dizze wei bringt my dêr’t wy wiene dochs nea wer wêze sille bylden dy’t foar ’t geasteseach ferskine minge har mei toarnbeiblom en simmer de feart leit stil, ferlitten nimmen saait stientsjes en telt de kringen dyn sylboat heal…
soene de deaden op it hôf, ûnder brike stiennen tusken de keale wylgen harkje kinne nei ús stimmen? soene se skrikke fan de ferwiten dy’t wy inoar om de earen slingerje wy, hittepetitten, gelykhellers en betterwitters sa’t we…
de beam stiet bryk yn ‘e westewyn stoer yn ‘e bocht bewarret hy in geheim hy wit mear as in oar en hâldt him stil bonkige bast hâldt de kaart tsjin it boarst yn wyt en griis is dêr…
klompfol geitesokkefuotten waarm yn kanvfas fytstas stutsen wilens heitebûsehannen traapje Leechlânswei bylâns gazelle sjongt it heechste lied klompfol geitesokkefuotten dûnsje útlitten laam by hikkedaam laket hynstesturtestrik breedút fan ear oant ear gazelle sjongt it heechste lied …
Ik sjoch dyn heale laits en fiel de stien dyn hert is net in lispuzel dy’t ik efkes foar dy ynelkoar set De teepot dy’t ik fan beppe krige foel okkerdeis yn diggels nei it lymjen miste ik in hoekje…
Beselskippe troch skeane streken slachrein boazet hjerst oan ta winter troch neakene beamkrunen daveret treinlûd it bluisterich waar jout ûnrêst yn ‘t liif de tinzen tsjuster as de swarte kat op buorman’s hiem juster skynde de sinne in sân foar…
der brûzet in fûns troch it lân flinterspinnen spanne gouden tiden oer iepenloftspullen en terpebylden yn bûter swimme fisken grinzen oer meidwaan wol ik tusken dûnsjende kij op wolken boartsjend klauterje ik yn beammen dy’t yn ‘e loft…
(Op it Joadske hôf) As jonge beam seach ik se kommen stille froulju yn ’t swart strak, mei sêft rûzende rokken en houterich, mannen mei huodden Ik wie jong en boarte mei har lokken ferwaaide har hier en aaide ûndogensk….
Oan it plusen kleed, alhiel fersliten, sit pake boppe syn klykje ryskipkerry. In inkelde lepfol hellet triljend de mûle, it measte rûgele der earder al by troch. Unferwachts fersjit lâns blomkebehang it koekoekswicht en docht ketting ratteljen, pake de…
Se sizze, se sizze o, se sizze safolle de wurden klinke sa leech yn myn holle. Se sizze, moatst de tiid der foar nimme stoarte in bak klisjees oer my hinne: Dat sinne net bestean kin sûnder it…
Yn it tsjuster fan de iere moarn lit ik myn dreamen fleane mei in gouden winskballon as út in mearkelân De binnenkant beplak ik mei de swietste tinzen betocht yn lange nachten doe’t ik út de swarte loft siden…
Op see in skip mei tûzenen stielen doazen yn read oranje, blau en swart yn giel, griis en grien. Op de side yn grutte letters MSC. Achterop de namme fan Zoe*, in famke mei twa goudfisken yn in kristallen…
Ik fyn dy net werom. Itselde gesicht. Deselde hannen. Gjin werkenning. Ik fyn dy net werom. Deselde klean. Itselde hûs. Do bist net thús. Ik fyn dy net werom. De spultsjes dy’t wy diene stean ûnwennich yn ‘e…
Op it plein ha wy ’t altyd oer de superhero’s fan DC Mei myn freonen doch ik stoer imitearje ’k Superman en Thor Mar eins ruilje ik se mei faasje samar yn foar wer in oar. Nim no Lex Luthor…
ik wit net wat der mei my is der is foargoed wat mis dan wer ha ik pine yn ’e holle in oare kear is ’t iten my tefolle jûns lis ik op bêd te draaien de holle is…
Alle jierren is ‘t itselde sûnt ik op dy skoalle bin, rint it wer tsjin ús fakânsje, hat de learaar in min sin en dan seit er, jimme moatte hjoed noch mar in skriftlik ha, nije wike is ’t fakânsje…
Wy planne ús fakânsje meastentiids mei âld en nij. Der is dan faak wat ekstra jild en elkenien hat frij. Mem sit foar op ’e kompjûter, wy pakke ús telefoan. Heit prutst achter op ’e laptop, by ús is…
Us master is oerspand. Teminsten, dat fine wy. Dêrom hâlde wy mei de hiele klasse in ‘oerspand wêze’ listje by. Gappet master in kear lûd, jouwe wy ‘oerdreaune wurgens’ oan. Rint master krekt wat minder hurd, dan skriuwe wy:…
As ik jûns allinnich thús bin dan wurd ik wolris bang dat in dief hjir komme kin ik stek dan grutte kearsen oan dy baarne lekker lang Mar as ik om my hinne sjoch dan wurd ik alwer kjel…
Ik haw ferkearing mei de stoerste jonge út ‘e klasse. Elk is jaloersk op my. Ik mei nei alle feestjes. Yes, ik hear der hielendal by. Ik moat der wol oan wenne hear. Ik draach no folle mear make-up….
Fan ’t maitiid op in sneontemoarn, ’t wie noch mar amper ljocht, doe hat in frachtwein by ús thús in minykraantsje brocht. In fiver mei Japanske Koi, dat like heit wol wat. En dêrom groef er yn ’e tún…
It is in toanielstik tink ik in film of in oefening foar as der rampen komme ik sjoch huzen sûnder finsters en doarren sûnder dakken sûnder muorren selfs gebouwen mei ferlerne tuorren en brêgen op it liif yn…
in rêchsek leit ferlitten op it plein de rits as mûle dy’t om siken wrot in raffelich papier rydbosket yn ‘e wyn yn ‘e skoalle sweevje spoaren fan kûgels dy’t troch de gongen fluiten en reade rûntes lutsen op…
op slach wie ik wei fan dyn fluwielen kaft flamjend read dêr op de heechste plank yn ‘e midden rymden ús titels romantysk kaft tsjin kaft wy lienden ús letters wy setten ús sinnen wy joegen ús wurden se…
Ik moffelje myn hânnen djip yn de bûsen fan myn jas. Hy hoecht net te witten…… Hy hoecht net te sjen dat ik…. Hy núndert in wize dy’t ik net ken. Syn grize eagen nimme my hoeden op. Hy…
snoei de tûken by it tredde each blaas de bûnte blêden op in bult lit it ljocht wer streame oant it oan ‘e woartels rikt en bou de klyster in gloednij kleaster sadat er sjongt oant yn de lette jûn…
ik socht strofen yn strjitten en yn stegen sammele sinnen by de singel fandele frazen yn ‘e frjemdte en faker noch ticht by hûs plôke hjir en dêr wat wurden út ‘e berm by de opfeart klotsten de rigels by…
Litte wy ús nei wenjen sette yn in hûs by see dêr’t bolsterige stoarmen om ‘e doarren spûkje en ’t sâlte wetter bluistrich tsjin ‘e ruten slacht. In stive wyn waait troch ús hier, wy gean lâns ’t strân en…
Us hûs sjocht der ferlitten út, mei de gerdinen der foar wei. It wurdt al leger efter it rút, sa fielt it ek yn my. Ik rin temûk de keamer yn, dêr’t it hieltyd rommer wurdt. En yn myn…
Op it mêd fan iterij woll’ se graach wat nijs betinke. Elk jier komt der wol wat by om te iten of te drinken. Mar dit is dochs wol wat gek: hâlde s’ ús no foar it lapke? Mei wat…
‘k Wol in wille-wyske sjonge op de aldermoaiste toan, foar dy iene leuke jonge dy’t my app-te fan ‘e moarn. Mar soms dy boaze dream fan falske toanen yn myn stim en fan in tichte kiel; dy twifelstim, ik haatsje…
Alle dagen rint er mei de hûn by ús foar de finsters del nee, dat sis ik net goed hy rint op ‘e dyk en ik sjoch him troch it rút fan it kajút dêr’t ik oan myn buro…
dus jong do woedest prate no net sa stil, kom, fertel nee ik haw hielendal neat yn ‘e gaten nou nou nou, ien grutte hel lit my net laitsje do bist by my weigien en no moat ik my…
Us pake Jan kocht lêstendeis in nagelnije fyts. Hy soe der wakker mei op reis nei Ljouwert en Parys. ‘In proefrit is in goeie test, ’ sei pake Jan tsjin ús, ‘dy akku docht it superbest en ik bin…
Elske giet mei Peter Sanne mei Jamal Femke stiet nei skoaltiid mei Harry yn ‘e hal Bo fytst fuort mei Achmed Renée mei Lidewij ik hâld harr’ tsjin de wyn yn yn myn uppie amper by mar jûns…
der wie ris in Doede dy’t swart op wyt sei ‘wie ‘k mar in ko dan tocht ik net sa djip nei’ no, dêr ha ik oars wol wat fragen by: hat in bolle net al te folle…
Us beppe hat in kreaze wente mei foar in stoepe en achter in terras. Foar alle ruten griene planten, ien mei kleur der tuskenyn. Poeke mei yn de sinne sitte, beppe ferskoot dan it gerdyn. Yn de garaazje it…
Hast wolris nei de stjerren sjoen, soesto se telle kinne? Moatst mar ris riede op in jûn hoefolle it der binne. Hast wolris neitocht hoe’t it sit, sa’n stjer dat is in sinne, mei allerhande soarten fan planeten deromhinne….
Alle libben hat in sin oan ‘e ein en by ’t begjin. Sels al hat men op in jûn in neefke op ‘e keamer fûn, dat jin nitelet en pjokt, sadat men sa’n bist ferflokt. Earst is dêr in sacht…
’t Ljocht is griis, de sinne kâld. Fannacht is se stoarn, ús beppe. Juster wie se noch oan ’t skreppen yn ‘e tún, tachtich jier âld. Beppe dy’t my ferskes learde en dy’t mei my spultsjes die, Altyd wat…
Heit betocht in nije hobby, griente kweke yn in kas. Hy sei, ik ha griene fingers, dus dat komt my goed fan pas. Boppedat is it goedkeaper, handich en geweldich sûn. Beantsjes, blomkoal en tomaten komme aanst fan eigen…
Foar de earste kear sil ik mei de trein want op ’e fyts nei Ljouwert dat is best in ein. Foar de wyn nei Akkrum Dêr is myn treinstasjon Ik keapje dêr in kaartsje Oars riskear ik fêst in bon….
