Us heit en mem hawwe my teste litten
en no is it dus definityf.
Ik haw ADHD.
Ik bin no dus ‘drok’ en net mear ‘aktyf’.
Us mem folget no in kursus oer ADHD.
Se docht oft ik efterlik bin.
Se praat mei in heech memmestimke:
‘Doch mar rĂªstich leave, hjir, nim noch wat Ritalin.’
‘Do kinst der neat oan dwaan,’
ropt se de hiele dei.
‘Och earme skat,
sit de ADHD dy wer yn ‘e wei?’
En Ăºs heit tinkt dat ik struktuer nedich ha.
Hy drilt my as in echte marinier.
‘Kom, fan bĂªd Ă´f. Earst Ă´fmeitsje wĂªr’tst oan begjinst.
Net omklieme, avesearje, hĂ¢ld op mei dat gepier.’
Skjin myn nocht haw ik derfan.
Sis no sels, gewoan is ek mar gewoan.
Ik bin allinne wat drok. No en!
Wen der mar fĂªst oan.
Want ik haw leaver ADHD as sa saai
wurde as Ăºs heit en mem.
Allinne mar op ‘e bank sitte,
boekje lĂªze en telefyzje sjen.
Nee, jou my dan mar sa’n dei as hjoed:
fuotbalje, keatse, game, efkes del by pake Wyts.
Fierljeppe, spultsjes dwaan en nei skoalle ta op ‘e fyts.
Ik sil jimme fertelle,
fan ien ding bin ik no wol wis.
ADHD?
Dat is it moaiste wat der is.
net earder publisearre