt it op fan deade dûkeleinen de loft wyldjaget fan blaumokken mei plestik bekers yn ‘e…
Wêr silst’ dy noch drok om meitsje Dat freegje ik my wier wolris ôf Alle dagen dat húswurk En repetysjes, mear as genôch! En sa moat ‘k noch jierrenlang leare Der moat noch sa’n soad yn myn kop Us heit…
Ik byn de lippen op ‘e mûle altyd as ik fize dingen sjoch, ik prop de hannen yn ‘e bûsen, sa bang bin ik dat ik it doch: mei in plakkerige snotlap kûse, fingerreare troch in fûgelkak, blaublabze knipe mei…
Der wiene ris dames, der wiene ris hearen, dy wiene beneamd om my dingen te learen, earst oer alle lannen en doe oer de seeën, dêrnei oer de reuzen en oer de Pygmeeën. Se wisten sa’n soad en ek sûnder…
der binne fan dy dingen net te fangen yn dyn hân fier op in ôfstân bewege se en by eltse stap wat tichterby wurde se wei noch nyskes mocht ik skûlje ûnder ien en itselde dak wy praten en wy…
Ik lis op myn bûk yn ‘t hege gêrs. Stadich krûp ik tichterby. Ik hâld myn proai goed yn it fizier. It bist is noch rêstich, it hat no noch wille en fertier. Mei in kundich each bepaal ik de…
Wy hawwe nije achterbuorlju no sûnt in wike as acht en dy feroaring op ‘e buert hat my danich yn ‘e macht. Want witste, dy nije buorlju ha in spetter fan in soan en syn keamer leit foar minen oer,…
Wy geane, sei ús heit, nei Frankryk mei fakânsje dêr is it altyd sinnich en moai waar, ús mem lei dêr tsjin yn: dêrfoar hast’ gjin garânsje mar heit stie mei de wein al by ‘t trotwaar: de stuollen en…
Jippy, ‘t is hjoed rommelmerke, altyd wer in leuke dei. Oan ‘e dyk âld guod ferkeapje, en de hiele buert docht mei. Yn in doaze op ‘e fliering stiet it spul al moannen klear. Boartersguod, in âlde printer, boeken en…
Ik wol sa graach in drumstel ha mei basedrum, bekkens, tromme. It liket my geweldich ta, soe it der oait fan komme? Ik bin pas yn myn elemint mei trommeljen en tikjen. Ik wol graach spylje yn in band, de…
Hoe kin de ierde om ‘e sinne draaie al ieuwen lang en sûnder rêst? Hoe sweeft de moanne om ús hinne of hâldt in grutte hân ús fêst? Hoe kin ‘t dat wy net fan ‘e ierde falle? Wa hat…
Ik haw in baan foar heale dagen, ‘k fertsjinje sinten by de bare bult! ‘k Hoech myn hân net langer op te hâlden, stean net mear by ús mem yn ‘e skuld! Ik bin fêste oppas by de buorlju, draai…
Ek dizze nacht slacht wurch, ferrêde in side fan it libben om. De bisten ha de honger sêde en keare nei de stâl werom. Sa hjir en dêr sjongt no in fûgel syn suv’re sangen. ‘t Ljocht wurdt nij. Djip…
Wat sil dit stee? Sels dit eigenste hoekje skuorre hat gjin weet fan dyn hân, doesto hjir noch wieste. Ek al lykje kopketten, helters en singels har ferhongen te hawwen oan de rongen yn ‘e muorre. Mar sa’t de bankskroef…
(foar Anneke Bron) Ik ha in oare helte it is myn saksofoan. Hy keart my binnestbûten ik lit him myn wêzen sjen. Stadichoan is hy mei my fergroeid. Syn holten waarden hoalen yn myn lea syn iepeningen teisters nei de…
Shakira sjongt foar my de pine, by donkerread behang en sigaret. Hjir boppe leit myn rêchsek klear om foar altyd fuort te gean. De Barbie ûnder it bêd is dea, der is yn my gjin boartsjen mear. Myn mobyltsje swijt…
Wie it dyn mûle dy’t it die? Dyn laits? Begear fan fonkeltosken yn dat noegjend libbensread, gebeart fan langstme en geniet, de tsjoen dy’t dyn gesicht op slach ferljochte? Wie it dyn waarmte dy’t it die? Dyn rook? In soele…