Ik bin noait siik. En dat fyn ik mar neat. Nea in lyts grypke of snipferkâlden. Nea yt ik ris wat ferkeards. Myn suske is sa faak net lekker. Dan mei sy mei in krûk op bêd. Dagenlang leit…
Us mem hat wer wat by de ein sy hat it lêsten tsjin ús sein de spikerbroek sit har te stiif in fetrôle plakt har op it liif Sy sil op spinning en dieet en yn ‘e keuken giet it…
By buorman yn it pikehok dêr kenne se gjin rêst en frede it is dêr altyd o sa drok elk falt de oare yn ‘e rede De hinnen lizze echt gjin aaien want ja, de nêstkast is sa goar wyfkes…
Marchje appte Bouke. Bouke appte Sjoerd. En doe krige ik it berjochtsje ûnder eagen. Ik fielde my fuort beroerd. Eangstich seach ik de klasse troch. Please stjoer Froukje gjin berjocht. Mar Froukje seach it al en knikte wakker. Shit, wa…
Ik moat altyd nei skoalle fytse. Twa oeren op in dei. Bah! Us heit en mem dogge oft it neat is. Se sizze: ‘Och dat falt allegearre wol ta.’ Alle dagen fytse. Ek troch rein, hagel, snie en hurde wyn….
In kreaze freon dêr kinst mei pronkje. Nee, dat liket net sa min. In leave freon kinst alles freegje, do krijst by him altyd dyn sin. In stoere freon sil dy beskermje, want hy is wier foar nimmen bang. En…
Us beppe makke in proefrit op in fyts mei batterij. Der wie in aksje en se tocht: ‘Dat is wol wat foar my.’ Se woe de alderdjoerste, want ús beppe hat wol jild. Doe hat de fytsespesjalist har op ‘e…
Ik stie fannacht op ‘e PC en keatste sis mar izersterk. By d’ opslach sloech ik sels foar bêst, wie efterynse yn it perk. ‘Kom mar ris op jong’, raasde ik en spuide wakker yn ‘e hân. Se sykje no…
Marijke hat in pûkel, in pûkel op it kin. Se sjocht it yn ‘e spegel en krijt in freeslik sin. Se wol net iens nei skoalle. Dêr laitsje se har út, want wa hat no sa’n dinges, sa’n pûkel op…
De hear en de bear dy stiene by in mar de bear socht nei mear en de hear nei in kar De bear seach de hear en rûn op him ta hy hie gjin gewear en de hear alsa De…
By syn ferstjerren, 24 maart 2016 Cruijff is dea. Dat kin net. Hy sit yn myn lea. As ik de bylden weromsjoch fiel ik syn frêle macht kommen yn myn skonken. De fersnelling mei de bal, ynhâlde, even, dan it…
Yn ‘e bus ûnderweis nei skoalle ride wy alle dagen by it lytse brune krúske del it stiet yn ‘e berm fan de autowei by it krúspunt mei in dyk fan doarp nei doarp seach er net út by ‘t…
hearste hoe’t de lamkes skrieme yn it tsjuster fan it hok hearste hoe’t de krieën krasse de meldijen fan har lot sjochste hoe’t de iken swiere lokjend, slomjend yn it wâld sjochst hoe’t tiid mei stive skonken strof’let troch dy…
Lyts smel jonkje út It Heidenskip, byt ferlegen op ‘e ûnderlip’. Senuweftich wibelje bleate skonken, in optearde handoek kreas dernjonken. Fierderop tsjin de houten skâns, ja, it is syn earste kâns, stiet wachtsjend in lytse aluminium stok, sil er al…
ûnder de sinne flechtet in jonge de holle fol gouden geheimen it wapperjend kleed as wjukken in teare toerswel yn ‘e waarme wyn yn in frjemd lân hellet immen de trekker oer sjit sulveren dreamen oan barrels wjuklam lizze klean…
Ik leau yn mear libbens. Dêrfan bin ik wis. Yn in foarich libben, wie ik in liuw, wat ik jim sis. Slûpend troch it oerwâld. In stap, noch in stap, en wraagh, ik hie myn proai. De kening fan de…
Twa kear yn ‘e wike is it raak. Dan hawwe wy les fan De Vries. Biology, ik griis derfan. Dy lessen fyn ik dochs sa ôfgryslik fiis. Dy man dy fynt fan alles út. By de meast ûnskuldige ûnderwerpen keart…
Ik soe sizze, Frank mei ik myn freon wol neame. Hy ropt fleurich ‘hoi’ as ik him op ‘e strjitte tref, ‘goeiemorgen/middag’ en dat haw ik him leard. Fan syn doarp yn Ghana hie ik oars fêst noait heard. Ik…
Hy went der noait oan, oan dy wyn út it westen, mar hy moat nei de stêd om syn langstme te dwêsten. Hy knypt yn it stjoer, en sjocht op ‘e tsjerketoer. It is freed, njoggen oere, merk yn it…
In hûs in pleister oer de skrammen dy’t skrine ûnderweis. In hûs in wrâld om te boartsjen te sykjen en soms te finen. In hûs sa faak in finzenis in doelwyt in needlot. In hûs in nachtlike flecht oer ferbaarnde…
Stram fan oeren sitte yn de izeren fûgel troch de loft lit er him meiglydzje op de rolbaan tusken reizgers. Achter it stjoer siket er in paad de stêd út, jachtet oer fiifbaanswegen. Krijt sicht op lytsere diken, moat wachtsje…
Ljocht en libben is nearne. Mei in tsjuster each loert de keamer. Stuollen swije, houten ribben hâlde de siken yn en wachtsje. Se wolle fan it plak en dûnsje oer de grize triedden fan de jûn. Under de tafel azemt…
Strak falt de stilte as in strutsen lekken stiselwyt oer alle lûd en libben hinne. Hjoed hat de winterfrou it bêd ferskjinne en mins en bist bewuolle yn har tekken. Se sjongt it swarte fjild yn winterslomme en tsjoent de…
ûndergrûnsk yn in metropoal jaget in wjirm troch tsjustere hoalen it liif fol figueren fan ‘e perronnen ûnderweis oeral hinne as wer werom it skriele neonljocht falt kâld oer in man sûnder mouwen de neakene skouders beljochtsje de raffelrânen fan…
ik wol yn ien kear oer de muorre, sûnder earst op in ljedder wankeljend de knokkels fan myn hannen wyt te knipen (witsto wol dat ik dy elke dei neisjoch fanút myn souderraam heech as de fûgels) mar de muorre…
soms wurd ik wekker nachts ‘t is juffer Goedekoop mei har griis fûgelkopke op in swartblomme hobbesek neist myn bêd se seit it is net bard gjin gas gjin fjoer se streaket mei har koarte tomme myn famkeshân dát wie…
Dêr’t ús pake en beppe altyd wenne ha dêrnei haw ik langstme oan ‘e ein fan ‘t libben ta Giest mei de sânreed lâns de beide brechjes oer? Hiel stil no net prate hark, hearsto de natoer? De wylp en…
‘t Is koade read, ‘t is koade read, der waaie auto’s yn ‘e sleat. Der komt elk oere in sjoernaal, sok waar, dat is dochs net normaal. It friest, it snijt en der falt rein, der rydt gjin bus mear…
Hy hat in trui, it is in echte slobber, it is in âlderwetske wollensokkengeit. En mei dat briltsje út it jier 2000, moat ik jim dochs bekenne: da’s ús heit… Dus haw ik yn panyk de plysje belle: ‘O moadeplysje,…
Us heit en mem hawwe my teste litten en no is it dus definityf. Ik haw ADHD. Ik bin no dus ‘drok’ en net mear ‘aktyf’. Us mem folget no in kursus oer ADHD. Se docht oft ik efterlik bin….
Sin oan lekker op fakânsje, reizgje yn it bûtenlân. Sin oan oare minsken moetsje, sin oan sinne, bergen, strân. Sin oan nije aventoeren, sin oan wille en fertier. Sin oan hearlik lekker neat dwaan, witst noch wol fan ferline jier…?…
Ik kin werklik hast net prate, ik haw sa’n seare kiel. Al dagen lis ik hjir op bêd, net ien snapt wat ik fiel. Mem bellet ûnder mei freondinnen, dat duorret al in heale dei. Se laket lûd en hat…
Ik bin gek mei myn mobyltsje moarns betiid set ik him oan, hy kin fan alles, in juwieltsje foto’s en dan fansels de tillefoan. ‘k Haw him krigen op myn jierdei en it is myn moaiste kado. Us heit, dy…
It lân ûntflechtsje op wyld aventoer? Wat dochsto asto net mear feilich bist, do nimst dyn leafste mei, dyn bern. Do witst dyn eigen hûs dêr bliuwt gjin spaan fan oer. Sy gongen bergen oer, te geande foet, belânen mei-inoar…
En yn de skulpen kin ‘k de see noch hearre. It rûzen fan de weagen op it strân. De blauwe loft tsjin grien-griis achterlân. De waarme dagen, boatsjes yn de haven. Blinkend wyt mei read’ of blauwe bies. Se kamen…
Der stiet in famke by de bushalte. Ferdreaun, flechtling, allinne. Wêr komt sy wei? Wêr giet sy hinne? Wêr wie sy lokkich? Wêr fielde sy har thús? Wat liet sy efter? Wa dreau har fan hûs? Wat soe sy oars…
Wy keazen foar de lange skimer om wei te wurden foar geweld besochten doe de tsjust’re hoalen om’t yn it ljocht gjin libben telt. Wy hawwe ús fertroud op leagen op hannelers fan minsken hopen wy ha foar ús libben…
knoppen yn beammen laitsje har temjitte in ein fljocht op titelroazen bloeie goudgiel tulpen yn oranjeread sjonge fan it iere foarjier ûnder it reiden himeldak snobbet in fûgel fan syn lêste winteriten de tiidwizer fertelt fan de maitiidsinne op kommendewei…
No’t er omheech fljocht yn syn raket, de astronaut rjochtstreeks de himel yn, is er benijd as hy dêr ek ien treffe sil. Miskien it mantsje fan de moanne of in ingel yn it gouden ljocht of mooglik syn pake…
Mei myn suster kin ik prate foar de klasse bin ik sprekker ik kin ek roppe raze balte mar ‘kommunisearje’ bekt net lekker Wat skeelt der oan dat wurd bin ik foar de betsjutting bang falle de klanken te hurd…
Tink net datsto de wrâld yn moatst om de fijân te ferslaan of de geasten te ferdriuwen om’t sy it binne dy’t dyn libben besmodzje en oan grús slaan Tink net datsto de himel bebidde en befreegje kinst om help,…
Doe’t de earste nachtfroast kaam en âlde blêden nei ûnd’ren toarken út it wurge hout, de gerzen glâns ferlearen, kleur oannamen fan de iere wintermoarn, doe seach ik dy. Sa stil asto dêr stiest, hast sûnder wêzen, hie ik dy…
Oer de nijstêd fan de dagen rinne wy inoar foarby heine hjir en dêr gesichten witte net fan dy of my Iepen boek yn sletten eagen wurge gong op klinkersein wiffe sang op sneon en snein yn gesichten mei ferhalen….
