In kreaze freon dêr kinst mei pronkje. Nee, dat liket net sa min. In leave freon kinst alles freegje, do krijst by him altyd dyn sin. In stoere freon sil dy beskermje, want hy is wier foar nimmen bang. En…
Ik soe sizze, Frank mei ik myn freon wol neame. Hy ropt fleurich ‘hoi’ as ik him op ‘e strjitte tref, ‘goeiemorgen/middag’ en dat haw ik him leard. Fan syn doarp yn Ghana hie ik oars fêst noait heard. Ik…
foar Sanne dy’t net swijt do kenst se wol, grif: sy mei har fetfoute air, hy mei syn te goedkeape bril en dy docht krekt wat te populêr. en sy, ik wit net wêr’t it oan leit, omdat se te…
Ik skriuw dyn namme op it beferzen rút dyn namme is tichtby, mar do, do bist sa fier fuort Dan ferdwynt dyn namme troch de izige kjeld Ik skriuw dyn namme yn it sân, de sinne sakket yn it kâlde…
Yn ‘e tún fan ‘e buorlju boartet it bern helpleas rôlet de bal fan syn foet wylst op ‘e dyk lilk in autodoar tichtslacht in weismiten krante beweecht doelleas yn ‘e goate stikken lêzen It bern boartet, mar laket net…
Alle dagen gean ‘k nei skoalle, alle dagen op ‘e fyts. En se komm’ fan alle kanten, al dy minsken grut en lyts fleane my foarby yn ‘t libben ûnderweis nei dat of dit; stoarje blyn op harren smartphone sis…
Wy ha wol in núv’re sykte, Myn freondinne, sy en ik. Wy kinn’ wol in oere laitsje en dêrnei krije wy de hik. No, dêr moatt’ wy wer om laitsje, Sa giet dat de hiele dei. Ja, it is miskien…
Ik sit al even op ‘e fyts en ynienen, shit, o nee! Myn mobyl leit noch njonken de beker tee. Dat kaam fansels fan Annyk, dy sms-ste fansels oer Kees-Jan O, wat bin ik stom, myn mobyl fergetten! Ik moat…
‘k Lis yn ‘t gers, tichtby de roazen, ‘k tink oan dy, myn leave hûn. Djip ûnder my leist begroeven, op dyn tekken, yn ‘e grûn. As wy by de tafel sieten, leidest meastal by myn stoel, want wy wisten…