Tusken de griene kliffen, dêr’t de hege see De oester fan ‘e woeste kust útslikket, Smite derten bern wite stiennen yn it Blauwe wetter, rynsk, as winsken fan Nea te sinken yn ‘e altyd winkende dea. Mar, is it tij…
Jantsje mei graach fjurkestoke en sy docht dat dan ek faak! Nimt wat tûkjes en wat houtsjes, fjoer derby: it baarnt omraak! As lyts famke lytse brantsjes, oaljelampke, kearske, klear. Mar dat wie fansels foar eefkes. Se woe grutter, se…
komme mûzefergifpantsjes út ‘e hoalen, mei lêste keutels skiten of earste fan in nije pleach fiert houtwjirm heechtijdagen sloop in âlde muorre graaf de dampe flier út goai de groppe ticht mar lit it bûthúspaad bliuwe glêdsliten gieltsjes boaiem ûnder…
De wintersinne sakket al geandewei en set de westerkym yn reade gloede. In rider sjit oer ‘t iis mei lange, wisse streken, de jûnloft yn ‘e mjitte. It lege ljocht skept him in skekkend skaad dat him ûnskiedber folget, mar…
Letter doar ik dy te freegjen, as ik grut bin, net mear bang. Dan bliuw ik foar altyd by dy, mar dat duorret noch sa lang. Earst doch ik myn bêst op skoalle, dan krij ik in goeie baan. En…
Okkerdeis lies ik yn in boekje, dat fûn ik machtich ynt’ressant: ‘alles watst wolst, kinst berikke’. Sa’n fynst, dat is fansels briljant. Ik ha ‘t yngeand bestudearre, ek al wie dat soms in toer, mar, om grut sukses te hawwen,…
Ik bin in feestbeest en ik hâld fan lekker swinge yn ‘e stêd. Myn bûsjild is dus net genôch fan jild ha ‘k swier ferlet. Elke moandei en freedtejûn kinst my no yn de super fine. Ik sit op knibbels…
Kom op, d’r ôf: it is al let. Wêr is myn mobyl? Ik sjoch myn sokken net. De klean gau oan, de gel yn ‘t hier, bôle by de laptop. To start: click here. Moai sa, moai sa start race…
Do rinst dysels nochris in kear foarby, seinen se. Se ha gelyk krigen, dy se elke kear as ik efterom sjoch, tink ik: stom noch ta, dêr kom iksels oan! Moat ik no bang wurde? Do komst dysels noch wolris…
Kinsto grutte minsken folgje? Under iten sei ús heit: ”t Sjocht hjir swart fan bûtenlanners ‘t wurdt te fol, dat is in feit’ Mar fan ‘t winter, mei Somalië, sei ús mem noch: ‘Sjoch no ta, Och sa’n stumpert, och…
Dit leave lytse lichte lietsje is in liet fan neat, it dûnset troch de strjitte driuwt samar op ‘e feart. springt by de bakker op ‘e hoed klimt op de boekekast fan Sjoerd fart soms in eintsje mei de boat…
Jitske wenne mei har heit (hy wurke by Steatsboskbehear) Yn in húske by de Deelen. Krij de bûsdoek mar fêst klear. Jitske boarte by de skuorre, Jitske boarte by de feart. Dat mocht bêst, se hie yn Ljouwert jierren lyn…
Heit soe foar mem in kastje meitsje, in soartemint fan boupakket. Der siet in boekje by mei plaatsjes, mar heit sei: ‘Nee, dat hoech ik net.’ ‘In efterkant en trije laadsjes, wat plankjes en it doarke foar, in ûnderkant mei…
Moatsto hjoed noch erges wêze, giesto gauris op ‘en paad, hast dyn nocht fan áltyd lêze, brûk dan net in wegekaart. Kaarten binne foar de dommen, brûk in tomtom om te gean en fansels ek om te kommen tomtom lit…
Wy bin ferhuze. Fan ‘t âlde hûs hien’ wy ús nocht. Hoe’t it nije hûs der útsjen soe dat ha wy sels betocht. Heit efter de kompjûter, mei potlead en papier… hy tekene en tekene… hy hie it swit yn…
Dat geëamel fan ús heit oer myn omhingjen op ‘e bank, de oerkes efter de kompjûter, de kondysje dy’t ik ha… Om fan it geseur ôf te wêzen gean myn broer en ik trije kear wyks nei it sportsintrum ta….