Alle nachten sjoch ik myn freondinne dy’t ûnsichtber is foar oaren, sjochst allinne mar har moaie eagen dy’t bewege. Nee, se is net swart, se is gjin Surinaamse of in Afrikaanse, nee, se is gjin negerinne. Sjochst allinne mar har…
Somtiden, mar eins hiel faak winskje ik sipressen op it sigerige bolwurk, in katedraal mei gouden ljocht en strakblauwe loften boppe âlde platanen. Mar earder binne it seedampen en stive pûsters út it westen wei dy’t my huverje litte yn…
foar Sanne dy’t net swijt do kenst se wol, grif: sy mei har fetfoute air, hy mei syn te goedkeape bril en dy docht krekt wat te populêr. en sy, ik wit net wêr’t it oan leit, omdat se te…
Ik skriuw dyn namme op it beferzen rút dyn namme is tichtby, mar do, do bist sa fier fuort Dan ferdwynt dyn namme troch de izige kjeld Ik skriuw dyn namme yn it sân, de sinne sakket yn it kâlde…
Lit harren harren hynders, nimmen nimt ús de swannen ôf. It boechbyld op ús hûs sil nea yn ierde smoare. Lit harren harren hearskjen, nimmen nimt ús de frijheid ôf. Unstjerlik binn’ de dieden fan wa’t foar ús rjochten stoaren….
It is hjir stil ik moat de lûden sels betinke de roffel fan har fuotten op de trep har stim dy’t foar har út draaft en boppe is foardat har wurden komme of nee de rêst: it spatten fan it…
Ik mei sa graach fuotbalje mar mem wol it net ha. ‘It is sa’n wrede sport!’ ropt se ‘In blessuere hast sa.’ ‘Dalik oeral blauwe plakken troch flugge earmtakken op ‘e knibbels yn ‘e drek, bern doch net sa gek.’…
Krije wy besite, Dan sjoch ik dêr as in berch tsjinoan. Want wat ik ek besykje, nea dogge ús heit en mem gewoan. Mem docht dan oerdreaun. Se stroffelt op har hege hakken om, wappert mei har lange hierren. O…
Us mem seit: ‘Der binne ingels.’ Echt wier, en se leaut it ek. ‘Ingels liede dy troch ‘t libben.’ Mem, tink ik, praat net sa gek. En dan komt se mei bewizen: doe en doe, en sa en sa. ‘In…
Ik haw in learaar Frânsk, ja, ik wit it is wat frjemd. Mar altyd moat ik oan him tinke, it is echt sa’n knappe fint. Sokke moaie eagen hat er, it iene brún, it oare grien. En hy laket as…
It waaide dat it rikke, minsken no, dat wie my wat. Yn elts gefal lei fan ‘e moarn de wylch fan buorman plat. De tûken troch de glêzen en de stamme troch it dak. De grientekas oan flarden en de…
Ik ha sa’n wille mei ús hûntsje Blessy hân seach him gean efter in hazze yn it lân of hoe’t er bytiden mei in bêste giselgong blaffend in fytser oan ‘e bange bokse hong En op in dei hiene wy…
Troch it sydrút sjoch ik pake sitten mei syn âlde holle op syn âlde hân. De earmtakke op ‘e leuning fan ‘e stoel. Syn knipperke nei it waarmiten fan tolve oere. Beppe sit te puzeljen yn har stean-op stoel. As…
Us mem hat de smaak wer ris te pakken Bytiden is sy wier net goed Sy stiet de hiele dei te bakken Want wy bin’ oan de superfood Pakjes en pûdsjes binne ferline tiid Alles moat dus bio, fresh en…
Us buorman oan it Kealledykje hie lêstendeis in ezel kocht, mar it bist bleau dwers en net te brûken, wat ús buorman ek besocht. Sa tocht it bistje op in moarntiid: ‘Yn dizze stâl bliuw ik net mear, ik nim…
Us beppe hat in kreaze wente mei foar in stoepe en achter in terras. Foar alle ruten griene planten, ien mei kleur der tuskenyn. Poeke mei yn ‘e sinne sitte, beppe ferskoot dan it gerdyn. Yn de garaazje it Renaultsje…
Ik wie der wier wol wis fan, dat ik mysels hiel aardich ken. Dat gjin mins my samar ompraat, dat ik wol sterk en stevich bin. Mar dizze lêste simmer wie ik sân fakânsjewiken lang, elke dei in bytsje skiterich…
immen hat him deljûn yn de koetsjekralen tunen it is de wyn, as in lekken tin en wyt fannacht wie er in stoarm dy’t oer de seeën song en foarmen yn de wolken blaasde roerlings oer de krunen jage fan…
Sy is it flinterflugge famke, dat lykas streamend wetter oer de diken draaft. Har fuotten meitsje weachjes yn it sân. Blau mei sulvertriedden is har spikerjas, ljocht as farske molke har lang hier en sterk en bûchsum yn ‘e wyn…
In plestikpûde mei wat klean en sa, doe binne wy begûn te rinnen. Der waard net folle sein, de spanning rûn mei op en like it te winnen. Fan wurgens wist ik net mear wêr’t ik wie, ús omke glimke,…
Yn ‘e tún fan ‘e buorlju boartet it bern helpleas rôlet de bal fan syn foet wylst op ‘e dyk lilk in autodoar tichtslacht in weismiten krante beweecht doelleas yn ‘e goate stikken lêzen It bern boartet, mar laket net…
Earne yn it wetter… It lân jout har oer, leit langút ûnder de skiere dei dy’t hast al wei is en no mei dampe fuotten hoeden oer de griene fjilden slûpt. Wiid iepen gapje de djippe puollen. Wynhannen bûge it…
hy sit foar my it rjochter skouder heger as it lofter de rêch bûgjend as er it giele t-shirt oan hat sjoch ik de rêchbonke by de swarte trui net dan is de rêch in kessentsje dat sykhellet teminsten as…
Alle moarnen om sân oere stean ik lang ûnder de dûs lit it wetter oer myn wangen rinne yn gedachten bin ik fier fan hûs ‘k Dream dan fan de gekste dingen ‘k tink dat ik yn Spanje bin of…
Ik woe dat ik in chip hie Sa ‘n kraaltsje achter it ear fan hûnderttûzen gigabite en miskien noch wol mear. By toetsen en tentamens hie ik grif alle fragen goed en oer it swiere eineksamen siet ik langer net…
Ik wit it wol, it is dyn rjocht, do woest net by my bliuwe. Mar om’t ik my sa iensum fiel, woe ‘k dy noch ien kear skriuwe. ‘k Ha krektlyn rûzje hân mei heit, ‘t wie eins in spul…
In stik stien bruts út de rots, tûzen jier lyn en dindere nei ûnderen. Dat wie it begjin fan de reis fan op ‘e rin en oan ein fan rôljen en brekken fan swalkjen en stykjen weiskood ûnder snie dy’t…
Do hâldst it libben fêst dyn tiid is, tinksto, noch net om lêsto in frjemde taal yn al dy grimels op ‘t plafond stiet dêr in boadskip faaks dêr’t ik net efter kom Datst oeren, dagen, wikenlang alhiel gjin wurd…
yn stille tochten tsjin sinleas geweld hat er by fakkelljochten tûzenen minsken teld hy sjocht se rinnen ken de eangsten wit fan harren ûnmacht yn it kinnen hy makket it alle kearen mei skonken dy’t skeuvelje mûlen dy’t swije in…
Op ‘e slypskiif fan ‘e tiid kuierje ik de reed del, it wettertoerdoarp oan ‘e linkerhân. Ruilferkavele de spoarhoekjes, de sleatten ticht, it spoar net mear de line yn it lân. Yn ‘e beammen it swarte koepeltsje fan ‘e grutte…
gjin foksen dy’t har snipten op ‘e stôk net in wezeling dy’t har fleach nei de strôt mar it libben sels en wy dy’t wachten op in wûnder domwei wachten op ‘e tsjeaf yn ‘e nacht op it strie ûnder…
Do pakst syn hân en witst dit is ferkeard. Litst gau los en sjochst om dy hinne. Kust feilich. Sêft bringt hy syn hân nei de wûnen yn dyn gesicht. ‘Twa jonges heart net!’ hearst se roppen en de klap…
In pûstige súdwester mei sa no en dan in tichte stower as maat docht foar de safolste kear in wraam op ‘e reiden. Bestive en ferware yn ‘e rin fan ‘e tiid tidigje dy op ‘e lêste linigens. Fansels draaie…
foar Amnesty International Juan Valdez, hear Presidint, is al salang ferdwûn. Syn frou speurt no al fjouwer jier. Se hat him nòch net fûn. Soldaten hellen him fan hûs ‘O, hy is sà werom. Gjin soargen, frou, moarn komt er…
Wêrom in swijsum lânskip oan ‘e muorre hingje dat oars net freget as nei juster en dêrfoar, de fjoerflinter bewarret as fossyl? Myn each swalket troch de rûchte, raffelrânen stikelje de friesloft. Ik preau in tear tegearre fan mimerjen yn…
Wat no? Moat ik mysels moed ynsprekke, opslach fleurich wurde? Moat ik ynienen glimkje, sizze: doch net sa healwiis? sizze: ik leau it is tiid foar in slokje? Stil as iis wiest, iis dat der besletten by leit, kâld, stiif,…
dêr steane se de man de frou hy grut en bonkich sy lytser smel de mouwen fan it grize fest hingje har oer de fingerseinen op klompen is sy lykas hy te rom it toutsje om ‘e mul hâldt de…
Ik miende wier dat ik ferlegen jierren lyn al fuortdien hie. Kreas opteard yn in doaze yn myn kleankast set. Winterskuon der boppe op en flokjes stof. Sa wie ferlegen moai út it sicht en bleau dy doaze foar altyd…
Wy sieten op in houten bankje oan it kanaal. De nacht kaam mei in skip en skolpere as in âlde dream oan ús foarby. Oan de wynkant stie: Aurora Borealis. Stjerren ûnstienen en fergienen yn it tsjuster. Ik sei: It…
Yn Surhústerfeansterheide Wenje noflik mei har beiden Jeltsje Styp en Jantsje Stobbe, Sliepe yn in âlde tobbe, Sitte op ‘e tafel en iten fan ‘e stoel En alle minsken sizze: ‘O, wat is it dêr in boel!’ De tsjettel stiet…
´k Hear noch de see yn ‘t rûzjen fan ‘e beammen en as ik myn skulpen droegje ien foar ien priuw ik it sâlt sjoch foar myn eagen wylde weagen rôljen in fiskersskipke wrakselet, wylst oan de einder hast de…
Doe kamen de soldaten, de himel kleure rea. In tongerslach sloech oer de wrâld en dêrnei kaam de dea. En doe ‘t op ‘t lêst de stilte foel, doe wie der neat mear oer. De loft wie griis, it lân…
