troch: Ytsje Hettinga
Alle dagen rint er mei de hûn by ús foar de finsters del nee, dat sis ik net goed hy rint op ‘e dyk en ik sjoch him troch it rút fan it kajút dêr’t ik oan myn buro sit te húswurk meitsjen hy hat in griene jas oan alle kearen wer deselde en in blauwe broek nea wat oars lange grize hieren stekke him ûnder de mutse wei earder luts de man de hûn sûnt in pear moanne lûkt de hûn de man de lêste wike liket de earm fan de man alle dagen langer te wurden juster tocht ik moarn stek ik de hân nei him op…