Ik wol mysels in lege holle meitsje gjin soargen oer it hûswurk ha net langer fan de wize reitsje fan as ik net slagje, it kin mar sa Ik wol mysels in lege holle meitsje net tinke oer de rûzjes…
Justerjûn doe soe it heve: kampeare, sa hiene wy betocht. Wy klommen op ‘e souder en hellen de tinte foar it ljocht. Kampeare yn ‘e eftertún, dat like ús in goed begjin. Dat wy wakker oan ‘e gong. Mar ‘t…
Ik ha in nije hobby. Ik doch it eltse dei wer op ‘e nij. Moat der in learaar narre wurde, dan bin ik fan de partij. Propkes sjitte troch de klasse as er efkes net sjocht. Of kaugom plakke op…
hjir leit de see, breed spegeljend ûntwyk foar wa’t de jûn bekrûpt; foar wa’t allinne is, is de seedyk dêr’t jûn op jûn de sinne him fersûpt yn blakstil wetter of yn foarse weagen en tusken dyk en kym sykje…
foar H Stil lei it grien dêr oer de lege lannen fan kleur fersketten, ‘t jonge gers kroep wei wreed waard it libben skept en brutsen lam stiene wy te sjen sa macht’leas wiene wy dy dei. De fammen gûlden…
Op ‘e Ivige Leane wurdt it altyd better, men krijt der hâld oan ‘t fiere grien: De pleats is sichtber, tsien minuten letter fytst men gerûs fan popelieren yn. It ljocht stiet stil en skimerich yn de skuorre. De rook…
bitterswiet bitterswiet priuwt dit lytse leafdeliet sil dyn ear ‘t wol ienris heine as de fine drippen ‘t reine reine litte oan dyn blinen silst it hearre as de winen flaikjend om dy hinne strune harkest? hark yn alle tunen…
‘k Wol dizze jûn myn grinzen ris ferlizze aanst stek ik ôf, al is ‘t ek neare nacht. Hoe moat dat no? Moat ik it thús net sizze? Ik ha de moed net. ‘t Komt te ûnferwachts. By ‘t túnpaad…
sa fredich wie it doe, dy waarme dei doe’t ik siet by dy mei achter ús dat hege tichte reid, der is gjin wei werom seistû en foar ús lei it wetter in akwarel fan jûntiidssinne en letter naamdestû myn…
der stie in parrebeam yn appelskea de tûken swier de fruchten sjoch doe kaam de jager mei syn jachtgewear en skeat der twa pûn hagel troch der stie in arrebeam yn pappelskea de twigen noch yntakt miskyn doe kaam de…
Der hat in tiid west sa leare ús de fossile fynsten dat de kontininten fan Grienlân oant Fjoerlân befolke wiene mei reuzereptilen, dinosauriërs, roppige, út har krêft groeide meunsters dy’t wat de ierde opjoech oan beam en plant kealfrieten en…
‘Shit!’ Fergees taast Hilda yn har bûse. ‘Dêr hie’k him dochs, safier ‘t ik wyt… Dy ferhipte fytskaai ek, ik bin dat rotding wer ris kwyt!’ ‘No moat ‘k myn fyts hjir efterlitte… O, wat fyn ik dit no stom!…
In stille nacht. It lampeljocht bleek en kâld strykt ûnmeilydsum lâns in hûs, in beam en in âlde pleats mei dingen net te neamen, sa rydt ús auto troch in frjemde wrâld. De doarpen lizze sûnder skoar en hâld yn…
Hast’ dat ek wol ris? Do stiest foar de spegel, se sjocht dy oan, freegjend ‘En wa bisto?’ Is sy deselde as my, of bin ik deselde as har? Ik sjoch har oan, ynkringend ‘En wa bisto?’ Bin ik dejinge…
Ik bin net bang fan ‘e toskedokter. Ik bin net bang fan ‘e toskendokter syn stoel: kinst dy der sa lekker yn deljaan. En dy grutte lampe boppe de holle dy’t oant yn ‘e fierste hoekjes fan ‘e mûle skynt,…
Ik tear de earmen om it liif en lûk de lamme skonken yn. It lêste wat myn blik noch heint is ‘t stille hingjen fan ‘t gerdyn. Ik slút de eagen foar de dei en lit al myn gedachten frij….
koe dit mar it gedicht wêze dat as in stielen boarstel bjint en krast oer âlde koarsten behang fan muorren skuort it griis beton har geef en neaken liif werom jout fan it waarme hout de ferve skrabet oant eigen…
dy simmers wachte ik fergees op lûden út de swanneblom kroep de sleatswal nei de hikke ta troch gatten yn it ramtwurk fan hout en spikers ferwide him de wrâld seach it hea my oan troch kowefinsters troch gatten fûgellûden…
Wy wiene yn in see fan blommen beppes âld tafelkleed wie it flot it hiem de blommesee do wiest de kapitein en ik de stjoerman Sussy wie de matroas se koe noch net goed rinne se foel hieltyd in dronken…
Ik wenje yn de kast dy’t op dyn keamer stiet. En ik kom earst ta libben as jûns it ljocht útgiet. Dan stean ik yn it kier en blaas nei it gerdyn. Meitsje ik in lûdsje, hâldsto dyn azem yn….