Sjoch, dêr rinne grou en rûn menear Bakker en syn hûn. Menear Bakker kuiert deftich en syn hûn woef-waft ferheftich. Menear Bakker en syn hûn, elke moarn en elke jûn. Hoe komt dy menear sa rûn? Wel, hy snobbet elke…
ik soe dy in tút jaan midden yn ‘e winkel fan AH soe ik myn slach slaan by de tomaten do wiest noch fier fuort mar ik seach dy stadichoan tichteby kommen efter de winkelkarre wiest de yochert al foarby…
Juster yn ‘e iere moarn, ik wie noch net fan ‘t bêd. Ynienen gie de tillefoan en ús mem dy gûlde sêft. Myn beppe wie ferstoarn, samar yn har sliep dy nacht. Us heit dy gûlde net, mar hy stie…
Heit rydt stadich oer de oprit, nee, de klep koe lang net ticht. Mem komt fleurich fan ‘e fliering: goudfersielsel, o sa sjyk! Heit dy mjit dan mei de tomstôk, ja, der moat in hiel stik ôf. Wy begjinne út…
It bliuwt my hiel myn libben by, de dei doe’t op dit stee in grutske heit my plante as bertebeam, – it stie sels yn ‘e krante -; mar heit en soan, se binn’ al tiden wei. No priizje minsken…
Alle dagen gean ‘k nei skoalle, alle dagen op ‘e fyts. En se komm’ fan alle kanten, al dy minsken grut en lyts fleane my foarby yn ‘t libben ûnderweis nei dat of dit; stoarje blyn op harren smartphone sis…
‘ien piltsje hindert neat’, seit hy ‘kom, drink der mar wat by’ sy sweeft as in fearke op ‘e wyn boartet yn de sânbak lykas lang ferlyn streket Pûke oer de wiete snút wol swimme, docht alles út yn ‘t…
Asto ris útfanhûzje wolst nei it hûs fan tante Jant al wol jim mem it noch sa graach doch it asjebleaft net, want elk wit der fan yn Pompegea en ast it leaust of net it gûnzet fan geroften dêr…
Us Moarke wurdt aanst al achttjin, dat is in hege leeftyd foar in kat. Mar oft er ‘t hellet, doar ik net te sizzen: dat bist mankearret nochal wat! Hy kin net sa goed mear rinne, syn achterste poat wol…
Oarloch is: foar alles bang, noait net witte foar hoelang de soldaten yn ‘e strijitte fjochtsje en op alles sjitte. ‘t Kin net skele yn hokker taal, oarloch is in wreed ferhaal. Oarloch dy’t de wrâld ferskuort, is foar ús…
Der wie ris in wyt hynder en dat hie ien grutte winsk: hy woe och sa graach oan it wurk by in moaie jonge prins. Dus pleatste er in advertinsje yn it blêd ‘Vorsten’, ‘t is gjin grap: ‘Wyt hynder…
Miskien wolsto my net leauwe, fynst my eins mar wat in siel, mar der is neat sa gefaarlik as in grut en âld kastiel. Alderearst de takelbrêge, oer it wetter fan de feart. Ast dy boppe-op dyn kop krijst, komt…
Us beppe rint der soms wat by, ferfromm’le en ferlept. Mar hat se by de kapper west, dan fielt se har wer opperbest. Us beppe seit fan: permanint dat is in bêst resept. Us Maarten hie in matsje want dat…
Mem skoarde ‘n nije opdracht by in hiele grutte klant. En dêrom ieten wy lêst’ yn in stjerrerestaurant. Ik hie der bêst wol sin oan, ite kin ‘k de hiele dei. ‘k Bin gek op spare-ribs en patat en iis…
Us Bijke is in hûn, hiel bysûnder. Ik soe hast sprekke kinne fan in hûnewûnder. Hûnen as ús Bijke bin’ der net in soad. Us Bijke, ik sil ‘t jim sizze, is tige snoad. Undogens is er, mar ek hiel…
Elkenien dy moat wat ‘wurde’, mar ik wit it werklik net. En ik moat no wier hast kieze, want oars is ‘t foar my te let. Mem seit: do kinst alles wurde: dokter, dûmny, direkteur… Do hast wier genôch talinten:…
Ik moat in bril. Ik kom der net mear ûnderút. Ik kin roppe en raze mar mem bliuwt by har beslút. ‘Mei ik dan teminsten linzen, Sa as elk normaal mins. Ah mem, please, dat is mijn grutste winsk.’ ‘Derfoar…
gûl no mar net wês stil stil hearst de wyn wêr komt er wei wêr giet er hinne ierde de tiden fan it jier fine har yn fûgelnêsten yn aaien werom waarm fiel mar moanne wetter it sâlte wetter fan…
Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun, mei hjerstich tried fan reachfyn goud. Ik ha de tonge fan dyn tinzen preaun, en foar dy in himel boud. Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun, mei inket, ynlik read,…
Ik sit wer oan see. It is leech wetter. Skjipperstront plakt oan myn broek. Yn ‘e fierte lizze de pakes en beppes op it tsjerkhôf. Prikkedaam is it wurd dat yn myn kop al fiif minuten wei is. It waait…
In neare jûn, de huzen keare swittend binnenstbûten, de stimmen yn ‘e tunen boazje oan. De loft is swier fan rein. Hy rint sa stadich as er kin, want op syn lippen wol er de earste drippen fiele. By ‘t…
Help, ús heit sit yn de ww! Alle dagen is er thús. En om’t er neat mear te dwaan hat bemuoit er him dus mei ús! ‘Hee, wêr silsto no wer hinne? Soesto dat no echt wol dwaan?’ Húswurk: ‘Soest…
By pake baarnde in kearske, jûns yn ‘e skimer stuts er it oan. It stie de hiele nacht te skinen, hy dwêste ‘t yn de iere moarn. Sa’n leaf kearske hat wat noegjends, flûnkerjend sprekt it syn eigen taal. Doe’t…
‘t Is wat apart, mar ‘k wit net better, ik fyn ‘t suver al gewoan fan ús Willem, altyd, oeral falt dy jonge út ‘e toan. ‘k Wit noch hiel goed wat ik fielde, doe’t ús mem it lûdop sei:…
De koekoek leit, dat witt’ jim fêst, Syn aaien yn in oarmans nêst. In oar briedt út, in oar bringt grut, Dat let fansels de koekoek neat. Ien moat de swierste ein dochs tille. In oar de soargen, wy de…
Hat jim kat in wyt puntsje oan it eintsje fan syn sturt, frege buorman. Hy lake net. It wie in gleone simmerdei, ik fielde hoe’t it yn myn boarst begûn te friezen, hearde it bûnzjen fan myn hert. Hy leit…
Wy ha wol in núv’re sykte, Myn freondinne, sy en ik. Wy kinn’ wol in oere laitsje en dêrnei krije wy de hik. No, dêr moatt’ wy wer om laitsje, Sa giet dat de hiele dei. Ja, it is miskien…
sa rizich stie er dêr de âlde beam bewoartele yn de grûn in bytsje skean de rêch ôfkeard tsjin ‘e westewyn skodholjend wachtsjend op sinneskyn yn ‘e tûken ferskûle in libben fol fleur dat soe er bringe mei blêden yn…
Ik hie dy by de warming-up al sjoen en tocht: foar dy sil ik troch alles hinne, foar dy haw ik myn swit oant no ta jûn. myn sprongen sille hjoed dyn eagen winne. Mar doesto op ús fak ta…
Soms bin ik wolris bang dat nei in lange nacht hjir alles oars is foar de grap, allinnich ik dan net mear snap wat oaren wol begripe. Dat stiennen sels net rinne mar sitten bliuwe yn it paad. Dat fytsen…
We brochten radyskes bij ús heit en mem. Earste radyskes út ‘e kas. Se bearden der wakker fan. Op it teemeubel stie in kaart fan kunde, dy’t ’50 jier’, sei heit, ‘nee, 55 jier,’ sei mem, troud wienen. Se helle…
it tuorke fan de tsjerke stekt troch de beammen net dy tsjerke fan de mummys net elke oare tsjerke dy’t sprekken lije mei gewoan in tsjerke mei in steal beammen der giet in paadsje hinne mar ik kin der net…
Der is in wrâld neist ús wrâld de earste wrâld Yn dy wrâld leit in lân grôtfol kofjekopjes kofjekannen kofjefilters seefkes ljochtsjes In grôtfol lân mei apparatuer foar espresso kappesino en kofje-gewoan ‘t Is it lân fan kofjetsjok en kofjeskoft…
Ik bin de simmer kwyt, wêr is er keard? Ynienen wie er samar oan ‘e ein, wylst wy tegearre alle dagen seagen hoe’t sinnestrielen spatten út ‘e feart. No slacht tsjin ‘t rút de treasteleaze rein. De simmer hie ús…
Miskien wolsto my net leauwe, fynsto my in bange knyn, mar der is neat sa gefaarlik, as in dei mei hurde wyn. Hurde wyn, neat as ellende, hege golven op ‘e see. Fiskers yn te lytse boatsjes, sitte sa yn…
dat it net oars wurdt as ik om dy sykje as de blêden oan ‘e beammen risselje en in wolk in tel foar de sinne skoot dat ik sêft fan leafde blommen yn dyn hier befrisselje en sis: ik ha…
Fredige dei, sa wûnder ljocht, Stil feest fan snie en sinne, Hoe wurde myn tinzen sêftkes brocht Nei de blide tiid fan foarhinne; Lyk sinn’ en snie de keale wrâld, Sa siere dream en dize De teare bylden, jierren âld,…
Oer de earste sleat, en dan in groppe fierder, Dêr waait in ljurk út ‘t dauwich miedlân op. Syn tûfe, as de helmplom fan in ridder, Stiet triljend op syn lytse fûgelkop. It griene lân, dêr’t bûnte bisten rinne, De…
L’Aubisque, Le Galibier. Jawis. Mar dy’t myn berchetappe op ‘e seedyk fan Harns nei Surch, mei bolderige wyn en pûsters as in orkaan, ferlytset ta in traapke fan ‘e mollebultkategory, ik sil him lek stompe litte op basaltblokken fan smeulske…
Ik wit wol, snein is yn prinsipe krekt sa lekker frij as sneon mar sneins dan fielt it krekt as wol dat frije net en krûpt der swier en dreech in skyldpod oer my hinne. Snein fielt as wachtsje op…
Wetter, stien en sân lizze yn de palm fan myn hân koe ik mar: swimme yn de stien drinke fan it sân en sliepe op it wetter mar foar alles is in tiid en plak want slim te begripen de…
Freonlik de heuvels by Vaison la Romaine, net heger as by ús de dyk, en op it kastiel, as yn ús eigen keninkryk, in ljocht by nacht, om wat net doocht te kearen. Sa sacht dit dodzjen op it balkon….
hjir leit de see, breed spegeljend ûntwyk foar wa’t de jûn bekrûpt; foar wa’t allinne is, is de seedyk dêr’t jûn op jûn de sinne him fersûpt yn blakstil wetter of yn foarse weagen en tusken dyk en kym sykje…
Us beppe hat in sykte, of, no ja, ‘t is mear in kwaal. Us beppe siket blikjes! Net te leauwen. Abnormaal! Se skarrelet mei in griper en in sek by berms del. Dy ôffal, dat is harres. Komt sels ek…
Fjouwer wie ik, doe koe ‘k fytse. ‘k Hie myn nocht fan it gerin. Fleurich fleach ik oer de stoepe. ‘Sjoch ris memmy wat ik kin?’ Doe ‘t ik fiif wie woe ik swimme. No, dat ha ‘k doe ek…
In grutte krobbe wenne ûnder in stobbe mar dat wie him net nei ‘t sin want sa’n hûs wie him te min Hy gie op reis en elts húske ûnderweis beseach er wol mei sân pear eagen dy pastorije wie…
Se sochten earst alle beide om in lege doaze. Hy seach ‘m earst mar ús mem mocht ‘m ha. Dêrnei stie er tafallich gewoan efter mem by de kassa. It wie drok, se moasten der leau ‘k frij lang wachtsje….
jeu, sjoch hjir myn nije blitse scooter, yn ‘e moaiste kleuren: read en wyt hy hat in hiel geve lûde toeter gjin seefûgel dy’t it doart en skyt op myn scooter jei ik troch de strjitte buorfrou Sytske springt hurd…
Yn it doarpke dêr’t ik wenje binn’ in protte minsken ûngewoan, der binne fansels ek wol oaren, mar de measten mankearret dochs wat oan. Nim bygelyks Gerrit Hupke, dy man dy giet dûnsjend oer de dyk. Soest tinke: wat in…
heit ik wol mei dy te fiskjen moatst myn nije fuotbal sjen heit do moatst mei my healwiizje en my leare hoe’t ik myn fytsbân plakke kin heit wolst mei my nei de merke en de fjouwerjûnetocht mei rinne heit…
Op myn luchtbêd sjoch ik him kommen. Dûnkere eagen, kroljend hier. Krêftich swimt er nei my ta. Ik doch krekt as ynteressearret er my gjin sier. ‘What’s your name and where are you from?’ Gááp……..wat orgineel. Leaflik laitsje ik werom….
altyd bin ik te berikken bin standby en daalk online altyd wol ‘k der foar dy wêze -keep up with friends, wherever- mar do… do bist soms sa fier safoll’ freonen dy’t my folgje ‘k ha der hjoed wer njoggen…
ik haw in pake dy’t net leaut dat se op ‘e moanne west ha dy’t de televyzje útset as der mannen mei in wite kape fan ‘e Ku Klux Klan op binne, in pake dy’t seit: ‘dêr sit in kopke…
Wy heukerje de kraach omheech en rinne stapke foar stapke yn in lange slinger achter de kiste. Ik mei de blommen drage. ‘t Is droech wurden om my hinne, sakrekt spielden wy sawat de tsjerke út. Te folle bargetriennen fan…
Lyklama is dea, wat slim, tocht ik doe’t ik it hearde, dat earme mantsje nea sille wy him mear fytsen sjen of kuierjen mar doe’t ik der wat langer oer neitocht, tocht ik: elk hat syn tiid hjir op ierde,…
It baarnt yn ‘e fierte wy kinne net helpe wy sjogge hoe’t pleatsen platlizze en minsken gûle Wy hâlde ús muorren wiet hoopje dat de wyn net draait mar as de wyn malket rinne de fjoeren As ús pleats baarnt…
winter op ‘e Sweach it iis dat kreaket yn ‘e sleatten makket dea en libben relatyf op ‘e hoeke by it fytspaad njonken it âld djip sit yn ‘e rûchte sûnder snie ik sike jerk de kop mei snaffel yn…
‘k Waard berne yn in mesterij mei withoefolle oare biggen. It ljocht wie keunst, it foer wie keunst. Natuer? Dy joech ús stank en miggen. In wrâld fan izer en beton foar my en foar myn lotgenoaten. Myn rôze lichem…
Moat ik dan wat wurde letter, want is hjoed dan al foarby? Wat bin ik no wat letter net is, bin ik noch neat of noch te frij? Wat moat der by en wat kin better, wat is goed en…
It helpt net om slûzen ticht te laskjen, it wetter giet op en del wannear’t ik dat wol. It helpt net om fleanrûtes op te heffen, de fûgel komt altyd wêr’t er wêze wol. It helpt net om alle beammen…
Nea wer seach ik hy dy’t my makke. Hy sette stil en liet my los en sei net hoe’t ik wie en neamde net myn namme. Sei neat oer kleur, oer aard en foarm, oer wa’t ik bin. Syn eigen…
Noch earder as it iere grien, sil tusken swarte tûken wite huningmûltsjes bloeie, de nije maitiidsloft behappe, har fêstbite yn it hout en dan as losse bernetosken oer de hiemen falle. Noch waarmer as ea ferhalen sizze kinne, sil skielk…
ik bin it wetter benim my net de yllúzje as stoarmen my swypkje te’n lêsten in wâl te finen want ik slach tsjin de dyk klim by basalt omheech wurd ik de djipte ynskuord ik bliuw mysels bats sear tusken…
Hikspeallen skampjend jei ik oer Mûntsjeleane – swarte ekers, dêr’t seefûgels boppe fleane yn in djip trekkerspoar troch de nije gebieten. Itselde ljocht. Deselde sâlte, lûde lieten. Hjir haw ik yn skoalfakânsjes ierappels socht, it goud selsstjoerend nei de skuorre…
Wês net bang, do meist opnij begjinne, mei wisberette faasje of yn ‘t blinelân. Wolst de regels folgje, alles sels wol kinne, litst de stipe los of grypst krekt nei in hân. Wês net bang foar al te grutte dreamen,…
De see wie blau en helder as in spegel De sinne blonk, it wie in waarme dei En sokke dagen lis ik yn ‘e regel Op ‘t strân te slomjen en myn hûntsje mei. Mar diz’ kear net, no syld’…
72 jierren hawwe fan har antlit in print etst yn in noch net beskreaune styl op ‘e eftergrûn geve yn ‘t sâlt bebiten streekjes fan ‘e skol skar en skylfisk dy’t hja yn ‘e rin fan ‘e jierren útsutele hat…
De dei hat kleuren fan blau en pears it reid stiet giel as strie tsjin ‘t doarp it iis leit as in flier like griis en glêd as ruostfrij stiel mei fine naden laske fannacht ha wy it skuorren heard…
Ik hear de minsken wol praten. Ik sjoch de minsken wol sjen. Se rabje oer út heit en se rabje oer ús mem. Minsken fregen my ek wol: Hoe giet it no by jim? Foar dy is ‘t ek wat…
Der lei oer d ‘âlde stêd in bleke skyn de deis doe’t hja weromkaam út it easten mar nimmen wachte dêr om har te treasten it plak te wizen wêr’t se wenne hien’. It hûs – wie dit it hûs…
Dit lân, ik haw it heard it gûlen fan de noardewyn, it skuorren fan it iis, bekende stimmen yn de nacht. Dit lân, ik haw it sjoen it wylde wetter fan de mar, de wolken dy’t op reuzen lykje, de…
Op it mêd fan iterij woll’ se graach wat nijs betinke. Elk jier komt der wol wat by om te iten of te drinken. Mar dit is dochs wol wat gek: hâlde s’ ús no foar it lapke? Mei wat…
hark hearst dat hearst dy lûdsjes sjoch sjochst dat sjochst dy kopkes moatst net ferwege moatst hiel stil wêze moatst hiel goed sjen ja sa krekt sjochst se wol dy kopkes hearst se wol dy lûdsjes seis binne it seis…
Mei ús gimmestyklokaal is alles mis: it is der te kâld of kinst der wol rane, it stjonkt der nei omkeswit en bokkepis allinnich de behearder mei oan de ramen. Oeral sweeft biezemtúch, plúster en hier, hjir fynst in pleister,…
Hy hat in ferske foar my skreaun, it siet ynienen yn myn tas. En doe ‘t ik húswurk meitsje soe fûn ik it lytse briefke pas. Hy skreau dat hy faak nei my seach, by bio of op it skoalplein…
Hast wolris nei de stjerren sjoen, soesto se telle kinne? Moatst mar ris riede op in jûn hoefolle it der binne. Hast wolris neitocht hoe’t it sit, sa’n stjer dat is in sinne, mei allerhande soarten fan planeten deromhinne. Moatst…