‘k Kin myn keammerke oprêde, of ik poets myn fyts in kear. ‘k Soe in haadstik lêze kinne, mar ik bin net yn de sfear. No alfêst de jirpels skile, dan kin mem aanst rêstich oan. ‘k Sit my dochs…
Ik bin net krekt as alle oaren. Ropt ien : ‘Foarút’, dan tink ik: ‘Ho’. Ik sjoch yn griis wol hûndert kleuren, en wol net moarn, mar hjoed en no. Ik reagearje soms wat nuver, op feestjes sjit ik samar…
der dûnset in ballontsje troch de strjitte, flinterlicht in toutsje oan syn kontsje en in laits op it gesicht. hy hat in protte wille, rollebollet oer ‘t trotwaar. de wyn kin him wol tille it is lekker simmerwaar. hy faget…
‘k Bou in hûs mei tolve keamers, foar de fun en it gemak. Mei in swimbad en in glydbaan en in fuotbalfjild op ‘t dak. Mei in keamer om te sliepen yn in himelheech grut bêd. Mei in keamer om…
Broers… ik begryp der faak gjin jota fan! Nim no ús Tseard, dizze wike 16 wurden. No… as ik 16 waard, wist ik it wol! Dan woe ik in stoere brommer ha en in ‘coole’ learen jas. Mei in famke…
Doe’t ik by de sleat siet, seach ik in kikkert hieltyd tsjin de kant oan swimmen. Ik woe him in hân jaan, of, as er dat doarde, de mouwe opstrûpe en fan myn earm in loopplank meitsje om derút te…
Njoggen smaken cola en wol santjin soarten chips sûkelade, soda, kaugomkes yn trochdrukstrips sûker, fris en ranja, it moat allegear te plak, twa kear yn de wike is supermerk myn fak. Ik wit persiis wêr’t alles stiet, de sjerp, it…
Giesto op reis? Dan giest om wat te finen: in faach besef faaks earst, mar geandewei begjint it garjen. Meastal lytse dingen: in ûnbekende beam, in blom, in fûgellûd, in taal, en njonkelytsen kleuret de sûnt de bernetiid ferblikte keunst…
De bus rydt as in keamer troch de nacht, de wei is rjocht, de dyk leit einleas fêst, lofts de bedimme see, nea yn ‘e rêst, ús útsicht yn it sêfte moanneljacht. Fóar my de jonge krekt noch skearde nekken…
‘t Wurdt hjerstich oer it fjild de wrâld bestillet ta in frjemde dize pleatsen steane der fersille hinne âld en skier en oan de loft hinget in giele sinne in grouwe spinne gluorket nei har bút mar jûns dan fjurket…
do hast dy klaaid yn ‘t pimpelpears by pompeblêdetrui en sjaal do rinst hiel hoeden lears foar lears troch farske snie mei redens yn ‘e hân hiel skruten hifkjend taastend foet foar foet op ‘t hurde wetter krijste moed en…
Lit de sinne noch hiel efkes dûnsje mei dyn hier. Omearmje de dunen, boartsje mei de beammen, glimkje blier. Lit de weagen fan frijheid noch net op de klippen slaan. Foarmje in boechbyld doar dy oan it gûlen fan de…
Om wer sân jier te wêzen. Sa’t it reid rûkt yn ‘e winter. Myn houtsjes skrasse oer de grêft. Op ‘e souder skimmelet it âlde strie. Drinkbakken klapperje oan ‘e muorre. Ien kat wennet hjir noch en ik wol nei…
slút de gerdinen en slút de wrâld út fan haat en wrok oeren en klok gerop en geraas in tsjokke waas fan wurden lege lege wurden dan bouwe wy ús in hûs fan leafde yn fjoerreade tekens dy’t skreauwe en…
famke giet dwyl fan ‘t wikseljend ljocht de dyk del, draaft yn ‘e sinne om de grutte hannen fan it skaad foar te bliuwen, oant der gjin ûntkommen mear mooglik is en se oppakt wurdt, dan blykt it pleagjen te…
Ik wit in hiel moai paadsje ik kin it fine oaren net it ropt allinne my kom, seit it, kom hjir achter leit in lange leane dêr’t rigen beammen dreame, dreame… Ik krûp it paadsje del de wrâld út troch…
As nimmen sjocht wat Minne docht fytst er by tsjuster sûnder ljocht hoewol’t syn lampe it wol die. As nimmen sjocht mist er de kick omdat der krekt gjin plysje wie. As nimmen sjocht wat Minne docht dan rydt er…