Tink dy ris yn op in dei yn ‘e simmer sitsto yn in boatsje dat driuwt op ‘e poel. Merkels en eintsjes dy boartsje om dy hinne, de sinne is waarm en it wetter is koel. Dan troch in twirre…
De minsken freegje my sa faak: ‘Wat soesto letter wurde wolle?’ Dan helje ik stoer myn skouders op en sis: ‘Wit ik folle.’ ‘Do kinst alles wol wurde,’ beare se dan, ‘dokter, rjochter of jurist. Do kinst ommers sa goed…
Us heit en mem binn’ mei fakânsje. En no ha ‘k in kat, twa kninen en in hûn. Sels in geit rint yn ‘e keamer; ik bin in ‘oppassintrale’ begûn! Dy hûn is as in keal sa grut, mar hy…
Der is in prachtich moai gedicht, ik kin it hielendal út ‘e holle. Ik wit it mei de eagen ticht, wat soe ‘k it hjir graach bringe wolle. Al myn gefoel kin ‘k der yn kwyt, it rint sa moai,…
‘k Mei hiel graach yn ‘t swimbad lizze en ik swim ek bêst wol hurd. Mar sa’n startblok en dan dûke? Kram’le nee, dan bin ‘k sa’n tut. ‘k Mocht ek hiel graach hynderride, yn ‘e bak en moai yn…
Do sitst altyd yn in rolstoel. Dyn spieren wurkje net as dy fan my. Do kinst net drinke út in beker, mar krigest der altyd in reidsje by. Do praatst mei rare lûden en sjongst de hiele dei. Klapst mei…
De skonken binne net mear fan dysels. Wis, se ha dy holpen om fan ‘t bêd te kommen, en binne mei dy troch it keammerke strampele, datst earst de kleden iepen lûke koest. Mar hastich ha se doe de stoel…
de iene hân yn ‘e bûse fan har heite kroltsjejas de oare yn har memme fingermof rinne se nije kûltsjes yn ‘e snie dy’t knerp seit efter de tsjerkefinsters flústerje tûzen ljochtsjes kom mar kom mar en wer en wer…
Novimber Der leit in dize oer it gea yn novimber. Dampich lizze leech de wolken, lânreek dy’t de bou ferswijt. Drippen oan ‘e wynbrauwen, it burd is wiet- in kuier. Bitelân is ‘t hjir, ik fiel de trekkerspoaren oan ‘e…
Yn ‘e kûveuze fan ‘e tiid, as in gladiator yn ‘e aow, fjochtet pake tsjin ‘e ynfaazje fan ‘e eksoaten. Mei broeikaskobben op ‘e siele wiist er syn pakesizzer it paad fan no nei doe: ‘Hjir wie de bulterige seize,…
Wa’t op it eilân Amelân it skeane paad lâns giet, sjocht dat dêr tichteby it strân in âlde tinkstien stiet. De letters binne hjoeddedei hast amper mear te lêzen, mar elkenien op ‘t eilân wit wat oft dêr op dy…
it strân leit as in skierwyt fel papier yn it lêste ljocht de tekening fan hjoed wie mar in út ‘e losse hân opsetten skets wêr binne se bedarre de bliere bern de mei de eagen ticht net mear ferlegen…
Tusken de griene kliffen, dêr’t de hege see De oester fan ‘e woeste kust útslikket, Smite derten bern wite stiennen yn it Blauwe wetter, rynsk, as winsken fan Nea te sinken yn ‘e altyd winkende dea. Mar, is it tij…
komme mûzefergifpantsjes út ‘e hoalen, mei lêste keutels skiten of earste fan in nije pleach fiert houtwjirm heechtijdagen sloop in âlde muorre graaf de dampe flier út goai de groppe ticht mar lit it bûthúspaad bliuwe glêdsliten gieltsjes boaiem ûnder…
Wie it dyn mûle dy’t it die? Dyn laits? Begear fan fonkeltosken yn dat noegjend libbensread, gebeart fan langstme en geniet, de tsjoen dy’t dyn gesicht op slach ferljochte? Wie it dyn waarmte dy’t it die? Dyn rook? In soele…
Shakira sjongt foar my de pine, by donkerread behang en sigaret. Hjir boppe leit myn rêchsek klear om foar altyd fuort te gean. De Barbie ûnder it bêd is dea, der is yn my gjin boartsjen mear. Myn mobyltsje swijt…
(foar Anneke Bron) Ik ha in oare helte it is myn saksofoan. Hy keart my binnestbûten ik lit him myn wêzen sjen. Stadichoan is hy mei my fergroeid. Syn holten waarden hoalen yn myn lea syn iepeningen teisters nei de…
Wat sil dit stee? Sels dit eigenste hoekje skuorre hat gjin weet fan dyn hân, doesto hjir noch wieste. Ek al lykje kopketten, helters en singels har ferhongen te hawwen oan de rongen yn ‘e muorre. Mar sa’t de bankskroef…
Ek dizze nacht slacht wurch, ferrêde in side fan it libben om. De bisten ha de honger sêde en keare nei de stâl werom. Sa hjir en dêr sjongt no in fûgel syn suv’re sangen. ‘t Ljocht wurdt nij. Djip…
der binne fan dy dingen net te fangen yn dyn hân fier op in ôfstân bewege se en by eltse stap wat tichterby wurde se wei noch nyskes mocht ik skûlje ûnder ien en itselde dak wy praten en wy…
Der wiene ris dames, der wiene ris hearen, dy wiene beneamd om my dingen te learen, earst oer alle lannen en doe oer de seeën, dêrnei oer de reuzen en oer de Pygmeeën. Se wisten sa’n soad en ek sûnder…
Ik byn de lippen op ‘e mûle altyd as ik fize dingen sjoch, ik prop de hannen yn ‘e bûsen, sa bang bin ik dat ik it doch: mei in plakkerige snotlap kûse, fingerreare troch in fûgelkak, blaublabze knipe mei…
Wêr silst’ dy noch drok om meitsje Dat freegje ik my wier wolris ôf Alle dagen dat húswurk En repetysjes, mear as genôch! En sa moat ‘k noch jierrenlang leare Der moat noch sa’n soad yn myn kop Us heit…
ik ha in skuor har man hat my dochs mei de oaren yn it hok set útstel fan eksekúsje begjin april noch even dan meie wy wer mar sy sil my oan diggels slaan oer in pear wike sil ik…
om Fryslân op syn moaist te sjen kladderje ik op sneinske skuon yn myn nijste streekjespak by de seedyk op en by de see tilt it op fan deade dûkeleinen de loft wyldjaget fan blaumokken mei plestik bekers yn ‘e…
Us hûs sjocht der ferlitten út, mei de gerdinen der foar wei. It wurdt al leger efter it rút, sa fielt it ek yn my. Ik rin temûk de keamer yn, dêr’t it hieltyd rommer wurdt. En yn myn búk…
‘t Ljocht is griis, de sinne kâld. Fannacht is se stoarn, ús beppe. Juster wie se noch oan ‘t skreppen yn ‘e tún, tachtich jier âld. Beppe dy’t my ferskes learde en dy’t mei my spultsjes die, altyd wat te…
Ik lis op myn bûk yn ‘t hege gêrs. Stadich krûp ik tichterby. Ik hâld myn proai goed yn it fizier. It bist is noch rêstich, it hat no noch wille en fertier. Mei in kundich each bepaal ik de…
Wy hawwe nije achterbuorlju no sûnt in wike as acht en dy feroaring op ‘e buert hat my danich yn ‘e macht. Want witste, dy nije buorlju ha in spetter fan in soan en syn keamer leit foar minen oer,…
Wy geane, sei ús heit, nei Frankryk mei fakânsje dêr is it altyd sinnich en moai waar, ús mem lei dêr tsjin yn: dêrfoar hast’ gjin garânsje mar heit stie mei de wein al by ‘t trotwaar: de stuollen en…
Hoe kin de ierde om ‘e sinne draaie al ieuwen lang en sûnder rêst? Hoe sweeft de moanne om ús hinne of hâldt in grutte hân ús fêst? Hoe kin ‘t dat wy net fan ‘e ierde falle? Wa hat…
Ik haw in baan foar heale dagen, ‘k fertsjinje sinten by de bare bult! ‘k Hoech myn hân net langer op te hâlden, stean net mear by ús mem yn ‘e skuld! Ik bin fêste oppas by de buorlju, draai…
Ik wol sa graach in drumstel ha mei basedrum, bekkens, tromme. It liket my geweldich ta, soe it der oait fan komme? Ik bin pas yn myn elemint mei trommeljen en tikjen. Ik wol graach spylje yn in band, de…
In wite haai yn d’ oseaan sei op in dei: it is gjin dwaan sa smoarch wurdt hjir it wetter; ik hâld myn fel mar amper skjin en ek de smaak is fiis en min en net in greintsje better….
Ik sit al even op ‘e fyts en ynienen, shit, o nee! Myn mobyl leit noch njonken de beker tee. Dat kaam fansels fan Annyk, dy sms-ste fansels oer Kees-Jan O, wat bin ik stom, myn mobyl fergetten! Ik moat…
Us heit sei: ‘Ik wol in pear hinnen. Dat liket my geweldich ta.’ Us mem fûn ‘t plan ek net ûnaardich: dan soene we farske aaikes ha. Se hellen rôlen gaas en planken: in nachthok mei in grutte ren. Getsjoen…
Jippy, ‘t is hjoed rommelmerke, altyd wer in leuke dei. Oan ‘e dyk âld guod ferkeapje, en de hiele buert docht mei. Yn in doaze op ‘e fliering stiet it spul al moannen klear. Boartersguod, in âlde printer, boeken en…
Jantsje mei graach fjurkestoke en sy docht dat dan ek faak! Nimt wat tûkjes en wat houtsjes, fjoer derby: it baarnt omraak! As lyts famke lytse brantsjes, oaljelampke, kearske, klear. Mar dat wie fansels foar eefkes. Se woe grutter, se…
Ik haw in hiele leave heit hear, echt de leafste dy’t der is. Mar as hy wat foar my makket, giet der faak fan alles mis. By it meitsjen fan myn widske, tocht ús heit dat slagget bêst. Mar it…
De wintersinne sakket al geandewei en set de westerkym yn reade gloede. In rider sjit oer ‘t iis mei lange, wisse streken, de jûnloft yn ‘e mjitte. It lege ljocht skept him in skekkend skaad dat him ûnskiedber folget, mar…
hjir leit de see, breed spegeljend ûntwyk foar wa’t de jûn bekrûpt; foar wa’t allinne is, is de seedyk dêr’t jûn op jûn de sinne him fersûpt yn blakstil wetter of yn foarse weagen en tusken dyk en kym sykje…
foar H Stil lei it grien dêr oer de lege lannen fan kleur fersketten, ‘t jonge gers kroep wei wreed waard it libben skept en brutsen lam stiene wy te sjen sa macht’leas wiene wy dy dei. De fammen gûlden…
Op ‘e Ivige Leane wurdt it altyd better, men krijt der hâld oan ‘t fiere grien: De pleats is sichtber, tsien minuten letter fytst men gerûs fan popelieren yn. It ljocht stiet stil en skimerich yn de skuorre. De rook…
bitterswiet bitterswiet priuwt dit lytse leafdeliet sil dyn ear ‘t wol ienris heine as de fine drippen ‘t reine reine litte oan dyn blinen silst it hearre as de winen flaikjend om dy hinne strune harkest? hark yn alle tunen…
sa fredich wie it doe, dy waarme dei doe’t ik siet by dy mei achter ús dat hege tichte reid, der is gjin wei werom seistû en foar ús lei it wetter in akwarel fan jûntiidssinne en letter naamdestû myn…
‘k Wol dizze jûn myn grinzen ris ferlizze aanst stek ik ôf, al is ‘t ek neare nacht. Hoe moat dat no? Moat ik it thús net sizze? Ik ha de moed net. ‘t Komt te ûnferwachts. By ‘t túnpaad…
der stie in parrebeam yn appelskea de tûken swier de fruchten sjoch doe kaam de jager mei syn jachtgewear en skeat der twa pûn hagel troch der stie in arrebeam yn pappelskea de twigen noch yntakt miskyn doe kaam de…
Kinsto grutte minsken folgje? Under iten sei ús heit: ”t Sjocht hjir swart fan bûtenlanners ‘t wurdt te fol, dat is in feit’ Mar fan ‘t winter, mei Somalië, sei ús mem noch: ‘Sjoch no ta, Och sa’n stumpert, och…
Do rinst dysels nochris in kear foarby, seinen se. Se ha gelyk krigen, dy se elke kear as ik efterom sjoch, tink ik: stom noch ta, dêr kom iksels oan! Moat ik no bang wurde? Do komst dysels noch wolris…
Kom op, d’r ôf: it is al let. Wêr is myn mobyl? Ik sjoch myn sokken net. De klean gau oan, de gel yn ‘t hier, bôle by de laptop. To start: click here. Moai sa, moai sa start race…
Ik bin in feestbeest en ik hâld fan lekker swinge yn ‘e stêd. Myn bûsjild is dus net genôch fan jild ha ‘k swier ferlet. Elke moandei en freedtejûn kinst my no yn de super fine. Ik sit op knibbels…
Okkerdeis lies ik yn in boekje, dat fûn ik machtich ynt’ressant: ‘alles watst wolst, kinst berikke’. Sa’n fynst, dat is fansels briljant. Ik ha ‘t yngeand bestudearre, ek al wie dat soms in toer, mar, om grut sukses te hawwen,…
‘k Lis yn ‘t gers, tichtby de roazen, ‘k tink oan dy, myn leave hûn. Djip ûnder my leist begroeven, op dyn tekken, yn ‘e grûn. As wy by de tafel sieten, leidest meastal by myn stoel, want wy wisten…
Letter doar ik dy te freegjen, as ik grut bin, net mear bang. Dan bliuw ik foar altyd by dy, mar dat duorret noch sa lang. Earst doch ik myn bêst op skoalle, dan krij ik in goeie baan. En…
Skilderijen en skulpturen, byldhouwurken net te min, ús famylje is sa keunstich, mar ik wit net wa’t ik bin. Slacht ús mem hjoed yn ‘e klaai om en boetseart sy dan in byld, sit de klaai my yn ‘e earen,…
Dit leave lytse lichte lietsje is in liet fan neat, it dûnset troch de strjitte driuwt samar op ‘e feart. springt by de bakker op ‘e hoed klimt op de boekekast fan Sjoerd fart soms in eintsje mei de boat…
Jouke sei sakrekt tsjin my dat Nynke tsjin him sei dat Ytsje tsjin har sein hie dágen wie se al op my. Ik bin ek al hiel lang op har. Dat haw ik doe tsjin Jouke sein, dan seit dy…
Jitske wenne mei har heit (hy wurke by Steatsboskbehear) Yn in húske by de Deelen. Krij de bûsdoek mar fêst klear. Jitske boarte by de skuorre, Jitske boarte by de feart. Dat mocht bêst, se hie yn Ljouwert jierren lyn…
Ik ha in nije hobby. Ik doch it eltse dei wer op ‘e nij. Moat der in learaar narre wurde, dan bin ik fan de partij. Propkes sjitte troch de klasse as er efkes net sjocht. Of kaugom plakke op…
Justerjûn doe soe it heve: kampeare, sa hiene wy betocht. Wy klommen op ‘e souder en hellen de tinte foar it ljocht. Kampeare yn ‘e eftertún, dat like ús in goed begjin. Dat wy wakker oan ‘e gong. Mar ‘t…
Ik wol mysels in lege holle meitsje gjin soargen oer it hûswurk ha net langer fan de wize reitsje fan as ik net slagje, it kin mar sa Ik wol mysels in lege holle meitsje net tinke oer de rûzjes…
Dat geëamel fan ús heit oer myn omhingjen op ‘e bank, de oerkes efter de kompjûter, de kondysje dy’t ik ha… Om fan it geseur ôf te wêzen gean myn broer en ik trije kear wyks nei it sportsintrum ta….
Wy hawwe thús in kavia dy heart der hielendal by, sa’n fleurich piipjend bistje en ‘t meast is er fan my. As ik út skoalle kom dan is faak ús mem der net. Se is oan’t wurk, mar ik ha…
Heit soe foar mem in kastje meitsje, in soartemint fan boupakket. Der siet in boekje by mei plaatsjes, mar heit sei: ‘Nee, dat hoech ik net.’ ‘In efterkant en trije laadsjes, wat plankjes en it doarke foar, in ûnderkant mei…
Moatsto hjoed noch erges wêze, giesto gauris op ‘en paad, hast dyn nocht fan áltyd lêze, brûk dan net in wegekaart. Kaarten binne foar de dommen, brûk in tomtom om te gean en fansels ek om te kommen tomtom lit…
Lang lyn wie ‘k krekt as alle oaren, in heit en mem, in eigen thús. Mar no is dat folslein feroare, en wennet heit net mear by ús. De leafde út, se woenen skiede, it guod ferdield en ik bleau…
Wy bin ferhuze. Fan ‘t âlde hûs hien’ wy ús nocht. Hoe’t it nije hûs der útsjen soe dat ha wy sels betocht. Heit efter de kompjûter, mei potlead en papier… hy tekene en tekene… hy hie it swit yn…
Hoe ‘t it wêze soe asto der net wiest, soe ik net mear witte. Op de ôfsprutsen tiid, moarnsier, makkest my wekker. Beide, fol enerzjy, begjinne wy de nije dei. Dyn byld ljochtet op, mar ûnwis is myn hân asto…
Ik wenje yn de kast dy’t op dyn keamer stiet. En ik kom earst ta libben as jûns it ljocht útgiet. Dan stean ik yn it kier en blaas nei it gerdyn. Meitsje ik in lûdsje, hâldsto dyn azem yn….
‘k Kin myn keammerke oprêde, of ik poets myn fyts in kear. ‘k Soe in haadstik lêze kinne, mar ik bin net yn de sfear. No alfêst de jirpels skile, dan kin mem aanst rêstich oan. ‘k Sit my dochs…
Ik bin net krekt as alle oaren. Ropt ien : ‘Foarút’, dan tink ik: ‘Ho’. Ik sjoch yn griis wol hûndert kleuren, en wol net moarn, mar hjoed en no. Ik reagearje soms wat nuver, op feestjes sjit ik samar…
der dûnset in ballontsje troch de strjitte, flinterlicht in toutsje oan syn kontsje en in laits op it gesicht. hy hat in protte wille, rollebollet oer ‘t trotwaar. de wyn kin him wol tille it is lekker simmerwaar. hy faget…
‘k Bou in hûs mei tolve keamers, foar de fun en it gemak. Mei in swimbad en in glydbaan en in fuotbalfjild op ‘t dak. Mei in keamer om te sliepen yn in himelheech grut bêd. Mei in keamer om…
Broers… ik begryp der faak gjin jota fan! Nim no ús Tseard, dizze wike 16 wurden. No… as ik 16 waard, wist ik it wol! Dan woe ik in stoere brommer ha en in ‘coole’ learen jas. Mei in famke…
Doe’t ik by de sleat siet, seach ik in kikkert hieltyd tsjin de kant oan swimmen. Ik woe him in hân jaan, of, as er dat doarde, de mouwe opstrûpe en fan myn earm in loopplank meitsje om derút te…
Njoggen smaken cola en wol santjin soarten chips sûkelade, soda, kaugomkes yn trochdrukstrips sûker, fris en ranja, it moat allegear te plak, twa kear yn de wike is supermerk myn fak. Ik wit persiis wêr’t alles stiet, de sjerp, it…
‘t Wie dy jûn, ik wie al boppe en ik boarte noch wat om doe ‘t ús mem ús stie te roppen en ik wist: der wie wat. Kom, wat soe ‘t wêze, net sa skrikke. Mar ik fielde my…
Wy wiene yn in see fan blommen beppes âld tafelkleed wie it flot it hiem de blommesee do wiest de kapitein en ik de stjoerman Sussy wie de matroas se koe noch net goed rinne se foel hieltyd in dronken…
Der is yn myn túntsje in smûk aardich plakje, dêr mei ik graach wêze, beskûle yn ‘t grien. Mei boppe myn holle, in ticht blêdedakje en deun neist myn lisstoel in kikkert fan stien. Ik foel ris yn sliep en…
‘Shit!’ Fergees taast Hilda yn har bûse. ‘Dêr hie’k him dochs, safier ‘t ik wyt… Dy ferhipte fytskaai ek, ik bin dat rotding wer ris kwyt!’ ‘No moat ‘k myn fyts hjir efterlitte… O, wat fyn ik dit no stom!…
In stille nacht. It lampeljocht bleek en kâld strykt ûnmeilydsum lâns in hûs, in beam en in âlde pleats mei dingen net te neamen, sa rydt ús auto troch in frjemde wrâld. De doarpen lizze sûnder skoar en hâld yn…
Hast’ dat ek wol ris? Do stiest foar de spegel, se sjocht dy oan, freegjend ‘En wa bisto?’ Is sy deselde as my, of bin ik deselde as har? Ik sjoch har oan, ynkringend ‘En wa bisto?’ Bin ik dejinge…
Ik bin net bang fan ‘e toskedokter. Ik bin net bang fan ‘e toskendokter syn stoel: kinst dy der sa lekker yn deljaan. En dy grutte lampe boppe de holle dy’t oant yn ‘e fierste hoekjes fan ‘e mûle skynt,…
Ik tear de earmen om it liif en lûk de lamme skonken yn. It lêste wat myn blik noch heint is ‘t stille hingjen fan ‘t gerdyn. Ik slút de eagen foar de dei en lit al myn gedachten frij….