Ale-Jan is net sa’n sporter. Hy sit leaver op ‘e stoel. Hat in hekel oan bewegen. Inkeld skaken fynt er cool. Wurch dat wol er eins net wurde. “Sporte, dat is neat foar my. Ik bin leaver in pear oerkes…
Wat in drokte hjoed yn Boalsert, it is twadde Pinksterdei. Fytse lâns de alve stêden. Geart en Gjalt dy dogge mei. En dat dogg’ se op in tandem, eefkes liend fan omke Sjoerd. Hoech je net sa hurd te traapjen,…
Myn broer is o sa sterk kin fjochtsje as in tiger hy nimt it foar my op as wie ‘t in echte kriger Myn broer hat in freondinne mei kûltsjes yn ‘e wangen dy binne, seit er sels om tútsjes…
Ik bin as teen-ager net min: ik ha ferkearing, mei Jan-Geart, ik praat Ingelsk en ik smook en rin mei de nâle bleat… Sa gean ‘k mei Iris nei de ‘dancing’ of út en troch ris nei de ‘Zoo’. Juster…
As sy wol nei it feestje mei. En ikke, ikke net! As hy wol lang opbliuwe mei, en ik moat al op bêd. As ik net goed yn jumping bin, of as ik beppe mis, gjin trampoline krije kin, de…
‘k Wie sa graach as omke Jan, ek sa’n fet cool sterke man. Hy tilt sa mar allee hop, mei ien hân in hynder op. ‘Sa mar klear,’ sei omke my, ‘twa kear deis in panne brij, en dit dûnske…
Ús heit hat in nije auto. En grutsk dat hy dêr op is: ‘Hy kin wol 250, ja wier, wat ik jim sis.’ Kompleet mei Bluetooth en Tom Tom rydt er sa faak as er kin de buorren troch, sa…
Oeren sit ik al oan tafel, mei seis sprútsjes op myn board. Ik wol se dêr graach lizze litte, mar ús mem seit: ‘Ite! ‘t Moat!’ Seis fan dy fize, griene knikkerts, lizze dêr, sa foar myn snút. It liket…
hjir stean ik yn it felle ljocht in frjemde dichter hat foar my betocht wat ik hjir sizze kin mar mient hy it goed as wie ‘t in freon hie hy myn byld foar eagen wylst er syn wurden skreau…
It wie winter en se sei ‘nee’. De jonge hie in nuete krie, dy’t middeis op him wachte. Woe se him sjen? Se sei ‘nee’ en wist net wêrom. Yn har dreamen wienen gjin jonges mei in krie of mei…
nachts fan út myn waarme bêd fiel ik dy omrinnen troch de went fan myn lea hear ik dy yn petear mei myn gedachten en wit ik dy oanienwei ûnderweis oer de núnderpaadsjes nei myn hert deis achtslein troch de…
Doopje dyn pinsiel yn wetter en begjin mei it blau, it sulverblau fan de see dat de sinne heint, mar likegoed donker en driigjend wurde kin as de stoarmwyn oer de weagen raast en feroaret yn manljus-blau, it blau fan…
mangele tusken elemintêre rivalen heechskouderet de dyk, yn duorjend omtinken ferslingere oan kearen en hâlden. see driuwt sâlt yn stiennen pûsten. fan minsken opsmiten basalten barriêre hoedet droech tsjin oanstoarmjend wiet. syn skeppers út ‘e hân rûn bôget er op…
der waait in winterwyn om myn bêd grypt my yn gips en stive lekkens in skerpe skjirre knipt myn kontoeren út kreakjend iis stekt yn myn tekkens oan ‘e loft wetterwolken en in kloft grize guozzen mei beferzen bekken beskite…
yn ‘e winkelstrjitte krûpst my oan noas tsjin noas each yn each hân yn hân sweve wy op in eilân yn de minskesee de mannichte makket in hage wy sjogge fage gesichten hannen klappe mûlen sjonge earst sêft dan in…
de dize dûnset oer de greiden leit in ljochte tekken oer it gea in reager dikert tusken reiden muskusrotten hoffenje har de lea reidhintsjes hoedzje harren jongen in snoek leit ûnferweechlik hast foar dea karrekiten hâlde in wedstriid priissjongen jûnssinne…
Hannen by ‘t liif lâns Goed de seal yn sjen Oe, dêr sit de sjuery Wat wie ek wer de earste sin? Ik graaf gau yn myn ûnthâld Mar fyn allinne in grut swart gat Mem knikt, sa fan “Begjin…