koe dit mar it gedicht wêze dat as in stielen boarstel bjint en krast oer âlde koarsten behang fan muorren skuort it griis beton har geef en neaken liif werom jout fan it waarme hout de ferve skrabet oant eigen…
neisimmerske ljochtspegelingen libellen kruse myn paad kleurich as yn sudliker streken op ‘e rûge tafel ûnder eachweid jout de luchtige siel har del boade fan lichtens en boartlikheid readkleurich it lange liif ik trochsjoch har reachfine wjukken as in mear…
dy simmers wachte ik fergees op lûden út de swanneblom kroep de sleatswal nei de hikke ta troch gatten yn it ramtwurk fan hout en spikers ferwide him de wrâld seach it hea my oan troch kowefinsters troch gatten fûgellûden…
Giesto op reis? Dan giest om wat te finen: in faach besef faaks earst, mar geandewei begjint it garjen. Meastal lytse dingen: in ûnbekende beam, in blom, in fûgellûd, in taal, en njonkelytsen kleuret de sûnt de bernetiid ferblikte keunst…
De bus rydt as in keamer troch de nacht, de wei is rjocht, de dyk leit einleas fêst, lofts de bedimme see, nea yn ‘e rêst, ús útsicht yn it sêfte moanneljacht. Fóar my de jonge krekt noch skearde nekken…
Der hat in tiid west sa leare ús de fossile fynsten dat de kontininten fan Grienlân oant Fjoerlân befolke wiene mei reuzereptilen, dinosauriërs, roppige, út har krêft groeide meunsters dy’t wat de ierde opjoech oan beam en plant kealfrieten en…
Hannen by ‘t liif lâns Goed de seal yn sjen Oe, dêr sit de sjuery Wat wie ek wer de earste sin? Ik graaf gau yn myn ûnthâld Mar fyn allinne in grut swart gat Mem knikt, sa fan “Begjin…
Ale-Jan is net sa’n sporter. Hy sit leaver op ‘e stoel. Hat in hekel oan bewegen. Inkeld skaken fynt er cool. Wurch dat wol er eins net wurde. “Sporte, dat is neat foar my. Ik bin leaver in pear oerkes…
Wat in drokte hjoed yn Boalsert, it is twadde Pinksterdei. Fytse lâns de alve stêden. Geart en Gjalt dy dogge mei. En dat dogg’ se op in tandem, eefkes liend fan omke Sjoerd. Hoech je net sa hurd te traapjen,…
Myn broer is o sa sterk kin fjochtsje as in tiger hy nimt it foar my op as wie ‘t in echte kriger Myn broer hat in freondinne mei kûltsjes yn ‘e wangen dy binne, seit er sels om tútsjes…
Ik bin as teen-ager net min: ik ha ferkearing, mei Jan-Geart, ik praat Ingelsk en ik smook en rin mei de nâle bleat… Sa gean ‘k mei Iris nei de ‘dancing’ of út en troch ris nei de ‘Zoo’. Juster…
As sy wol nei it feestje mei. En ikke, ikke net! As hy wol lang opbliuwe mei, en ik moat al op bêd. As ik net goed yn jumping bin, of as ik beppe mis, gjin trampoline krije kin, de…
‘k Wie sa graach as omke Jan, ek sa’n fet cool sterke man. Hy tilt sa mar allee hop, mei ien hân in hynder op. ‘Sa mar klear,’ sei omke my, ‘twa kear deis in panne brij, en dit dûnske…
Ús heit hat in nije auto. En grutsk dat hy dêr op is: ‘Hy kin wol 250, ja wier, wat ik jim sis.’ Kompleet mei Bluetooth en Tom Tom rydt er sa faak as er kin de buorren troch, sa…
Oeren sit ik al oan tafel, mei seis sprútsjes op myn board. Ik wol se dêr graach lizze litte, mar ús mem seit: ‘Ite! ‘t Moat!’ Seis fan dy fize, griene knikkerts, lizze dêr, sa foar myn snút. It liket…
As nimmen sjocht wat Minne docht fytst er by tsjuster sûnder ljocht hoewol’t syn lampe it wol die. As nimmen sjocht mist er de kick omdat der krekt gjin plysje wie. As nimmen sjocht wat Minne docht dan rydt er…
Ik wit in hiel moai paadsje ik kin it fine oaren net it ropt allinne my kom, seit it, kom hjir achter leit in lange leane dêr’t rigen beammen dreame, dreame… Ik krûp it paadsje del de wrâld út troch…
Us mem wol graach freondinnen wêze, se docht as bin we och sa dik. Se moat sa noadich ek myn boeken lêze, mei in knypeach, sa fan, ‘do en ik’. En altyd myn cd’s ôfdraaie, want dy fynt se ‘echt…
do hast dy klaaid yn ‘t pimpelpears by pompeblêdetrui en sjaal do rinst hiel hoeden lears foar lears troch farske snie mei redens yn ‘e hân hiel skruten hifkjend taastend foet foar foet op ‘t hurde wetter krijste moed en…
myn broer en ik sa stoer by’t beltsjedrukken hofkesjongen en ‘t pleagjen fan ús mem ik en myn broer breinroer mei heit op ‘e bromfyts de moudige paden oer famkesaventoer broer en broer myn fjildbroer yn ‘e natoer myn sportbroer…
foar de tinzen dy’t nachts by my krûpe soe ik de doarren slute wolle want op’e grins fan sliepen slûpe slangen troch kieren en sisterje mei spjalten tonge: oer de skonken mei bosken hier moast dy no net ris skeare…
Lit de sinne noch hiel efkes dûnsje mei dyn hier. Omearmje de dunen, boartsje mei de beammen, glimkje blier. Lit de weagen fan frijheid noch net op de klippen slaan. Foarmje in boechbyld doar dy oan it gûlen fan de…
Alle libben hat in sin oan de ein en by ‘t begjin. Sels al hat men op in jûn, in neefke op ‘e keamer fûn, dat jin nitelet en pjokt, sadat men sa’n bist ferflokt. Earst is dêr in sacht…
Om wer sân jier te wêzen. Sa’t it reid rûkt yn ‘e winter. Myn houtsjes skrasse oer de grêft. Op ‘e souder skimmelet it âlde strie. Drinkbakken klapperje oan ‘e muorre. Ien kat wennet hjir noch en ik wol nei…
slút de gerdinen en slút de wrâld út fan haat en wrok oeren en klok gerop en geraas in tsjokke waas fan wurden lege lege wurden dan bouwe wy ús in hûs fan leafde yn fjoerreade tekens dy’t skreauwe en…
famke giet dwyl fan ‘t wikseljend ljocht de dyk del, draaft yn ‘e sinne om de grutte hannen fan it skaad foar te bliuwen, oant der gjin ûntkommen mear mooglik is en se oppakt wurdt, dan blykt it pleagjen te…
Hoe’t ik siferje, ienris, twaris, ik kom altyd op itselde slútstik, der bliuwt gjin duit mear om te fertarren. It feest is dien, de wyn blaast al om noard. Fereale op dizze bleke tún is der ien fûgel dy’t net…
de dize dûnset oer de greiden leit in ljochte tekken oer it gea in reager dikert tusken reiden muskusrotten hoffenje har de lea reidhintsjes hoedzje harren jongen in snoek leit ûnferweechlik hast foar dea karrekiten hâlde in wedstriid priissjongen jûnssinne…
yn ‘e winkelstrjitte krûpst my oan noas tsjin noas each yn each hân yn hân sweve wy op in eilân yn de minskesee de mannichte makket in hage wy sjogge fage gesichten hannen klappe mûlen sjonge earst sêft dan in…
der waait in winterwyn om myn bêd grypt my yn gips en stive lekkens in skerpe skjirre knipt myn kontoeren út kreakjend iis stekt yn myn tekkens oan ‘e loft wetterwolken en in kloft grize guozzen mei beferzen bekken beskite…
hjir stean ik yn it felle ljocht in frjemde dichter hat foar my betocht wat ik hjir sizze kin mar mient hy it goed as wie ‘t in freon hie hy myn byld foar eagen wylst er syn wurden skreau…
It wie winter en se sei ‘nee’. De jonge hie in nuete krie, dy’t middeis op him wachte. Woe se him sjen? Se sei ‘nee’ en wist net wêrom. Yn har dreamen wienen gjin jonges mei in krie of mei…
Leafde is in taal want do moatst wurden fine foar ien dy’t by dy past, oars as dy, mar krekt dêrom, net ien yn ‘t algemien mar de útsûndering, net de offisjele spraak, mar lûden út it persoanlik alfabet, taal…
nachts fan út myn waarme bêd fiel ik dy omrinnen troch de went fan myn lea hear ik dy yn petear mei myn gedachten en wit ik dy oanienwei ûnderweis oer de núnderpaadsjes nei myn hert deis achtslein troch de…
Doopje dyn pinsiel yn wetter en begjin mei it blau, it sulverblau fan de see dat de sinne heint, mar likegoed donker en driigjend wurde kin as de stoarmwyn oer de weagen raast en feroaret yn manljus-blau, it blau fan…
mangele tusken elemintêre rivalen heechskouderet de dyk, yn duorjend omtinken ferslingere oan kearen en hâlden. see driuwt sâlt yn stiennen pûsten. fan minsken opsmiten basalten barriêre hoedet droech tsjin oanstoarmjend wiet. syn skeppers út ‘e hân rûn bôget er op…
‘t Wurdt hjerstich oer it fjild de wrâld bestillet ta in frjemde dize pleatsen steane der fersille hinne âld en skier en oan de loft hinget in giele sinne in grouwe spinne gluorket nei har bút mar jûns dan fjurket…